De Sel

Publisearre op 15 mei 2022

De Sel

 

Hielendal allinne
yn syn sel
in neare, tsjustere grot
knibbelet in minske
yn alle ienfâld
op de stiennen flier.
Safolle moais hat it libben
him brocht,
wa sil him skiede
fan de leafde fan God?
En hy bidt:
Wêrom soe er ek it kwea net drage?

Bûten him om
reizgje folle treinen
troch nacht en ûnmacht.

Yn syn sel,
in lytse, kleurleaze tel
yn de oeren fan ferskrikking,
knibbelet in minske
yn alle ienfâld
en bidt 
foar de frede, foar
it goede, it warleas wûnder.

De frede dy’t ús fynt, yn ûnmacht, 
yn tsjuster. 
It goede dat wachtet, warleas,
geduldich.

ARJAN HUT – De frou stie by de ferkearde kassa, en ik hie net oan de kassa sitte sillen. Mar it rûn sa’t it rûn. De mefrou lei in boekje op de baly en frege my oft it Friesch Museum dêr miskien belang by hie. It wie in boekje skreaun troch Titus Brandsma. Se hie it út, en woe it in goed plak jaan. Ik sei, jo moatte by de kassa hjirneist wêze, by myn kollega fan it museum. Dit is de kassa fan Slieker Film, it filmhûs. De rigen foar de beide kassa’s fan it museum wiene lang (Rembrandt syn Vaandeldrager begong syn reis troch it lân yn Ljouwert) en de mefrou reagearre net, werhelle inkeld har fraach. It boekje wie âld, it papier ferkleure, de omkaft siet in skuorke yn. Ik tocht fan net, soks hie it museum grif al, miskien koe se it by Tresoar besykje? En oars hie ik der self wol belang by. Wie ik ommers net krekt dwaande mei in gedicht, om foar te dragen by de krânslizzing by it Titus Brandsma-monumint yn Boalsert? Thús soe ik my noch fierder yn de man ferdjipje, en hjir lei op de baly krekt wat ik nedich wie, nota bene yn syn eigen wurden. ‘Dan mag u het wel hebben’, sei de frou, dy’t har foarstelde as Van der Meyde. Sa is it gedicht De Sel ynspirearre op it boekje Mijn Cel, skreaun troch Titus Brandsma yn de finzenis fan Scheveningen, jannewaris 1942.

Foto: Anneke Feenstra. Jierlikse betinking by it Titus Brandsma-monumint, 11 maaie 2022. Foardracht De Sel. Learlingen út klasse 1GTB fan de Marne leine in krâns en trije hawwe eigen gedichten foardroegen.

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels