Foto: Geart Tigchelaar
fotografy:  Foto: Geart Tigchelaar

Digitale Grutte Gedichtejûn op 5 febrewaris yn premjêre

Alle jierren organisearret Frysk literêr tydskrift Ensafh de Grutte Gedichtejûn. Foargeande edysjes hawwe plakhân yn Snits, Ljouwert en Drachten. Fanwegen it koroanafirus hat de redaksje besletten om der dit jier in digitale edysje fan te meitsjen. Dichters en poëzyleafhawwers hawwe de oprop krigen om gedichten op te nimmen en as filmke yn te stjoeren.

Dat hawwe twaentweintich dichters dien. Al dy filmkes wurde ta ien Grutte Gedichtejûn omsmeid en dy dichtersmaraton giet yn premjêre op freed 5 febrewaris om 19:30 oere op it YouTube-kanaal fan Ensafh. In ryk en bûnt ferskaat oan poëzy en filmkes! De poëzy wurdt ôfwiksele troch muzyk fan singer-songwriter Youp Boelens.

Frysk literêr tydskrift Ensafh komt seis kear yn it jier op papier út en op ensafh.nl komt om ’e trije dagen in nije bydrage. Dat kin fan alles wêze; poëzy, proaza, besprek, kollum. Folle net genôch!

youtube.com/ensafh

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.