Falentijnsdei: midfryske hofmakkerij

Publisearre op 13 februari 2024

GERBRICH DE JONG – 

It is Falentynsdei. In moai momint om te sjen hoe’t ús manlike foarâlden fjouwerhûndert jier lyn besochten om oan in houlikskandidaat te slagjen. De froulju bliuwe wat achter, mar dat is ek de bedoeling. Yn it Midfryske leafdesferhaal leit de man oan de fuotten fan it frommes en hâldt sy de boat ôf. Uteinlik rekket sy oertsjûge dat hy sûnder har net libje kin en seit se ja. Mar dan moat der earst hiel wat gebeure. Lês gau fierder!

De Midfryske man neamt syn leafste lang net altyd gewoan by de namme. Hy seit: “Myn gouden”, “swiet, lodderich laam”, “myn gouden ingel”, “leaf laam”, “myn bûtengewoan moaie faam”, “myn swiete, sûkere, konfite Jouwerke”, “myn skiep”, “myn pop”, “myn ingeltsje”, “myn bout”, ‘Wobbeltsje leaf’, ‘myn sûkertoetsje’, “myn swiete Maaike”, “hartsje”, “myn leafste”, “myn leave”, ‘leave pop”, “myn sûker swiet”, “myn leaf”, “myn bout”, “myn hontje” (wat dat lêste ynhâldt meie jo sels betinke). De net-Frysktaligen kinne der ek wat fan: ‘Mijn pronkjuweel’, ‘mijn waarde zielsvoogdes’, ‘mijn waarde zielsvriendin’, ‘mijn schoonste Engelin’, ‘mijn ziel’, ‘mijn schoone Galathe’.

Is er troch syn ynspiraasje hinne, dan hoecht de Midfryske man noch hieltyd net ‘gewoan’ de foarnamme te brûken. Hy kin nammentlik ek noch foar in fêste flaainamme kieze. De Midfryske Grietje” wurdt bygelyks mei “Kieke” oansprutsen, de fêste flaainamme foar in frou mei de namme Griet. Willem Visser fan de Fryske Akademy docht ûndersyk nei de fonologyske systematyk achter dy flaainammen.  Mear foarbylden: “Froukje” wurdt “Poai”, “Gerbrich” wurdt “Gep” en “Klaske” wurdt “Kaaie”. Benijd nei de flaainamme fan jo leafste? It ûndersyk fan Willem (flaainamme Pim) hjit “Flaainammen yn it Frysk” en is op it web te finen.

Troch de eagen fan no is de Midfryske man frij direkt. Foarbylden fan fersiken: “Jou dy dochs oer, myn skiep!”, “Lit my dy aaie, laam”, “Lit my dy tútsje, faam”, “ik fersykje dy ta bysliep”. Foarbylden fan fragen: “Sil ik dy op ‘e rêch nimme?”, “Wêr wennest, faam?”, “Wolst net by my lizze?“. De leafdesferklearringen lige der ek net om: “Ik moat stjerre as ik dy net ta wiif krij”, “ik bin oan in wiif ta en net ien past my better as do”, “do bist de sylstien fan myn hert.”

De man set dus alle silen by om it frommes fan syn leafde te oertsjûgjen. Dêr kin ek in wat ûngewoane oansprekfoarm byhearre. Net ‘do’, ‘dû’ of ‘jo’, mar de tredde persoan. Bygelyks sa: “Moarn âlderleafste sûkerbek, wêr giet myn diamanten faam hjoed hinne?” of: “Mei myn pop wol krintebôle?” Hy praat dus tsjin syn famke as in mem tsjin har poppe. Faaks om sjen te litten dat er itselde soart gefoelens hat en har tige graach bepopkje wol.

Noch ien kear oer flaainammen: dy binne ek goed te brûken foar bern. It wurdboek jout ‘poppenamme’ sels as in synonym foar ‘flaainamme’. In poppenamme ûntstiet maklik troch de foarnamme te ferlytsjen. Myn soan Hylke neam ik samar “Hylky” of “Hiky” (“Hylkje” mei ik fan myn freon net sizze). De Midfriezen binne net oars. De ferneamde Waatze, út ‘Waatzes Gribberts Brulloft’, wurdt troch syn mem hieltiten ‘Waatske’ neamd, soms oanfolle mei ‘myn leave soantsje’. En dan te betinken dat Waatze op dat stuit al 18+ is. Gjin wûnder dat er der neat oan fynt, mar dêr jout syn mem neat om.

Ta beslút wat tsjinwicht by al dy ynlikens: de Midfriezen kinne ek o sa skelle, sels (of júst) de troude lju: âlde teef, âlde skytbroek, âlde skytkarre, âlde skiter, botte boerekneukel, skiteburd. Faak stiet der ‘dû’ foar, dan klinkt it noch miender. Yn it Midfrysk sizze ek hûnen en katten inoar wêr’t it op stiet. Sa slingeret in kat in hûn mei de fraaie namme Kammer nei de kop: “Wat seiste, slûge hûn!” 

Flaainammen tsjin bern

Yn beide foarbylden bestiet de flaainamme út in ferlytsingswurd fan de foarnamme. Ferlytsingswurden kinne ek in hiel oare funksje krije. “Vriesje” bygelyks is net sa hiele posityf bedoeld, en “Swijntje”.

Wat gauris foarkomt as fokatyf is it wurd “huisman”. Hjoed-de-dei tinkst by in ‘huisman‘ oan de manlike tsjinhinger fan de ‘huisvrouw’, mar doe betsjutte it ‘boer’. In professor seit bygelyks tsjin in boer: “Daar syt gy in verabuseerd, Huisman”. Ofwol: “Do bist mis, boer.”

Yn formele situaasjes wurdt gauris “Mijn Heer” brûkt. Boer Jurjen, dy’t komt om in erfenis op te heljen, wurdt dêrom troch de notaris “Myn Heer Jurjen” neamd. En Jurjen seit “Heer Onaris”, om’t er fansels as boer dat yngewikkelde wurdt ‘notaris’ net ken.

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels