fotografy: Provinsje Fryslân

Hoera foar LF2018, fleanend nei LF2018

ELSKE SCHOTANUS – 

Foar in ferslach soe ik nei de presintaasje fan de sifers fan LF2018, mar ik wie sa ferdjippe yn oar wurk, dat it fjouwer oere waard foar’t ik der erch yn hie. Dan is it moai datst alles folgje kinst op de live-stream fan Omrop Fryslân. Sifers op himsels binne net ynspirearjend, mar dat de besikersoantallen, de partisipaasje fan de befolking en benammen de ekonomyske baten (fier) boppe de ferwachting binne, dat slacht alle kritikasters dy’t kommentaar ha op jild foar kultuer alle arguminten út hannen. Wat falt oars noch op?

 

Sa sil Ljouwert him kandidaat stelle as Unesco City of Literature.

 

Sit myn jaske goed?
Fansels it struien mei wurden as unyk, foldien, bliid en grutsk, alhiel neffens ferwachting. En de nammen: Tjeerd, Oeds, John, Sjoerd, noch in Sjoerd, Lieuwe, Bouwe, Arno en Ferd. Ferd dy’t de ûnderste knoop fan syn jaske los hat en it ambtskeatling sûnder yn de spegel te sjen oer de holle glide litten hie, sá dat it raar oer de revers falt en it kolbert him as in foddesek om it liif hinget. Dan is it net froufreonlik – lit stean feministysk – om Sietske as iennige frou dy’t op it poadium nûge wurdt te freegjen: ‘Siets, sit myn jaske goed?’ Ferd hie Tjeerd freegje kind, dy hat der each foar.

Tjeerd keas foar in gilet, wol sa moai as de saaie blauwe pakken dêr’t manlju yn funksje gauris miene har yn klaaie te moatten. Sjiek, sa’n gilet en kinst makliker mei de earmen swypkje as wannear’tst do dy yn in jaske hyst. Ik ha gjin idee oft er noch op de leanlist stiet no’t 2018 foarby is, mar mocht hy oar wurk sykje dan is kleanadviseur miskien in idee. ‘Sjoerd, jonge, doch op syn minst de knopen los, dan liket dyn jaske sa krap net. Arno, klaaisty as de Kening sels yn dat pak, mar it mei echt wol wat losser, wat modieuzer. Sjoch ris nei Oeds.’ Oeds mei syn kleurige jaskes en fleurige sjaaltsjes falt oars altiten op, mar diskear sil it nimmen heuge wat er eins oan hie. Oare Sjoerd hat twa swarte boesgroenen yn ’e garderobekast, ien foar om it liif, ien foar yn ’e wask.

Dizze Sjoerd is, tegearre mei Lieuwe, kertiermakker foar LF2028 en miskien wol de iennige op it poadium dy’t net allinne mar joechei ropt, mar ek op de swarte rântsjes wiist: it gedonder om it sinteklaasfeest hinne, de gifstoffen dy’t ús lichem ynslûpe, de krimp en ek as it giet om it stribjen nei in fossylfrij Fryslân is der noch in soad te dwaan. As jonge heit fan in famke wit er: ‘Onze legacy is haar toekomst.’ Dêrby jildt 2019 as oerbrêging en wurdt wurke oan it bidbook foar de kommende jierren dat yn juny presintearre wurde sil. Sa sil Ljouwert him kandidaat stelle as Unesco City of Literature. Goed nijs as it slagget. En dit jier sil november festivalmoanne wêze mei, is de bedoeling, de komst fan it Argentijnske selskip Fuerza Bruta en in twadde edysje fan it elkoar fertellen fan ferhalen dêr’t 2018 mei úteinsette.

Foar wa’t der benijd nei is: De Ljouwerter hat alle útkomsten fan it LF2018-ûndersyk op de webside. Yn dit stikje helje ik mar ien sifer oan: 1.600 ynternasjonale kontakten mei 87 lannen. It seit alles oer de ‘iepen mienskip’ dy’t Fryslân wêze wol. Fonteinebouwers, reuzen, skriuwers út oare Europeeske minderheidstaalgebieten, neam mar op en ja, Fryslân luts besikers fan oeral wei. Begryp foar elkoar, kulturele útwikseling en jild yn it laadsje, it is allegear like sinfol. Bouwe, dy’t him ek yn de takomst dwaande hâldt mei Fossylfrij Fryslân, krijt de hannen yn de seal op elkoar foar in stribjen nei erkenning fan Fryslân as ‘Blue Zone’: ien fan de mar in pear regio’s yn de wrâld dêr’t de befolking lang en sûn (lokkich sels?) libbet.

Mar wringt it net ergens, de kombinaasje fan in Fossylfrij Fryslân, in ‘Blue Zone’ dêr’t it sûn libjen is en tagelyk, mei ynternasjonale kontakten en toerisme, ek almar mear fleanoeren? Groeit de wrâld net út har jaske?

 

Sjoch fierder de krekt yn de loft brochte webside LF2028.frl

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.