Fan de oare kant besjoen

GERBEN DE VRIES – 

De lêste tiid wurdt der in protte diskussiearre oer de negative kanten fan it ‘kolonialisme’. Guon lju fine dan daliks dat stânbylden en strjitten, dy’t bygelyks ferwize nei J.P. Coen, ferdwine moatte. Der falt fan alles oer te sizzen, mar dêr’t it yn wêzen om giet, is dat der altyd minstens twa kanten oan in histoarysk ferhaal sitte. Yn de koloniale gefallen giet it dan fakentiids oer dieders en slachtoffers.

 

De komst fan de Hollanners wie al bekend, want op de wâl waarden hja opwachte troch in partij Friezen.

 

Somtiids giet it lykwols om twa partijen dy’t streekrjocht tsjininoar oer stean. Dat wie foar my in soarte fan byfangst, doe’t ik it nijste boek fan Frits van Oostrom lies, Nobel streven. Het onwaarschijnlijke maar waargebeurde verhaal van ridder Jan van Brederode. Dat klinkt hast as in ferhaal fan Garcia Marquez. De Van Brederode’s wiene machtige ridders yn it graafskip Hollân. As sadanich seagen hja nei de Sudersee mei hiele oare eagen as de minsken oan de oare kant fan dit wetter. In omke fan Jan van Brederode wie yn 1345 by de slach by Warns sneuvele. Neffens de kronykskriuwer Jan van Leiden wie de stamheit fan de Van Brederode’s, Siegfried, sels troud mei in Friezinne en om dy reden koe Brederode sels ûndúdlike oanspraken meitsje op besit yn de Fryske lannen.

Hawar, oan de ein fan de 14e iuw fûn de Hollânske lânshear Albrecht fan Beieren it wer ris tiid om oan de oare kant fan de Sudersee de Friezen moares te learen. Der wie eare te beheljen, kriichsbút en wa wit grûngebiet en nije lienmannen. Yn 1396 soe it heve. De froulju fan de Hollânske ridders huveren, want yn 1345 hiene 500 Hollanners de dea fûn. Yn stee fan har finzen te nimmen en in soad losjild te freegjen, hiene dy heal-heidenske Friezen doedestiids de ridders de hollen ôfslein en op peallen stutsen, ‘als uitdrukking van horror en triomf’, sa’t Van Oostrom plastysk skriuwt.

 

Bleate kont
Ein augustus 1396 stuts in float van 150 skippen de Sudersee oer. Net minder as 10.000 manskippen kamen oan lân by Kuinre, flak bûten de Fryske lannen. Der sieten in soad hierlingen by en ien fan har wie in Ingelskman mei in sulveren kin. Dat die my tinken oan de smjunt Jaws út de James Bondfilms. De komst fan de Hollanners wie al bekend, want op de wâl waarden hja opwachte troch in partij Friezen. Dat fernuvere my wat, want yn in lân sûnder hear is de organisaasjegraad meastentiids net al te heech. De opfallendste Fries wie in Friezinne, in frou dy’t fanôf de wâl de oanfallers har bleate kont sjen liet. Miskien wurdt se no noch wol as patroanhillige fan alle hooligans fereare. Yn alle gefallen wiene de Hollanners sa lilk, dat har achterwurk mei pylken troch singele waard. In moai begjin fan de oarloch. Jan van Brederode wie der ek by, krekt ta ridder slein. Dêrnei waarden de Friezen, numeryk en kwa bewapening yn mindertal, ferslein. Dat wiene dan ek gjin soldaten, mar gewoane boeren mei reau as wapens.

Op de ien of oare wize hie Albrecht van Beieren doe eins gjin idee wat er fierder dwaan moast. Nei alle gedachten hie de graaf gjin echt striidplan. It is yn de 21ste iuw dreech foar te stellen, mar de minsken hiene yn de midsiuwen gjin lânkaarten. De graaf en ek Jan van Brederode iysten út eigen waarnimming hoe’t West-Fryslân der sljochtwei hinne lei. Fan Fryslân sels hiene hja mar in hiel algemien byld. It soe ryk wêze, mar  ek wiet en ûntagonklik. En de kar foar Kuinre en doe Lemmer wie in ferkearden ien. De tierige stêden en doarpen leine in stik fierderop. Fan in eardere stúdzje, Grenzen aan de macht. De Friese oorlog van de graven van Holland omstreeks 1400  (1993) fan Antheun Janse, learde ik lykwols dat der wol deeglik in plan west hie ek fia Dokkum Fryslân binnen te fallen. No taaide it grutte leger al nei tsien dagen ôf, werom nei Hollân. In djoer fersetsje.

 

It soe heve
In pear jier letter wie it opnij raak. Yn july 1398 gongen net minder as 15.000 mannen op 200 skippen rjochting Fryslân. It moast goed fan iten en drinken wêze, dat hja namen 11.000 fetten bier en it fleis fan 2000 kij mei. Op fjouwer skippen waard op tweintich ovens bôle bakt. It soe heve en diskear wie de tarieding better. De soldaten fearen nei De Lemmer en marsjearren oer de sângrûn fan Gaasterlân nei Starum. Hoewol’t de Friezen in reus yn har midden hiene dy’t in soad Hollanners deasloech, wie it gau dien mei it ferset yn Starum. De Friezen erkenden de graaf as har rjochtmjittich hear. Van Oostrom, en ek Janse trouwens, meitsje net goed dúdlik wêrom’t dat sa maklik gie. Ien stêd wûn is ommers noch net de kriich wûn. Wol waard der alfêst in nije bestjoerlike yndieling makke, want Fryslân moast de graaf fansels wol jild opbringe. Albrecht van Beieren hie fierders ek de nederlaach fan 1345 wreekt en koe it lichem fan Willem IV yn kleaster Bloemkamp ophelje. Midsiuwske eare en sa.

It nijsgjirrige is dat Jan van Brederode kapitein waard fan it garnizoen te Starum en it die bliken dat de ‘Oestvriesen’ har noch lang net deljoegen by in nederlaach. Starum bleau net mear as in brêgehaad en fierwei it grutste part fan de troepen fan de graaf moast om finansjele redenen nei hûs ta stjoerd wurde. By in oanfal op Molkwar waard de broer van kapitein Jan, Walraven van Brederode, finzen makke. It liede úteinlik ta de ûndergong fan Jan van Brederode, al skriuwt van Oostrom dat net mei safolle wurden, Oars as oars fregen de Friezen losjild foar Walraven. Jan van Brederode, al gau wer werom yn Hollân, rekke mei dêrtroch yn grutte finansjele problemen. Hoe’t it mei Starum, Fryslân en Jan van Brederode ôfrûn? Gjin spoiler hjoed. Mar Jan van Brederode wie yn 1415 te finen op in slachfjild fan de Hûndertjierrige Oarloch tusken Ingelân en Frankryk, yn Azincourt. De striid waard beslikke troch in rein fan pylken, net rjochte op in bleate frommeskont mar op echte ridders. Wie it in nobel stribjen fan ridder Jan om nei Fryslân ris nei de oare kant fan Hollân te sjen, nei Frankryk?

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.