Hoge woorden
fotografy: Hoge woorden, Marrit Jellema

Hoge Woorden: nij poadium foar spoken word yn Fryslân

Produksjehûs Explore the North en Ljouwert UNESCO City of Literature presintearje tegearre mei spoken word-keunstner Marrit Jellema it nije spoken word-platfoarm Hoge Woorden. Marrit programearret en presintearret fjouwer poadiumjûnen mei ferskate spoken word-performers yn De Westerkerk yn Ljouwert.

Spoken word is in literêre presintaasjefoarm mei in tige performatyf karakter. De poadiumjûnen binne enerzjyk en entûsjast en der it publyk hat in grutte rol. De jûnen wurde ôfsletten mei in open mic, dêr’t it publyk sels wurk bringe kin.

Mei Hoge Woorden wolle Explore the North en Ljouwert UNESCO City of Literature it populêre literêre sjenre spoken word in eigen plak jaan yn Fryslân, en makkers de romte jaan om harren wurk sjen en hearre te litten. Op de spoken word-jûnen komt it publyk yn de kunde mei dizze oansprekkende en enerzjike literêre foarm fan wurdkeunst. It platfoarm biedt in unike miks fan lokale (noardlike) en nasjonale spoken word-artysten, mei fêstige nammen en nije talinten. De earste edysje is op freed 14 april yn De Westerkerk yn Ljouwert. De kaartferkeap is los.

Oansprekkende literêre optredens

Spoken word-artyst Marrit Jellema, winner fan de Spoken Award 2019 yn de kategory Lyrics, naam it inisjatyf om it platfoarm op te setten. Se benadere Explore the North en Ljouwert UNESCO City of Literature mei it idee foar de poadiumjûnen. Jellema dêroer: “Spoken word is in tige puere wize fan foardragen, dy’t in protte minsken oansprekt – ek jongeren. Op it poadium wurde ferhalen foardroegen dy’t faak persoanlik en kritysk op de mienskip binne, mei tema’s dêr’tst dy as publyk maklik mei identifisearje kinst. It is in krêftige, dynamyske en ritmyske manier fan foardragen, dy’t yn it noarden noch relatyf ûnbekend is. Dat wolle wy feroarje mei it poadium. Dêrneist hoopje wy oare makkers te ynspirearjen om dizze foarm fan wurdkeunst te meitsjen.”

Ernst Bruinsma, direkteur fan Ljouwert UNESCO City of Literature: “Spoken word is yn opkomst yn Nederlân. Dizze foardrachtsfoarm wurdt yn it noarden oppakt troch in nije generaasje wurdkeunstners, mei ynnovatyf wurk, dy’t wy graach stypje. Mei Hoge Woorden biede wy in poadium om dit literêre wurk hearre te litten en wolle wy wikselwurkingen tusken keunstners fierder stimulearje. Dêrneist wolle wy graach in breed publyk yn ‘e kunde komme litte mei dizze ekspressive foarm fan wurdkeunst.”

Earste edysje Hoge Woorden

De earste edysje fan Hoge Woorden is op freed 14 april yn De Westerkerk yn Ljouwert. Manu van Kersbergen, Elten Kiene, Amara van der Elst, Jan-Willem Poelma en Mees van Rijswijk trede dêr op. Manu van Kersbergen, Elten Kiene en Amara van der Elst binne lanlik grutte nammen yn spoken word. Manu van Kersbergen trede ein 2022 yn Ljouwert op op festival Explore the North en waard mei syn optreden favoryt by it publyk. Elten Kiene jout workshops en is mei-oprjochter fan it platfoarm Woorden Worden Zinnen, dat yn de rânestêd poadiumjûnen organisearret foar wurdkeunst. Amara van der Elst is bekend wurden troch har ynspirearjende spoken word-optreden by de Nationale Herdenking op de Dam yn 2021. Dizze wurdkeunstners trede op njonken de noardlike makkers Jan-Willem Poelma en Mees van Rijswijk. Harren wurk hat in eigen werkenbere styl en tema.

De earste edysje fan Hoge Woorden fynt plak op freed 14 april 2023 om 20.00 oere yn De Westerkerk yn Ljouwert. Kaarten à € 7,50 binne te krijen fia explore-the-north.nl. Dêrnei binne de folgjende edysjes op 7 july, 15 septimber en yn it Explore the North festivalwykein fan 24 – 26 novimber 2023.

Oer Marrit Jellema

Marrit Jellema hat yn 2019 in Spoken Award wûn yn de kategory Lyrics. Yn juny 2021 kaam har spoken wurd-debútalbum Superpersoonlijk út en yn septimber 2021 stie se yn de finale fan it NK poetry slam. Marrit folget sûnt april 2021 it trajekt Urban Arts Talent fan it Fonds voor Cultuurparticipatie, om har fierder te ûntwikkeljen as keunstner. Se jout geregeld poëzij- en spoken word-workshops en is te sjen op poadia yn it hiele lân.

Oer Explore the North

Explore the North is in winterk stedsfestival yn Ljouwert, foar muzyk, literatuer, wittenskip, teater en mear. En in produksjehûs foar makkers út Noard-Nederlân en fier dêrbûten. Explore-produksjes hawwe taal, literatuer en meartaligens as reade tried en binne it hiele jier op ferskate plakken yn it lân en op it ‘eigen poadium’ yn De Westerkerk te sjen.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.