fotografy: Bleecker Street via AP

Going limbo – Down in Acapulco

ARJAN HUT –

De earste sêne seit hiel wat, sa net alles oer de film Sundown. Neil (spile troch Tim Roth) sjocht nei in stel stadich stjerrende fisken op it dek fan in lúkse jacht.

Hy is op fakânsje yn Acapulco mei syn sus Alice (Charlotte Gainsbourg) en har beide, al hast grutte bern Colin en Alexa. We sjogge sênes fan Neil, dy’t ferfeeld yn in swimbad omdobberet, de bern dy’t cocktails drinke, sinnebaaie, út iten geane. In soad praat wurdt der net, mar it mei dúdlik wêze dat jild gjin probleem is. Neil driuwt mei op de stream, liket folslein passyf. Dan komt in tragysk berjocht fan thús en moat de famylje op stel en sprong nei hûs ta. Op it fleanfjild beart Neil dat er syn paspoart yn it hotel lizze litten hat en hy bliuwt achter om te sykjen, ta grutte frustraasje fan syn suster.

Acapulco liket sa autentyk as Center Parcs, behalve wannear’t de landerichheid trochbrutsen wurdt troch in brute moardoanslach.

De Meksikaanske regisseur Michel Franco lit foaral de bylden sprekke. In soad wurdt der net praat, al hielendal net troch Neil, dy’t like letargysk as foarhinne deselde dingen docht. Bierkes drinke en dommelje op in terraske oan it strân. Ut iten. In taksysjauffeur, Jorge, bringt him nei in oar hotel en funksjonearret as syn persoanlike assistint. Neil krijt in relaasje mei Berenice, in frou dy’t yn in suterich winkeltsje wurket dêr’t se badklean en drinken ferkeapje. Net dat Neil iennich inisjatyf nimt. De minsken om him hinne binne freonlik, en o sa tasjitlik, mar binne se allegear te betrouwen?

Yn Sundown liket Acapulco sa autentyk as Center Parcs, behalve dan op dy mominten dat de landerichheid trochbrutsen wurdt troch in brute moardoanslach. It binne skrikmominten dy’t koart reuring feroarsake, as in grauwe stien dy’t hommels yn in poel plûnzet. Hjir en dêr rinne swierbewapene plysjes, Neil nimt noch in bierke en frijt nachts plichtmjittich mei Berenice. Wat giet yn him om?

Alice hat nei in pear dagen wol yn ‘e gaten dat har broer net weromkomt. Se siket him op, tegearre mei famylje-advokaat Gerard. Neil wurdt der net oars om, en wylst om him hinne de saken hieltyd mear út de kloeren rinne, bliuwt er syn eigen gong gean. Hy docht tinken oan Meursault yn Camus syn L’Etranger, ûnôfhinklik en frij fan alles om him hinne. Dat is net sa, Neil kiest syn paad bewust en is yn syn loslitten earder tragysk as ûnôfhinklik. Pas as er fan moard beskuldige wurdt, lit er emoasje sjen, al is it net fanwege de beskuldiging. 

Tim Roth draacht dizze film op oertsjûgjende wize, aktearret suver mei syn aura, want sawol taal as gesichtsútdrukkings wurde minimalisearre. In lytse film oer grutte tema’s, libben en dea, famyljegeheimen en sosjaal ekonomyske ûngelikens. Bylden dy´t it gefoel achterlitte dat de dingen no ienkear gebeure, wy driuwe inkeld mei op de stream fan it bestean. Lykas Neil? Hy is by einsluten dejinge dy’t út de stream stapt, as in fisk op it drûge falt, nei libben hapt.

Sundown is ûnder oaren noch te sjen de kommende wike by Slieker Film yn Ljouwert.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.