Greetje Bijma – de keunst fan it oerlibjen

BART KINGMA –

Eins hâldt Greetje Bijma hielendal net fan praten oer har muzyk. Prate is it fergees besykjen om wurden te finen foar in gefoel dat se folle leaver oerbringt mei klanken dy’t har streekrjocht út de siel wei komme. Dêrom fynt se it lûd ek spannender as it liet. It liet komt út de holle wei, it lûd komt út de búk wei. Dat is earliker, direkter.

Guon minsken begripe en herkenne dat, en ha grutte wurdearring foar har stimkeunsten. Mar dat is in selekt publyk. Minsken dy’t net fiele wat sy fielt, hawwe muoite om har te folgjen. Greetje hat dêr frede mei, se wit dat se no ienkear eigenskippen hat dy’t net by alle minsken oanslute. It is mar sa. Likegoed ha de measte minsken in pear eigenskippen dêr’t sy it sûnder stelle moat: it fermogen om it gewoane, deistige libben te libjen en te akseptearjen. Boadskippen dwaan, praatsjes pot oer it waar en de benzineprizen – it slagget har mar min.

Froeger – ja, it is al mear as tsien jier lyn – wie de sûne en fitale Willem Bekius net allinnich har grutte leafde, mar ek har manager, har boadskipper en sjauffeur. Sadat sy har rjochtsje koe op har unike talint en gjin enerzjy hoegde te fergriemen oan al dy omballingen. Mar dat wie froeger. No moat se it sels dwaan. Sels betinke, sels regelje, sels it deistige libben libje. En dat falt net ta.

Mar se hat har stim en der is de natuer. De lûden fan de see en de beammen, de strielen fan de sinne en fan de ierde, it binne de enerzjyweagen dêr’t se mei boartet. Se sjongt der tsjinyn, dermei mei, deromhinne. Mar se sjongt. En dan is it goed. Dy krêft, fan de natuer en fan har, dy bliuwt wol. En hâldt har oerein. As in machtich strieljende fjoertoer yn it tsjuster.

Fiel de Nacht mei Greetje Bijma. Tongersdei 4 jannewaris op Omrop Fryslân Telefyzje, 17.15, 18.15, 19.15 oere ensafh.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.