God yn Frisia

GERBEN DE VRIES –  

In jier as alve lyn wie ik op fekânsje yn Brasilië, yn ien fan de moaiste natoergebieten fan de wrâld. Dêr yn de Pantanal koene wy op de fazenda van Bonifacio ûnder mear hynderride tusken de kaaimannen en de kapibara’s. Ik ha my doe fansels wolris ôffrege oft de boer eins wol in idee hie nei hokker hillige er ferneamd wie, mar Bonifacio hie sa te sjen mear niget oan it drinken fan kâld bier.

Bonifatius wie de bekindste missionaris fan Fryslân of better sein Frisia, want mei dat wurd wurdt it hiele gebiet yn Noard-, West- en Midden-Nederlân yn de iere Midsieuwen no oantsjutten. Hy is fansels sa bekind wurden omdat er yn 754 troch in keppel Friezen deaslein waard en fuortdaliks as marteler hillich ferklearre waard. Dêr witte se no yn Dokkum noch alles fan.

Yn ‘Hoe God verscheen in Friesland. Missie en macht in Frisia’ beskriuwt Dirk Otten de trage kerstening fan Frisa. Otten is nammekundige en hat ek in boek skreaun oer de Angelsaksyske missionaris Lebuïnus, dat hy is aardich ynfierd yn de matearje. De titel is fansels in fette knypeach nei it boek fan Geert Mak oer Jorwert. It boek sels fytst nei in stevige ynlieding troch nei de beskriuwing fan ienentweintich missionarissen dy’t fan begjin sande ieu oant midden tsiende ieu de Fryske lannen besochten.

Dirk Otten sjocht Frisia rom, siz mar fan Swin oant Weser. Yn it suden, ten suden fan de Romeinske linys, wie de befolking al folle earder yn ‘e kunde kaam mei it kristendom. Yn it noarden holden de minsken lykwols lang fêst oan har Germaanske goaden en rituielen. It is eins hiel nuver, mar dêr witte wy noch altiten it measte net fan. Ek Dirk Otten weaget him der net oan. Faaks hie er syn soan, thrillerskriuwer Almar Otten, ris freegje kind, want dy soe nei alle gedachten sa allegear aspekten fan de Germaanske religy optinke kinne. Yn alle gefallen wurdt ek út dit boek wol dúdlik dat it kristendom net samar de herten fan de noardlike bewenners fan de kwelders oertsjûgje koene.

Ik meitsje no even in lyts utstapke nei de moderne tiid en wol nei Irak en Syrië. Dêr hat de jihaddistyske organisaasje ISIS (frij oerset as de Islamityske Steat fan Irak en Syrië) mei gewelt in eigen kalifaat yn it libben roppen. Kristenen, jezidi’s en sjiieten wurde fermoarde of bekeard. Dat lêste bart net omdat se de teology fan de ISIS folle moaier en djipper fine, mar puer troch de eangst foar geweld. De measte ‘bekearden’ soene der oars ek neat by winne, benammen froulju net. Dat jilde yn de sande en achtste ieu fansels ek foar de Friezen. Hja hiene har eigen religy en salang’t hja eigen baas wiene, hiene se gjin reden om in oare kar te meitsjen. Ek sille de foarmannen fan de Friezen yn it earstoan domwei net folle begrypt hawwe fan it kristendom. Dat wie sa’n folslein oare fisy op libben en dea dat it foar de minsken yn dizze omkriten earder bespotlik as oanloklik wie.

Pas doe’t de Franken militêre hieltyd sterker waarden, kaam it kristendom ek geografysk tichterby. Ek dat wie lykwols yn ’t begjin gjin lykmjittich proses. Friezen en Saksen sloegen de Franken somtiden desennia lang oer de rivieren werom. Yn dat locht wie it tige opfallend – en troch Otten ek net echt ferklearre – dat de noch noardliker libjende Fikingen de Franken faak de baas wiene en dochs earder en op frijwillige basis oergiene nei it kristendom. Pas yn de njoggende ieu krigen de Franken ek yn wat no Noard-Nederlân hjit de oerhan en koe it kersteningsproses echt út ein sette.

Otten lit ek moai sjen dat it missionarissen as Bonifatius net allinne gie om de ‘heidenske’ Friezen te kerstenjen, mar dat it ek om machtspolityk tusken ferskate farianten fan it kristendom te dwaan wie. It Iersk-Skotske kristendom wie rûchwei basearre op kleasters en it Angelsaksyske en Frankyske kristendom op bisdommen. De benammen letter meastentiids Angelsaksyske missionarissen grouwelen fan de ‘ûnbeskaafde’ Franken en woene suvere roomsk-katolike, en dus eigen bisdommen foarmje. De Frankyske keningen wiene ek de baas oer har biskoppen en dat sinde de Angelsaksen net. De paus yn Rome hie lykwols no ienris gjin divyzjes yn Noardwest-Europa, om mar in knypeach nei in útspraak fan Stalin te meitsjen en dus wûn uteinliks de Frankyske fariant. Ut dit boek wurdt ek dúdlik dat it wurd fan God hiel wat hurder ut Frisia ferdwûn as dat it tûsend jier earder mei lange tuskenskoften kaam wie.

 

‘Hoe God verscheen in Friesland. Missie en macht in Frisia’, Dirk Otten. Deventer Universitaire Pers, 237 siden, EUR. 19,55.

 

Comments
Ien reaksje oan “God yn Frisia”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.