Ho-ho-ho-oo-oo: boeren tusken 1955 en 1980

GERBEN DE VRIES – 

Us omke Graddus gie net yn alles hielendal mei syn tiid mei. Dat wol sizze, hij buorke goed, mar wegere lange tiid in trekker oan te skaffen. Hy wie in echte hynsteman en brûkte noch oant begjin jierren santich fan de foarrige ieu hynders foar de wein. Swarte Friezen, dy’t simmers in brune rech krigen. Ik wit noch hoe’t it fielde om op in sleep mei hea te lizzen, wylst twa brúnswart swittende Friezen de wein oer de Lange Finne nei de pleats ta rieden. Yn de famylje giet it ferhaal dat doe’t omke dochs in trekker kocht, hy noch altiten tsjin de masjine prate as wiene it hynders. As er bygelyks remme, seid er hiel lûd: Ho-ho-ho-oo-oo …

In ferhaal út it gewoane boerelibben fansels en soksoarte dingen steane der net safolle yn De boer hij investeerde voort. Persoonlijke verhalen over agrarisch ondernemerschap tussen 1955 en 1980 fan Marijn Molema en Binne de Haan. ‘Yn Fryslân en Grinslân,’ hie der noch wol by kind, want de ynterviewde boeren komme út dy beide provinsjes. De Fryske boeren binnen kreas ferparte oer de provinsje en komme út Menaam, Driesum, Ryptsjerk, Easterwâlde, Wâldsein en Sondel. Net fan de eilannen, mar dat is faaks ek in ferhaal apart.

Yn ‘Introductie’ sprekke de auteurs fan skaalfergrutting en yntinsivearring en dat binne yndied de biedwurden fan de neioarlochske lânbou. Jier nei jier gong dêrtroch de molkeproduksje omheech, oant de EEG der yn 1984 mei it kwotumsysteem foar molke in ein oan makke. Neffens de skriuwers folgje hja yn it boek trije ferhaallinen: meganisearring, kultuertechnyk en de tanimmende rol fan de oerheid. De ferhalen geane lykwols foar it grutste part oer de meganisaasje fan it boerenlibben. Dat komt benammen ek omdat de faak al wat âldere boeren dêr yn it begjin fan har wurksume libben it meast mei te krijen hiene. De trekker, de molkmasjine, de skodder en de meanmasjine, de molketank, de lizboks. It binne yn geef Frysk de life events fan in boerenlibben west.

Boeren binne eins noch mar koartlyn echte ûndernimmers wurden, sûnt it molkequotum per 1 april 2015 wer loslitten is. Dochs geane in protte ferhalen yn dit boek oer jild. Willem Schaap, dy’t boer yn Wâldsein waard, kocht fan de foarrige eigner alve kij en de meanmasjine en hie by de lokale RABO-bank 32.000 gûne helle. Dy hie der op it buolguod de hiele tiid hast swittend yn de bûse. Yn 1964 begûn er as boer mei 30 kij, yn dy tiid in bêste feesteapel. Hy hie doe al in molkmasjine en in trekker, in Bukh mei in skipsmotor fan 30 pk. In pear jier letter kocht Schaap ek in ‘doorloopwagen’ sadat er by rein droech melke koe. Om 1970 hinne hie er al 50 oant 60 en eefkes letter sels 80 kij. Dat wie doe al in grutte boer.

Foaroardielen binne sterk, sa docht wer bliken. Bygelyks út it ferhaal fan Lammert van Weperen en Iemie van Weperen-Westra ut Easterwâlde (Oosterwolde) yn Eaststellingwerf. Lammert gong al jong nei de lânbouskoalle, letter ek de middelbere yn Drachten. Syn heit hie foar de Twadde Wrâldkriich al 33 kij en in molkemasjine! Op syn eigen bedriuw molk Lammert earst noch mei de hân 21 kij en hie fierders ek bargen en ferboude er rogge, haver en jierpels. Yn 1965 gong er oer op in puer molkbedriuw. Doe hied er al tsien jier in molkmasjine. De Van Weperens lieten yn 1964 ien fan de earste lizboksbûthuzen (‘ligboxstallen’) fan Nederlân bouwe. Alle foaroardielen fan benammen minsken fan de klaai oer de wat achterlike Stellingwervers binne sa yn ien kear fan tafel feegd. Der kamen sels toeristen út Japan, Frankryk en Dútslân om dizze nijmoadrichheid te besjen.

Noch in lêste opmerking oer dizze ynterviews. De skriuwers hoopje op side 10 dat de ynterviews yn de takomst as boarnen brûkt wurde sille, wêrtroch’t ek de boeren sels in stim krije yn de ferhalen fan de agraryske skiednis. Boeren hawwe al folle langer in eigen stim yn de historiografy fan de lânbou. Los dêrfan is it ek wat tefolle eare foar in beheinde rige ynterviews, want sa djip geane de libbensskiednissen no ek wer net. Wiene de auteurs net sa bekind mei de buorkerij? Op in hiele soad oare plakken binne sokke ferhalen ek al te lêzen en te hearen. It soe foar de skiedskriuwing fan de moderne lânbou nijsgjirriger wêze en hâld ris in searje ynterviews mei (âld-)boeren út ien doarp en doch dat foar ferskate streken. Dan krije je in folle better ynsjoch yn de bedriuwkarren dy’t de boeren de leste desennia meitsje moasten. It is in dreech kerwei dêr’t in universiteit – bygelyks de Campus Fryslân – syn studinten moai op los litte kin.

O ja, yn de literatuerlist miste ik fan Bert Theunissen De koe: het verhaal van het Nederlandse melkvee, 1900-2000 út 2010. Dêr komme de Fryske feeboeren en feefokkers fan de jierren fyftich en sechtich net al te bêst ôf.

 

De boer hij investeerde voort. Persoonlijke verhalen over agrarisch ondernemerschap tussen 1955 en 1980. Marijn Molema en Binne de Haan, Friese Pers Boekerij, 2016. 144 siden, €17,50.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.