In nije Moanne

Publisearre op 4 december 2020

It is tiid foar in nije koers by de Moanne. Ynhâldlik, organisatoarysk en yn foarm. Tialda Hoogeveen nimt mei yngong fan 1 jannewaris takom jier de einredaksje oer fan Sito Wijngaarden, dy’t 10 jier lang dy funksje útfierd hat. Dêrneist ferhuzet it blêd fanút de Afûk nei in nij ûnderdak yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. It tydskrift sels bliuwt it poadium foar kultuer en keunsten yn Fryslân en sil faker fan him hearre litte, op mear ferskate plakken.

Mei yngong fan 1 jannewaris start ek de nije beliedsperioade foar de Moanne. De kommende jierren wolle wy ynsette op nij talint, de Fryske taal en identiteit, debat en maatskiplike tema’s, en wolle we eksperimintearje mei de ferskiningsfoarm fan de Moanne. Dat kin in literêre jûn wêze, in dichtbondel, in eksposysje of in dokumintêre. We sille dêryn hieltyd de gearwurking sykje mei kulturele ynstellingen yn Fryslân, lykas Tresoar, Afûk, City of Literature en musea. De provinsje Fryslân is ek foar de kommende fjouwer jier ús grutste partner yn de realisaasje fan dy ambysjes.

de Moanne is it algemien-kulturele en literêre tydskrift dat funksjonearret as in poadium foar kultureel Fryslân. de Moanne docht ûnôfhinklik, kritysk en belutsen ferslach fan kultuer yn Fryslân. De kultuer, it klopjend hert fan Fryslân, is faak flechtich, in toanielstik of in foardracht is mar foar even. En tagelyk is dat hert der altyd, yn ús mienskip, ús tinken, ús dwaan. It platfoarm de Moanne is in permanint dokumint fan dat kulturele hert. Wy wolle dat hert fielber meitsje troch ús webside, nijsbrieven, it tydskrift en alderhande ferrassende oare foarmen dy’t we meitsje, yn gearwurking mei it fjild. Dêrby is it platfoarm der foar de kulturele makkers as eigen poadium, we wolle in plak biede foar skriuwers, nij talint, om har uterje te kinnen. de Moanne wol dêryn entûsjasmearje, ferbine, befreegje en oanjeie.

De redaksje fan de Moanne bestiet út Arjan Hut, Eva Meesterberends, Eelco Venema, Robea Kleisma, Raymond Muller en Henk te Biesebeek. Einredaksje per 1 jannewaris Tialda Hoogeveen, haadredaksje Amarins Geveke. Foarmjouwing BWH ontwerpers Ljouwert, print en fersprieding Van der Eems Easterein.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels