fotografy: Marleen Annema

Hans Jouta hie it byld fan Johan Cruijff fergees ek makke

ATE DE JONG –  

It byld fan de held fan syn heit – Hotze Schuil yn Harns – hie hy al makke. Mar it koe noch grutter. Ut fjirtich kandidaten waard hy keazen om it stânbyld fan Johan Cruijff te meitsjen. Meikoarten stiet it byld foar de ArenA.

Hans Jouta makke earder bylden fan ûnder oaren Nienke van Hichtum, Hotze Schuil, Bobby Haarms, Viglius van Aytta en Maarten van der Weijden. It byld fan Cruijff is foar him de kroan op it wurk. Hy is der aardich foar betelle, mar hie ’t fergees ek wol meitsje wollen.

 

‘Ik bin wol reedlik nuchter, mar as it om Cruijff giet net. Dan tink ik: gewoan en nuchter dwaan, dat kin altyd noch wol.’

 

Cruijff en Ajax hearre ta syn alderearste herinneringen. ‘Ik wie fiif, seis jier en mei myn broer Wytse by oerbeppe Geartsje. Oerbeppe wie hartstikke dôf. Doe hiest noch net fan dy lytse gehoarapparaatsjes. Sy hie in grutte toeter foar it ear, dêr moasten wy yn prate. Dan songen wy “Ajax heeft de wereldcup” yn dy toeter. Ajax spile dus doe al in rol yn ús libben.’

‘Heit wie mear op keatsen rjochte, mar dy fûn Cruijff om syn útspraken geniaal. Sûnder heit hie ik Cruijff net makke. Hy hat my altyd en yn alles stimuleard. Nei de Keunstakademy. Romte by him yn ’e wurkpleats, ik mocht syn ark brûke. Hy wie myn beste maat. Ik sis wie, mar heit is der noch, mar hy deminteart. Us mem is twa jier lyn oan kanker stoarn. Heit wie kapot. Doe gong it heel hurd. Us mem hat noch yn Súd-Afrika wenne, dy hiene it hûs ek fol mei houtsnijwurk út Afrika. Dat nimme je dan toch wol wat mei, in soarte fan wrâldboargerskip. Wy tinke net sa bot yn grinzen en fine dingen net sa gau frjemd. Us mem leit op it hôf yn Hegebeintum. Mei it gesicht nei ús ta. Iderien leit oarsom, mar ús mem woe it sa.’

Nei de Keunstakademy yn Grins skreau Hans Jouta him yn foar de stúdzje Keunstskiednis oan de Universiteit fan Amsterdam. De stúdzje wie gjin súkses, de stêd fûn hy ge-wel-dich. Dat frijgefochtene.

‘Ik wie in jûn te stappen en doe trof ik Ajax-supporters. Mei harren gong ik foar ’t earst nei Ajax. Wat yn dy tiid in soad yndruk op my makke: in maat fan ús, Jitze, ferûngelokke. Hy fytste ûnder de nachtbus. Ik ha nei de begraffenis west en dêr leinen allegear Ajax-relatearre dingen by syn kiste. Der wiene in soad supporters.’

Ajax waard syn klup, Johan Cruijff syn held – ek al hie er him noait yn ’t echt fuotbaljen sjoen. Mar de bylden, de ferhalen.

Hans troude mei Doete de Groot, se krigen trije dochters. Elske, de âldste, rekke ek besmet mei it Ajax-firus: ‘At it om Ajax giet, is dy gekker as dat ik it oait west ha. Mei Elske oardeloere derhinne ride, de wedstriid sjen, soms de stêd noch even yn, en dan wer werom. Dat hawwe wy mear as tsien jier dien. Quality time neame se dat hjoed-de-dei.’

Doete lies yn de Metro of de Spits dat se yn Finlân in stânbyld fan Jari Litmanen hawwe woene. Dat soe krekt wat foar him wêze, tocht Hans. Hy socht kontakt mei Geert Kuperus, de man dy’t yn de ArenA de grutste skybox eksploiteart, de Champions Lounge. Telefyzjeminsken, Michelinstjerrekoks, artysten… alles wat pommeranterich is komt yn dy lounge.

Hans Jouta blufte.

‘Ik sei tsjin Kuperus: “Ik haw al in heel geskikt skaalmodel fan Litmanen.” Dat wie net wier. Past miskien net sa by my, dat bluffen, mar ast oan ’e bak wolst, dan moatst it wolris wat taktysk oanpakke. Geert sei: “Kom begjin nije wike mar even del mei dat skaalmodel.” Doe moast ik yn ien wykein in model boetseare … Dat slagge en Geert fûn it prachtich. Hy hat it binnen Ajax oankaarte, mar Ajax spile gjin rol by dat stânbyld yn Finlân – dus dat is neat wurden. Mar Geert sei: “Ik wol dat byldsje wol yn myn lounge hawwe.” Sa is ’t begongen, dik tsien jier lyn.’

‘En doe waard Sjaak Swart santich. Geert sei: “Oars makkest ek in byldsje fan Sjaak. Fynt Sjaak leuk.” Dat ha ’k dien. Sjaak Swart wie ûntroerd en der kaam in foto fan yn it Ajax-blêd en doe krigen se der nocht oan. Michels en Van Basten, de gebroeders De Boer, Koeman, Van der Sar. En ek in byldsje fan Cruijff. Der stean no in stik of tsien bylden fan my yn dy skybox.’

Sa stie Hans by ûnthullingen gauris tusken de goadesoannen en oare miljonêrs yn de Champions Lounge. Earst wat ûnwennich. ‘Doe’t Doete en ik trouden, hie Doete in typmasine en ik hie in pear redens. Dat wie alles. Wy hiene gjin jild. Mei Elske yn ’e bus nei de biblioteek – dat wie ús iennige útsje. En dan stiest dêr yn sa’n skybox tusken de pommeranten… Mar it went ek wol wer gau. Ik betocht: mannen lykas Johan Cruijff en Sjaak Swart komme ek ergens wei, dy binne ek net yn in Armanipak berne.’

‘Yn 2010 mocht ik in stânbyld fan Bobby Haarms meitsje, de hersteltrainer. In klupikoan mei in prachtige karakterkop, krekt as Hotze. Hy genoat ek wol fan ’t libben, dat kinst yn syn gesicht weromsjen – syn bynamme wie Bobby Ballantine.’

En doe stoar Johan Cruijff.

Hans rûn mei syn trije dochters mei yn de betinkingstocht. Troch Betondoarp nei de ArenA, lâns Cruijff syn âldershûs. Dêr lei, tusken alle blommen, ek in Feyenoord-sjaal. En dy fanatike Ajax-supporters lieten ’m lizze. It rekke Hans.

Doe’t de namme fan de ArenA feroare waard yn Johan Cruijff ArenA naam de supportersferiening it inisjatyf foar in stânbyld. Mar der wie al kontakt lein mei Kees Verkade, dy’t ek it byld makke hat fan Johnny Jordaan.

Hans: Ik tocht: godferdomme, mar ik wol it byld meitsje. Ik siet yn it stadion en frege my ôf: Hoefolle byldzjend keunstners soene hjir sitte? Miskien bin ’k de iennige wol. En doe ha ’k dy troef spile: “Ik bin suppórter”. Ik sei: “Ik sit al jierren op in telefoantsje te wachtsjen.” En dat wie eins ek wol sa.’

‘Dan tinkst: ik ha in streepke foar, want se kenne my, mar dat kin ’m ek tsjin dy keare. Ik krige allinne mar fan datsoarte spookbylden. Ik waard helendal gek. Us mem wie dat jier stoarn, ús heit rekke yn in fersoargingstehûs, wy ferhuzen, wiene 25 jier troud … Wy seine: “Wy gean in wike nei Spanje mei de bern. Even der helendal út.” Wy wiene krekt in pear dagen oan ’t bykommen, kaam der telefoan út Amsterdam: “Hans, je zit bij de laatste vier, we willen volgende week een pitch.” Ik moast in skaalmodel meitsje, mar ik siet yn Spanje. Ik woe fuort wol wer werom.’

De fakânsje wie ferknald.

‘Doe moast ik betinke wat ik yn dy pitch sizze soe. Oefenje mei de bern. “Heit moat it klupliet sjonge”, seine dy. Op himsels net sa’n gek idee trouwens, want sjongen ûntspant. Mar ik kin helendal net sjonge. Ik ha ’t net dien, mar ik haw wol ferteld wat de dochters seinen. Letter seinen dy Amsterdammers: “Toen had je al gewonnen.”’

‘Nei de pitch bin ’k yn ’e auto stapt. Underweis moast ik pisje. Mar ik koe hast net út ’e auto komme. Ik hie troch de spanning in soarte fan akute hernia oprûn. Ik koe niks mear, ik bin gewoan ynstoart, ik wie op.’

‘Ik hie yn Amsterdam in skaalmodel achterlitten. Dat wie taktyk. At de oare keunstners sketsûntwerpkes achterlitte en ik in skaalmodel, dan krijt myn wurk mear oandacht. In skaalmodel kinst net ûnderoan in steapel lizze.’

‘Doe’t ik de opdracht krige, ha ’k flokt en gûld. Elske moast ek ferskriklik gûle. Wy moasten allegear gûle. Doete ek. It hele gesin hie dêr nei ta libbe. Ik hie ek wol sa’n gefoel fan: at dit fout giet, hoe moat ik dan noch fierder? Dan hat it gjin sin mear om bylden te meitsjen. Dan sit ik straks ergens yn in rêsthûs en dan bin ik Cruijff misrûn. Dat sil my toch net gebeure? 25 jier lyn skyn ik al sein te hawwen dat it myn grutte dream wie om in stânbyld foar Cruijff te meitsjen. En no kaam dy dream út.’

De klus is goed betellle. ‘Mar,’ seit Hans, ‘fergees hie ’k it ek dien. Us heit hat altyd sein: “It is mar jildfertsjinjen.” Der binne wichtiger saken as jild. En in stânbyld fan Hotze of Johan Cruijff meitsje – dat binne sokke saken.’

‘Wêrom’t Cruijff my sa rekket? Fanwege syn ûnneifolchbere fuotbal. Fanwege it trajekt dat hy ôflein hat. Hy hat syn heit jong ferlern en syn mem makke de klaaiboksen skjin by Ajax. Sa kaam hy dêr binnen. En jierren letter is hy de earste Nederlânske superstjer. Nim dêrby it Amsterdamske “straatschoffieachtige” libben, syn manier fan dwaan – dat fyn ik prachtich. Sjoch, hy hat himsels geweldich ûntwikkele, maar Geert Kuperus hat in shirt fan him yn ’e Champions Lounge mei syn hantekening derop en “Bedankt Geerd”. En dan skriuwt er “Geerd”, mei in d. Dat is Cruijff.’

‘Ik bin wol reedlik nuchter, mar as it om Cruijff giet net. Dan tink ik: gewoan en nuchter dwaan, dat kin altyd noch wol.’

‘Ik ha wekker lein fan it byld. Ik begong ek oan mysels te twifeljen, at ik it noch wol koe. Wat skriuwers dan hawwe: sa’n soarte fan writers block. Soe ’t my wol slagje? Je binne je derfan bewust dat iderien der straks wat fan fynt. Dy druk moast fuortsakje – dat naam tiid. Ast in byld makkest, dan krijst dy tiid, want der sit in heel soad gewoan wurk yn. In frame meitsje, laskje, de maten nimme, skaalmodel útfergrutsje, en mei pur en pikegaas oan ’e gong – dat is gewoan wurk. Dan stadichoan nei ’t finetunen ta en dan wurdt it Cruijff. Dan is ’t model klear en kin it nei de brûnsjitter.’

‘Dêrnei it laskjen en slypjen. Achterinoar wie it byld swart, dûnkergriis, goudkleurich, gifgrien en dûnkerbrún. En doe koe Johan Cruijff de Ofslútdyk oer. It fielde ynienen ferrekte leech yn de wurkpleats. Hokker Johan it wurden is – de wizende, fersnellende, pratende of dûnsjende – bliuwt geheim oant de ûnthulling. Dat is kontraktueel fêstlein.’

‘Bin ik no yn syn siel krûpt? Miskien op ’t lêst. Heel lang is dat net sa. Dan is ’t gewoan klaai. Mar op ’t lêst hie ’k dat gefoel wol. As ik dan it kleedsje derôf luts tocht ik: hy sit deryn. At dat no keunst is? Ik wit it net en ’t kin my ek neat skele. Ik haw Cruijff makke. Ik wol dat it byld de minsken rekket en at dat sa is, dan is ’t slagge.’

‘Ik wit wól dat ik it byld mei leafde makke haw. Berber, ús jongste, hat my holpen – komst wolris even in hân tekoart – en dat wiene de moaiste mominten. Ast it byld net mei leafde makkest, krijst it trouwens ek net foarelkoar. Fansels, it is in byld, Johan stie hjir net echt foar my. Mar at ik him yn ’e eagen seach, dan hie ik ’m wol heel ticht by my. En dan hâlde ik fan ’m.’

‘Ien frege my: “Foar wa hast it byld no makke? Foar Cruijff, dyn ego of jim heit?” En ja – earlik is earlik – seker ek foar myn ego. Mar miskien toch yn ’t foarste plak foar ús heit. Je kinne it sa net regisseare, mar ús heit is de man dy’t it fanôf de kleuterskoalle op ’e rit set hat, hy is de spil yn it hele gebeuren. Dêrom hoopje ik dat hy mei kin nei de ûnthulling. Dat hy it noch snapt. Dat soe fantastysk wêze. Foar Bobby Haarms hawwe wy tegearre de fundearring lein. Hoe moai hy dat fûn. “Hans, hoe is ’t toch mooglik dat wy hjir tegearre yn Amsterdam oan ’t wurk binne!” Dêr rekke hy net oer útpraat.’

 

Dit ynterview stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 1, 2020

Comments
Ien reaksje oan “Hans Jouta hie it byld fan Johan Cruijff fergees ek makke”
  1. Ate de Jong schreef:

    De heit fan Hans is yntussen overleden. Jan Drost, ien fan syn beste maten hat him mei hynder en wein nei Hegebeintum brocht. Dêr lei hy no – fansels ek mei it sicht op Ferwert.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.