Gjin sliep oant Easterein

ARJAN HUT – 

Freddie Scheltema is hikke en tein yn Eaterein en brocht sûnt 2010 trije boeken útt: De Reüny, De Keet fan Anna en Tralies. Mar njonken skriuwer is hy ek rocker en is al sûnt ein jierren santich warber yn de muzyk. Hy makke alris in plaat mei de groep Commoin Brains en brocht as solo-artyst it album ‘Fjoer en Wetter’ út. Dy platen ha ik noch nea heard, dat dêr kin ik neat oer sizze. It nije ‘Freddie Scheltema en freonen’ draait hjir al in pear dagen en makket my wol nijsgjirrich nei wat dit multytalint earder dien hat.

 

‘Sinne net ferjitten’ en ‘As ik oan dy tink’ driuwe op rake gitaarrifkes en it oargel pompt smout mei, hearlik.

 

Muzikaal kin ik koart troch de bocht: Scheltema is in rocker, mei de woartels yn de jierren sechstich en santich. Dat wol net sizze dat dit album ‘retro’ klinkt, it is earder maklik te behappen radiorock mei krekt in raffelrantsje. It sit earne tusken Johannes Rypma en it duo Weima & van der Werf yn. No binne Rypma en Weima & van der Werf wol sterkere sjongers as Scheltema. De Eastereiner rêdt him der mei, mar syn stim jout de ferskes net wat ekstra’s.

De freonen, dat binne Gerrit Hingst (gitaren), Simon-Paul Strikwerda (drums) en tûzenpoat Sytze Verbeek (bas, toetsen, arranzjeminten, produksje, ensafh!). De njoggen ferskes binne allegear skreaun troch Scheltema, op ien nei, ‘Noch ien dei’ is fan Bob Dylan, al ha ik earlik sein gjin idee wat it orzjyneel is. In lekkere strakke rocker fierders, noflik ynboargere tusken de nûmers fan eigen hân.

Njoggen ferskes, dik 32 minuten, dat is in moaie âlderwetske albumlingte. En al is it in cd, dochs ha ik it gefoel dat mei nûmer seis, ‘Sinne net ferjitten’, kant B begjint! ‘Noch ien dei’ wie op kant A foar my it hichtepunt, op de ommeside giet it nivo in stikje omheech en dêr fynt men wat my oanbelanget de sterkste lieten. ‘Sinne net ferjitten’ en ‘As ik oan dy tink’ driuwe op rake gitaarrifkes en it oargel pompt smout mei, hearlik. ‘Siz dat it net wier is’ (sic) is mei hast seis minuten it langste stik en hat in lekkere The Who-achtige drive.

Freddie Scheltema en freonen (cd) útbrocht yn eigen behear is ek te beharkjen op Spotify.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.