fotografy: Tialda Hoogeveen

Go fuck yourself Russian warship

Dizze foardracht is skreaun foar de middei foar Ukraïne yn Neushoorn op sneontemiddei 12 maart, organisearre troch Oksana Fedorak. Der wiene ferskate sprekkers en in feiling. De opbringst giet nei Giro 555.

Go fuck yourself Russian warship

(In ateistysk gebed)

Leave God
Myn namme is Arjan Hut
Alle dagen hast
rin ik by it âlde stadion fan Cambuur del
dêr’t in plakkaat op de muorre seit
‘t geel en blauw zit in ons bloed
it soarte fan byldtaal
dêr’t ik oars beroerd fan wurd
as taalgefoelige.
Read is myn bloed!
Mar hjoed
pas ik my oan en troch myn ieren
streame de kleuren giel en blau.
De kleuren fan Ljouwert.
De kleuren fan Alaska.
De kleuren fan Sweden en fan Cambuur.
De kleuren fan de flag fan hiel Europa!

Myn namme is Arjan Hut.
Ik ha allinne wurden.
Dit is net myn echte gedicht.

Ik soe nea soks dichtsje as:
“In batterijsoer kotsende Putin-slikker
dy’t fan it Haachske plúsje ôf
syn pr-fingerkes krûm twittert.”

Tiny Mulder seit:
“Tirannen klappe wurden om ta leugens.”

Lou Reed seit:
“You reap what you sow.”

De fredesdowen
fan it ferline
hienen de oanstriid om fier foar har tiid
te stjerren troch
de magyske kûgels fan iensume gekken
of in haperjend fleantúch boppe de jungle
mar de tsaar fan de frede libbet noch.

Dêr’t ik sei: ‘frede’
bedoelde ik: ‘novichok’.

In Amerikaan koartlyn op Twitter:
“I wake up
Check on Zelenskyy
Hope he is alive
Then I start my day.”

Moarn begjint de oarloch dy’t juster al begong.
Oarloch is in paradys foar psychopaten.
Se krûpe út har tsjuster as it gedonder klinkt.
Se krûpe en swaaie mei
hoekige symboalen
rjochte linen, skerpe kanten, gjin romte om ôf te bûgjen
nerges plak om ôf te wiken
mear fermomming is net noadich
en se neame harsels ‘frijheid’ of ‘demokrasy’.

Tiny Mulder seit:
“Hâld in skalk each op it wurd
sadree’t frijheid
op en sigen stiet.”

Martin Luther King seit:
“What you reap is what you sow’

Moarn as de oarloch komt dy’t juster al begong.
Ik ha allinne wurden.
Ik bin de sterkste.

Ik wenje op it eilân frijheid.
Dêrom bloei en rotsje ik al 46 jier.
Gjin boaten fan bûten lizze hjir oan.
De haadstêd slommet oan de foet fan in fulkaan.
Ik offerje reekplommen oan de goaden.
Mister Lava, Lava, smook kachelt troch myn longen

mar bûten is de loft seefeardich en blau!
De grûn ûnder myn fuotten is myn brêge fan goud.

In brêge nei moarn.
Ik ha allinne wurden.
Dit is net myn gedicht.

Dit sei in fakkefuller:
“Weet je welk schap nooit leeg is?
Vriendschap.”

Ik tink oan de feteraan, dy’t
it filmhûssealtsje útstrompele, de earm om syn frou dy’t him stipe,
it wie healweis in film oer Srebrenica.

Us Line seit:
“Dichtsje is ateistysk bidde.”

De sinne sil har aansten deljaan op in iepen plak yn de nacht.
Ik ha allinne wurden.
Ik hear by it slach minsken
dat fetsoenlik oan in sliepende kat freget:
“mei ik asjeblyft even op myn eigen stoel sitte”
om dan skouderopheljend en nei in aai oer it kopke
in oar plak te sykjen.
Wat kinne wy ús foarstelle by it binnenfallen fan in lân?

‘Het gedonder van honderden horizonhonden
Tanks en kanonnen blaffen uit wonden’.

Galaten 6, vers 7:
“Vergis u niet, God laat niet met zich spotten: wat een mens zaait, zal hij ook oogsten.”

De wrâld is net te lêzen, de ierde is yn fluks, seit Louise Glück,
“unreadable, the winds shifting”, de grutte platen skowe en feroarje
net te fernimmen sa stadich.

Joost Oomen seit:
“Je slaat mij met een bloempje.”
(ploem ploem)

Hâld dizze takomst beet: ivich sinneljocht
op in middei oan in selsbetochte see. De bern
ferdigenje har eilân yn de tiid mei plestik swurden.
Datst se laitsjen hearst, “Go fok yourself, Russian warship!”
Dêr te sitten, oan dy skerpe kust. Fiele hoe’t djip yn dyn wêzen de golven brekke.
Hoest dyn bleate teannen iepenhellest oan it skerp fan in skulp.
It skom spat by de klippen op.
In spoar fan sâlt kronkelet werom nei de ruïnes.

Alle dagen hast rin ik
by it âlde Cambuurstadion del.
Ik ha allinne wurden

en in heale minút?

Dêr’t ik ‘eilân’ sei, bedoelde ik ‘slangen’.

Dêr’t ik ‘dapper’ sei, bedoelde ik ‘bang’.

Dêr’t ik ‘dowen’ sei, bedoelde ik ‘Kennedy’.

Dêr’t ik ‘bern’ sei, bedoelde ik ‘Zelenskyy’.

Dêr’t ik ‘Kiëv’ sei, bedoelde ik ‘Kyiv’.

Stop de tijd.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.