De daam nei it Amelân (11)

Publisearre op 14 maart 2014

GERBEN DE VRIES – 

Op 25 maaie 1961 waard de nije en gruttere fearboat nei it Amelân yn gebrûk naam, de Johan Willem Friso. Dat wie nedich ek, want it ferfier fan de fêste wâl nei it eilân wie yn fiif jier ferdûbele oant 210.000 passasjiers per jier. Boargemaster mr. F.G.A. Huber fan de gemeente Amelân sei by dizze gelegenheid dat de boat yn de takomst troch de oanlis fan in daam miskien wol oerstallich wurde soe, mar faaks soe de ynset fan in twadde boat ek in goede opsje wêze. It toerisme soe boppedat nei ferwachting sterk groeie, want de fiifdeiske wurkwike siet der oan te kommen, sadat der ek folle mear minsken in wykein nei de eilannen koene. Op dat stuit wiene trouwens noch hiele stikken fan de Ouwe Dam – sa’t de Amelanners seine – út de jierren santich fan de 19e ieu bij leechwetter noch goed sichtber.

Yn de simmer fan dat jier waard bekend dat it Departemint Ljouwert en Omkriten fan de Nederlandse Maatschappij voor Nijverheid en Handel in kommisje ynstelle woe om de mogelikheid en winkslikheid fan sa’n daam te ûndersykjen. De Fryske VVV’s wiene der noch net sa foar. At de hiele Waadsee oer tritich jier dochs ynpoldere waard, wie 30 miljoen gûne foar in dykferbining mei it eilân fuortsmiten jild. Underwilens waard trochwurke mei it gearstallen fan in kommisje. De kommisje ‘Verbinding Ameland-Vaste Wal’ waard op 7 novimber 1961 offisjeel ynstallearre.

Foarsitter wie ir. Jacob Bernard Ritzema van Ikema (1912-1983), direkteur fan de Frico en de ‘Kondinsfebryk’ en ek foarsitter fan it niisneamde Departemint Ljouwert. Sels sil er wol sprutsen hawwe fan it Departement Leeuwarden, want de foarsitter wie in Grinslanner. Njonken in pear fabrikanten en meiwurkers fan it ETIF en de Kamer van Koophandel hiene ek de boargemasters fan it Amelân, Westdongeradiel en Dokkum in sit yn de kommisje. Opfallend wie dat der gjin inkelde ’techneuten’ as bygelyks leden fan Rykswettersteat of Provinsjale Wettersteat by sieten. En de provinsjale VVV wie net frege. Tusken 7 novimber 1961 en 14 maart 1963 kaam de kommisje  seis kear gear. Fan miet ôf oan wie it foar de kommisjeleden gjin fraach oft der in daam komme moast, mar hoe en wannear.

Opmerkeliker noch wie dat der útsein de wat plichtmijittige oanwêzigens fan boargemaster Huber gjin Amelanners yn de kommisje sieten. Dat stuts en dêrom waard noch foar’t de kommisje fan de fêste wâl ynstallearre wie op it Amelân in eigen kommisje ynsteld om nei te gean welke konsekwinsjes in daam foar it eilân en de eilanners wêze soene. Yn in tv-útsjoering liet de boargemaster oars heare dat it in ‘gevecht tussen hart en verstand’ wie, want dat it eilân syn eigen karakter ferlieze soe mar dat in daam neffens him ûnûntkomber wie. Op it eilân woene se it demoakratysk oanpakke en dêrom waarden alle 48 organisaasjes oanskreaun om in fertsjintwurdiger oan te wizen om mei te praten oer de matearje. Hja woene har ek net op de foarhân útsprekke oer de fraach oft de daam der komme moast.

De provinsjale Fryske VVV wie tsjin, omdat hja benaud wiene foar ‘mierenhooptoerisme’ en ek de Amelanner VVV wie yn novimber 1961 yn grutte mearderheid tsjin in daam. Boargemaster Huber wie der net mear by, want hy folge syn hert en waard yn desimber 1961 yn deselde funskje yn Goes beneamd. De Amelanner Dam-Commissie sette jannewaris 1962 út ein, ûnder foarsitterskip fan de gemeentesekretaris. Nei oerlis mei de hast fyttich organisaasjes op it eilân – mei 2.500 ynwenners – waard besletten earst de pro’s en kontra’s fan in ferbining te ûndersykjen en ek wa’t de kosten fan bygelyks de ferbettering fan de toeristtyske ynfrastruktuer drage moast. Dêrfoar soene saakkundigen op it mêd fan lânbou, wettersteat, ekonomy ensafuorthinne frege wurde.

De lêzer fan no sil him faaks ôffreegje wêrom’t der net praat waard oer de gefolgen foar de natuer fan de Waadsee en ek dy fan it eilân sels, mar dat wiene saken dy’t doe sawat noch gjin inkelde rol spilen. De Bûn fan Fryske Fûgelwachten bygelyks – 10.000 leden – spruts op de jiergearkomste yn maart 1962 wol oer it plan om in skelpepaad yn ien fan it fûgelrykste diel fan it Amelân oan te lizzen, mar bestege gjin oandacht oan it dammenplan. Lykas wol faker wie it ek no in bûtensteander dy’t as earste it belang fan de natuer ûnderstreke. Op de gearkomste fan it Fryske Gea -2300 leden – yn april 1962 wie it in ornitholooch út Utert, J.D.G. Peereboom Voller, dy’t mei dia’s en in ferhaal de grutte natuerwittenskiplike wearde fan it Amelân sjen en heare liet. At der in daam nei it eilân oanlein waard mei in grutte strânboulevard, wie it neffens him dien mei it Amelân as natuergebiet. Om dat foar te kommen, koene better reserfaten oanwiisd wurde. En goed tafersjoch, want hy helle in plysjeûndersyk oan wêrby’t Amelanner boeren de aaien fan de beskermde kluten oan de bargen fierden. Der wie dus noch in lange wei te gean.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels