De adelaar Anske

Publisearre op 14 april 2015

GERBEN DE VRIES – 

Al in pear lyn kaam ik yn de katalogus fan de universiteitsbibleteek fan Grins in boek mei de titel In de Indische wateren. Anske Hielke Kuipers. Gezaghebber bij de Gouvernementsmarine 1833-1902 tsjin, ferskynd yn 1999. Omdat ik der troch de website www.dekrantvantoen.nl achterkaam dat oer dit boek, yn de kranten alteast, hielendal neat skreaun wie, fûn ik it dochs wol de muoite wurdich de lêzers fan de Moanne hjir op te attendearjen.

Yn earste ynstânsje trof my foaral de foarnamme, want ik koe yn myn jeugd in man dy’t ek Anske fan foaren hjitte. Ik wyst doe al dat it in seldsume Fryske namme wie. No hat it Meertens Instituut op syn website ek de Nederlandse Voornamenbank stean, dat ik koe al gau sjen dat dizze namme yndied fierút it measte yn Fryslan foarkaam en foarkomt. En dat de namme net faak jûn waard. It ynstitut jout as mogelike ferklearring in (ferlyts-)foarm fan Ane oftewol adelaar. De namme komt no noch it measte foar yn de (eardere) gemeenten Snits, Wymbritseradiel, Skarsterlân, Ljouwert en Frjentseradiel.

 

‘Ik heb verleden Zondag toen wij aan de palen op strand gingen 5 eijeren gevonden 3 tjirks eijeren, 1 strandkiver, 1 kobesei allen vuil.’

 

Dizze adelaar Anske fleach trouwens net út ien fan dizze gemeenten út, mar út Warkum. Hy groeide op yn in Doopsgesinde famylje, wêrfan’t de heit goud- en sulversmid wie. Yn 1846 gong er as 13-jierige foar syn fierdere oplieding nei de Kweekschool voor de Zeevaart yn Amsterdam. Anske hie op de legere skoalle deeglik Nederlansk skriuwen leard, mar lykas sa faak wyst er net altiten de krekte Nederlanske nammen foar guon fûgels. Hy skreau yn 1846 bygelyks, doe’t er thús yn Warkum oan it aaisykjen west hie. ‘Ik heb verleden Zondag toen wij aan de palen op strand gingen 5 eijeren gevonden 3 tjirks eijeren, 1 strandkiver, 1 kobesei allen vuil.’ De besoargster fan it boek, neikommeling Marietje E. Kuipers, hat kreas opsocht dat it hjir gong om een ’tureluur’, in ‘scholekster’ en in ‘soort zeemeeuw’ en sil grif tocht hawwe dat dy allegear smoarch wiene yn stee fan fûl/bebret.

Anske Kuipers learde hurd by en skreau in jier letter suver flaterleaze brieven, sawol syntaktysk as sûnder frisismen. Hy waard bestimd foar de marine yn Nederlansk-Ynje. Aldergeloks bedarre ek broer Albert yn it Fiere Easten, al kaam dy by de keapfardij telâne. Anske troude mei de pleechdochter fan in Dútsk sechtpear, wylst syn broer in Yndyske frou hie, Satima. Dat lêste wie yn dy tiid gebrûklik, want der wiene yn de 19e ieu mar in hiel lyts bytjse Europeeske froulju yn de East. Nei syn karrière sette Anske him mei frou en bern te wenjen yn Haarlem. Hy hie dúdlik gjin oanstriid om werom nei it heitelân te gean.

It libbensferhaal Anske Hielke Kuipers hie op himsels gjin reden west om in boek oer him te publisearjen. De mearwearde leit him der yn dat er foar de neiteam sawol in ‘Levensoverzicht’ as in wiidweidich deiboek oer syn erfaringen yn Ynje yn de jierren 1867-1860 neiliet. Benammen foar de minsken dy’t niget hawwe oan de skiednis fan de wichtigste koloanje fan Nederlân is dit in tige nijsgjirrich dokumint oer in dissiplinearre mar liberaal tinkende offisier yn de marine yn dy tiid. Sa gie er geregeld yn petear mei Mohammedanen om mear te witten te kommen oer har religy, hoewol’t er der trouwens alhast as fansels fan oertsjûge wie dat syn eigen leauwen heechsteander wie.

It nijsgjirrige oan in boek as dit is lykwols dat je ek oars nei in Frysk stedsje as Warkum sjen geane. In eartiids wichtige seestêd, dat bestie út mar ien strjitte, mar wol ien fan 2 km lang oan wjersiden fan de Wimerts. De 17e en 18e ieuw wiene de gouden tiid fan Warkum, dêr’t tsjin 1800 in ein oan kaam. De namme Kuipers wie al foar 1800 oannaam en ferwiisde nei wurk foar de skipfeart. Anske syn pake waard goud- en sulversmid, in ambacht dat noch oant 1925 yn de femaylje bleau. Typearjend is ek dat Anske en broer Albert keazen foar in oplieding as seefarder. Warkum lei oan de Sudersee en kontakten mei Amsterdam wiene der al tiden. Foar har sil de oerstek persoanlik wol in grutte stap west hawwe. It past lykwols goed yn it byld fan de bewenners fan de Súdwesthoeke fan doedestiids dy’t foar har karrière relatyf maklik nei Hollân teagen. Sa lit in boek oer Ynje ûnbedoeld ek in moai ljocht skine oer in aspekt fan de Fryske skiednis.

 

In de Indische wateren. Anske Hielke Kuipers. Gezaghebber bij de Gouvernementsmarine 1833-1902. Walburg Pers, 446 siden.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels