Eeltsje Hettinga reageart op Oekraïne mei gedicht en pleit

Publisearre op 14 maart 2022

It wie in skoftsje stil rûn Gysbert Japicx-priiswinner Eeltsje Hettinga, mar troch de oarloch yn Oekraïne pakt hy syn sterkste wapen wer op: de pinne. Hy skreau it gedicht De bleke mot, en 12 maart al levere hy de Ljouwerter Krante in artikel, wêryn’t hy Leeuwarden City of Literature opropt Lviv te ûndersteunen as kollega-City of Literature.

Beide binne hjir ûnder te lêzen.

 

DE BLEKE MOT

Yn Stalins learzens fertrapet
in diktator de lânkaart fan Europa,
om him hinne de fette fingers
fan in binde kriminelen.
It fjild rûkt nei krûd en kadaver,
oer de loft rinne de skimen fan
Osip en Iosif, ienris ferballe
nei strafkampen, gestichten en
fiere bûtenlannen, yn harren sok
âlde treinen, útpûljend fan wa’t
himsels gjin wente mear wit.
Gjin geweld of it keart him tsjin himsels:
in bom dy’t útinoar spat, midden
yn it mom fan in man, bleek as in mot.

10-03 @Eeltsje Hettinga

(*) ‘De bleke mot’, ien fan de bynammen fan Vladimir Poetin
 
(*)  Iosif, oftewol: Iosif Brodski 

 

Lviv – Ljouwert  

Lykas Lviv yn de Ukraine is Ljouwert-Fryslân City of Literature (COL). Se meitsje ûnderdiel út fan in wrâldwiid netwurk fan 39 oare, troch de UNESCO oanwiisde stêden dy’t deselde titel hawwe.

Ljouwert-Fryslân is City of Literature sûnt 2019. Jiers hat it in budzjet fan 4 ton ta syn foldwaan. Dat jild is ûnder mear ornearre foar in ynternasjonalisearring fan de keunst, oftewol de útwikseling fan skriuwers, dichters, oersetters mei kollegae út oare COL-stêden.

Troch de oarloch, de net te rjochtfeardigjen Russyske ynfal yn de Ukraine, hawwe Ukraynske keunstners it op dit stuit net te beskriuwen dreech. Der is in pine dy’t bûten de taal falt. Libbens rinne gefaar.

In substansjeel part fan it jierlikse budzjet fan Ljouwert City of Literature soe no, akút, beskikber steld wurde kinne/moatte foar it nei Fryslân heljen fan keunstners (skriuwers, dichters, oersetters, akteurs, etc.) út de Ukraine, yn it bysûnder dy út susterstêd Lviv.

Lit harren yn oparbeidzjen mei yn Fryslân wenjende en wurkjende keunstners op meartalige wize ynhâld en foarm jaan oan de doelen fan City of Literature lykas dy fan ynternasjonalisearring en ynnovaasje.

Jou de Ukraynske keunstners en harren partners ûnderdak, feiligens en frijheid. Genôch skriuwersplakken en –residinsjes yn dit lân, te begjinnen mei bygelyks it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert.

Eeltsje Hettinga, Ljouwert

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels