De literêre barrikaden fan Thomas Vaessens

JOSSE DE HAAN – 

Thomas Vaessens skreau De revanche van de roman, dêr’t er yn besiket oan te toanen dat de elitekultuer-literatuer foarby is. It liket in werhelling fan 1978, doe’t Karel van het Reve yn syn Johan Huizinga-lêzing de literatuerwittenskippers bespotlik makke – Literatuurwetenschap: het raadsel der onleesbaarheid. Hy fûn dat de literatuerwittenskippers tefolle pretinsjes hiene, te gewichtich diene en har stribjen nei erkenning op neat basearre wie – se koene net skriuwe en de resultaten wiene meager. ‘De geilens dêr’t literatuerwittenskippers har oan nije moades mei fêstketenje sil yn de kommende fyftich jier net ôfnimme.’ Vaessens bewiist dy stelling mei syn boek.

 

Grandeur en misère
Karel van het Reve wie in begenedige kollumskriuwer en krige fan syn kollega’s yn de krantewrâld in soad byfal. By de ‘wykblêd- en bijfoechselfilosofen’ sloech ‘it Ot en Sienproaza’ oan (H.A. Gomperts yn syn magistrale ferdigening fan de literatuer: Grandeuren misère van de literatuurwetenschap út 1979).

It is frjemd dat Vaessens dat boek net neamt. Oer Karel van het Reve wurdt helendal net skreaun. Foar de diskusje hie it nijsgjirrich west: is Vaessens’ boek nije wyn yn âlde sekken?

Ek Gomperts wie in begenedige skriuwer – literêr redakteur fan Het Parool, letter heechlearaar moderne Nederlânske letterkunde (lykas Vaessens no). Yn Grandeur en misère, yn De schok der herkenning (1959), yn De eend op zolder (1970) en yn twa dielen Intenties(1981) hat dy essayist heel nuansearre oanjûn wat de wearde fan literatuer wêze kin. It engaazjemint dêr’t Vaessens kilometers oer skriuwt krijt by Gomperts direkt en yndirekt stal.

De literatuerlist fan Vaessens jout oan dat alles wat fóár 2000 publisearre is oan sekundêre literatuer foar him net wichtich is. ‘De geilens oangeande in nije moade’ hat him in farske teory yn de pinne jûn, dy’t ophongen wurdt oan Joost Zwagerman, Arnon Grunberg en Marjolijn Februari (Frans Kellendonk en Charlotte Mutsaers hawwe in bijroltsje).

 

Gerrit Achterberg in gjin Audrey Hepburn
As jo in nije teory yntrodusearje, dan moatte jo de âlde oantaaste, op syn minst bespotlik meitsje. Vaessens docht dat. Hy pleitet foar de engazjearre roman, foar de engazjearre skriuwer. Skriuwers moatte belutsen wêze, in belutsenheid dy’t te krijen hat mei de teksten en net mei de literêre aspekten fan dy teksten.

De skriuwer is in publike yntellektueel foar wa’t net de literêre wrâld, mar de publike sfear de boarterstún is. Skriuwers wolle hjoed de dei de ea fanselssprekkende bân tusken literatuer en maatskippij reparearje. Dat binne de ‘letpostmodernisten’. Dêrmei wurde de ‘humanistysk modernisten’ en de ‘relativistysk postmodernisten’ oan ’e kant reage.

Dy twa soarten skriuwers (ynklusyf de postmoderne kritisy en pomoliteratuerwittenskippers) hiene tefolle universele kwaliteitskritearia brûkt dy’t hearden by de kanon fan de ‘deade wite mannen’ – de ‘selsfoldiene en in lytse selsbewuste monokultuer fan it arrogante westen’.

It postmodernisme is neffens Vaessens te fier trochslein mei syn ymproduktyf synisme, relativisme en iroanyske libbenshâlding. Romans moatte bijdragen fan skriuwers wêze oan de reële debatten oer de wrâld fan no.

Mei dédain en lytsachting skriuwt Vaessens oer it ‘humanistysk modernisme yn de lange jierren fyftich’, mei har ‘direktyf kultuerideaal en in fertikale smaakhiërargy’ – de ‘connaisseurs en de poortwachters’ bepaalden de kwaliteit fan keunst en literatuer.

Iksels bin opgroeid yn dy fyftiger jierren en ik bin nóch tige wiis mei de literatuer út dy jierren – Hermans, Mulisch en Van het Reve foaroan. Fan ‘poortwachters en connaisseurs’ haw ik gjin lêst hân.

Foaral de ‘literêre elite’ om it tydskrift Merlyn (1962-1966) krijt de folle laach – Kees Fens, H.U. Jessurun d’Oliveira en J.J. Oversteegen. Vaessens wol de elitesfear bewize mei te melden dat de poëzypriis fan Amsterdam yn 1954 foar Gerrit Achterberg gjin omtinken krige, (omdat) de lju ynteressearre wiene yn de filmstjer Audrey Hepburn dy’t dy deis op Schiphol delstruts.

 

Ein literatuer yn sicht
De ‘anti-autoritaire geest van 1968’ bringt de befrijing fan de ûndemokratyske, direktive en reginteske struktuer fan it humanistysk-modernistysk literatuerideaal – it postmoderne tinken komt op gong. De Grutte Ferhalen, de Grutte Ideologyen en de Grutte Idealen ferdwine. De ein fan de literatuer is yn sicht, de ‘poartewachtersretoryk’ fan bygelyks Hermans, Gomperts, Sötemann, Nuis, Fens, Van Deel en oaren is ôfrûn. Op de middelbere skoallen wurdt it literatuerûnderwiis ûntmantele – relativearjende irony en sarkasme slaan yn it postmodernisme foar master op. Vaessens is bliid mei de ôfbraak, mar hy wol in tredde posysje ynnimme. De ‘poortwachters’ binne dea, der is in nij type yntellektueel ûntstien (lykas Vaessens sels!) – de publykssiker dy’t besiket wer in brêge te slaan tusken de literatuer en syn achterban.

11 septimber 2001 (oanslaggen New York en Washington) kaam krekt op ’e tiid foar Vaessens – it alles relativearjende postmodernisme stoar in gewelddiedige dea. Troch it postmodernisme begûn de minsken neffens Vaessens yn te sjen dat de literêre kultuer yn in krisis ferkearde. Dat kaam bygelyks ta utering yn it nije tydskrift MillenniuM – dy lju praten oer in ‘engaazjemint’ dat ôfwike moast fan dat fan de 60’er en 70’er jierren, meidat dat ‘in fariant west hie op de humanistyske posysje dy’t misbrûkt wie troch de selsfoldiene westerlingen.’ (Vaessens)

Foar Vaessens is MillenniuM it ultime bewiis fan in oare literatuer. Mar de redaksje skriuwt yn nûmer 1 (oktober 1993): ‘MillenniuM is natuurlijk geen politieke groepering, maar een artistieke beweging. Kunst vindt een bestaansrecht in zichzelf. We willen literatuur en journalistiek, beeldende kunst en architectuur, theater en muziek niet van elkaar scheiden. Het is het terrein van de wisselwerking waarop wij ons bewegen.’

Paulo Martina, byldzjend keunstner (no by Keunstwurk-Ljouwert), fersoarge foar MillenniuM de foarmjouwing. Hy wie doe myn skoansoan – ik haw gauris redaksjegearkomsten fan de groep meimakke. By de groep fan MillenniuM stie it begryp keunst sintraal. Yn it hele boek fan Vaessens komt it wurd keunst net foar.

 

De roman is kroandea – lang libje Zwagerman
Mei it besprekken fan romans fan Joost Zwagerman, Arnon Grunberg, Marjolijn Februari (en sydlings Robert Vernooy, Frans Kellendonk en Charlotte Mutsaers) besiket Vaessens de teory fan syn letpostmodernisme stal te jaan.

Folle breder sjoen hie it ek heel oars kinnen – yn retrospektyf kinne je Boon, Nooteboom, Hermans of Multatuli mei harren engaazjemint der ek wol by rekkenje. Mulisch mei syn ‘reportaazjes’ hie ek in moaie kandidaat west – de kar fan Vaessens is diskutabel.

Mystiek lichaam fan Frans Kellendonk wurdt it postmodernisme ynlutsen, meidat it antysemitisme en de homohaat as iroanyske beskriuwings betitele wurde. Vaessens ferdigenet dat terjochte – útspraken fan romanpersoanen moatte net beskôge wurde as útspraken fan de skriuwer. De prosessen tsjin Hermans (1952) en Van het Reve (1966) ha dat fêststeld. Dy autonomy fan de literatuer bestriidt Vaessens yn oare haadstikken. Rara?

It analysearjen fan Zwagerman en Grunberg jout de gelegenheid om oan te toanen dat skriuwers meidogge yn it debat (tv, radio, tydskriften, ynternet) en sa har posysje bepale yn it fjild. It giet om oandacht yn de media en om de ferkeapsifers. Joost Zwagerman syn ‘pomospecial’ fan 18 april 1987 yn de Haagse Post wurdt opfierd as noarm – net mear rigiditeit en ferboaden fan it modernisme. Syn roman Gimmick is postmodern ‘plat, net-keunstsinnich en antypretinsjeus’.

‘De moard op Zwagerman’ (troch Michaël Zeeman), it bememkjen troch Hanneke Groenteman fan dy skriuwer en it troch de stront heljen fan Zwagerman troch de krityk krije dan rom omtinken. Yn it boek Chaos en rumoer fan Zwagerman spilet de skriuwer yn de media in grutte rol. Vaessens: ‘It jout oan hoe djip it postmodernisme yn 1997 yntusken de mainstream wurden is.’ Zwagerman wie op de ein fan de 20e ieu foar Vaessens de wichtichste skriuwer – hy past yn ’e teory fan Vaessens, of de teory past by Zwagerman.

Wichtige skriuwers yn dy tiid binne û.o.: Connie Palmen, Adriaan van Dis, Nicolaas Matsier, Anna Enquist, Thomas Roosenboom, Tonnus Oosterhoff, Willem Brakman, Atte Jongstra, Kees ’t Hart, etc. En dan Vaessens: ‘De relevante fraach stiet sintraal oft de roman nei 150 jier en nei 30 jier postmodernisme net kroandea is.’

 

‘De Klein Oorlog’ fan Vaessens
Yn Arnon Grunbergs roman Asielzoeker (2003) – oer in skriuwer dy’t lykas by Zwagerman yn in writer’s block sit – hat Vaessens in boek fûn dat de morele ferantwurdlikheid fan de skriuwer oan de oarder stelt – en net lykas Hermans en Van het Reve, dy’t prosedearren om de autonomy fan de tekst te garandearjen.

Vaessens tinkt dat Grunberg dy tradysje fan de literêre autonomy fier fan him smyt – ‘de literatuur moet (dus) met een nieuw verhaal komen’. Vaessens wol dat literatuer te krijen hat mei de realiteit fan de dei. Hy fynt dat yn Zwagerman en Grunberg. It skriuwen fan literêre fiksje is ûngefaarlik wurden, de romanskriuwer moat wer in gefaarlike rol spylje (as bestiet der gjin PEN dy’t foar ferfolge skriuwers opkomt). Grunberg smyt yn Onze oom de oarloch folslein en rau op ús dak – sensasjonele oarlochsûnderfinings yn Irak en Afghanistan, as soe in Louis Paul Boon nea syn metafoaryske Mijn kleine oorlog skreaun hawwe. Vaessens: ‘Literatuur moet weer over de essenties van het leven willen gaan (…) ze moet een beetje minder literair durven zijn.’

Mei it yntrodusearjen fan Marjolijn Februari hellet Vaessens de ‘publieke intellectueel’ binnen, sa’t er sels graach publike wittenskipper wêze wol – feitlik draait it hele boek om dat fenomeen. De literaire kring fan Februari ferskynde yn 2007. De roman beskriuwt de dekadinsje en de arrogânsje fan it âlde en nije jild.

Mei alle macht besiket Vaessens oan te toanen dat it âlde humanistyske kultuerideaal fan de aristokrasy foarby is. Oan de hân fan dat boek beskriuwt er yn neomarksistysk-leninistyske klisjees hoe ferrotte dy maatskippij wie en hoe’t dy modernistyske en postmodernistyske literatuer stonk. Hy fynt dat yn it boek fan Februari de ‘randstedelijke verbeelding en de culturele elite in de grachtengordel’ moai te kakken setten wurde. Der moat in oare elite komme ‘yn de striid tsjin it oprukkend populisme’. Vaessens ferjit foar it gemak syn eigen sensaasjepopulisme, dêr’t er hege en lege kultuer net mear yn (ûnder)skiedt.

 

‘Fulgarisearring is net it strjibjen’
Yn syn konklúzjes seit Vaessens dat auteurs (sines) sykje ‘nei foarmen fan engaazjemint yn in besykjen de roman te revitalisearjen’. De letpostmodernisten ‘stelle it probleem fan de roman nei de devaluaasje fan de literatuer’.

De literêre yntellektuelen moatte de publike sfear (mei morele en etyske fraachstikken) wer betsjutting jaan. De grinzen tusken fiksje en non-fiksje wurde socht. Skriuwers ha de sjêne ôflein om sukses te hawwen. It stribjen is net ‘fulgarisearring, mar revitalisearring fan de literatuer’.

Vaessens wol in popularisearring fan de literatuer nei it klassebewuste humanistysk modernisme en nei it relativistysk postmodernisme. Hy hellet sels G.K. van het Reve (De avonden, 1947) en Lucebert mei De analphabetische naam (1952) der by om te bewizen dat dy mannen doe al de balen hiene fan de ‘letterheren en letterdames’. De skriuwer dy’t gesach wol, krijt dat net mear allinne omdat er moaie sinnen skriuwe kin of omdat er in bettere literêre smaak hat. In engaazjemint moat net allinne yn de romans nei foaren komme, mar ek op plakken dy’t wy tradisjoneel net mei literatuer assosjearje – ‘dêrfoar is de hjoeddeiske skriuwer in strateech dy’t allerhande manoeuvres útfiert om syn posysje op it literêre slachfjild te ferbetterjen.’

Kwaliteit is net mear oan de oarder – ‘de kulturele elite fûn de literatuer fan in hegere oarder as film en popmuzyk – dat is foarby.’ Ek in moaie is: ‘Willy Corsari libbe fan de pinne, mar Willem Frederik Hermans hie yn de literatuerskiednis it ivige libben.’ Noch moaier: ‘Jan de Hartog hie enoarme oplagen, mar Gerrit Achterberg waard op de skoallen ûnderrjochte.’ Mar gelokkich – ‘de autoritêre toan fan de poartewachters is definityf ûnmooglik makke.’

Vaessens hat besocht de âlde literatuer bespotlik te meitsjen. Oan de hân fan 3,5 midsmjittige skriuwers hat er oanjûn wat der yn syn eagen de ôfrûne tritich jier bard is. Syn literatuerideeën – dêr’t er al earder oer skreaun hat – komme yn it neislachwurk fan Hugo Brems net foar (Geschiedenis van de Nederlandse literatuur 1945-2005).

It boek fan Vaessens oertsjûget net, styl en ynhâld rammelje. Hy skriuwt te manipulearjend, sjoemelet mei de feiten (MillenniuM) en negearret te faak skriuwers en ûntwikkelingen dy’t net yn syn ‘teory’ passe. Goeie literatuer is by definysje engazjearre – mei de taal, mei de mins, mei de maatskippij.

De roman hat gjin wedstriid ferlern, hat ek gjin revâns nedich. De problemen hege en lege kultuer, de elite kontra it plebs kinne better oerlitten wurde oan Wildernis en syn kollega’s.

 

Thomas Vaessens, De revanche van de roman. Literatuur, autoriteit en engagement. Uitgeverij Vantilt, Nijmegen 2009. 256 p.

 

Dit stik stie earder yn ‘de Moanne’ 2, 2010

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.