De daam nei it Amelân (4)

GERBEN DE VRIES –

Yn de 19e ieu waarden der ferskiedene plannen makke om de Fryske fêste wâl te ferbinen mei it Amelân, mei as foarnaamste doel letter stikken waad yn te polderjen. Dat krekt dit eilân sa faak yn byld wie kaam troch de lytse ofstân nei it fêstelân: noch gjin 9 kilometer. As der ienris twa diken lein wiene, koe út ein set wurde mei it droechlizzen en dêrmei it ynpolderjen.

Underfining mei ynpolderjen op dizze wize wie der yn Nederlân net. Oan de kusten fan Fryslân en Grinslân waarden der oant no ta inkeld kwelders yndike dy’t parallel oan de besteande diken leine.

Mr. jhr. P.J.W. Teding van Berkhout hie him lykwols troch ynsjeneurs wiis meitsje litten dat it technysk mooglik wie in goede daam nei it Amelân te lizzen. Yn de praktyk gong it trouwens krekt oarsom, fan it eilân nei de Fryske kust. Yn maaie 1871 loste skipper Jitse Post fan Moddergat in skipslading sân oan de waadkant fan it Amelân. In pear dagen letter begûnen wurklju fan it eilân mei riis en stiennen sinkstikken, wylst riisflechters fan de oare kant fan it wetter ek oan it wurk koene.

De jonkhear wie sels ek nei it Amelân kommen. De hiele maitiid en simmer troch wenne er yn in houten keet flakby it doarpke Nes. Gjin wûnder dat syn bynamme yn de femylje ‘Wadden-Piet’ wie.

Dat de arbeiders fanút it Amelân wurken, wie nei alle gedachten de reden dat der yn de Fryske parse yn 1871 amper oan oandacht oan de daam skonken waard. Yn de simmer fan dat jier waard der lykwols al 3000 meter daam lein.

Yn april 1872 gongen de mannen wer oan it wurk, no ek fan de Fryske kust by Holwert ôf. De skipfeart op it Fryske waad waard ferbean. Al yn juni fan dat jier wie de daam oan twa kanten oer de djipste geulen lein. Fan Amelanner side wie doe 4 kilometer dyk lein, wylst fanút Holwert ek al hast 1200 meter klear wie.

Teding fan Berkhout die syn bynamme ear oan doe’t er mei ynsjeneur Kijlstra de rêst fan de ôfstân oan it waadrinnen gie. De ferbining wie yn sicht. Al op 31 augustus waarden de lêste sinkstikken lein en koene de flaggen oan de mêsten fan de skippen wapperje. Der waard noch in moanne trochwurke om de dyk goed ôf te meitsjen en doe waarden de arbeiders útbetelle. De ‘aanhechting’ wie in feit.

It folgjende jier wie de opslibbing oan wjersiden al goed te sjen, dat it like goed te gean mei de takomstige lânoanwinning. Der koe aans nei ferwachting 27.000 ha grûn wûn wurde. Wol wie der troch de winterstoarmen wat skea oan sawat 600 meter daam, mar dat waard it oare jiers wer bymakke.

It wie yn’t earstoan de ferwachting dat de postboade tenei oer de dyk brieven nei it Amelân bringe soe, mar yn de praktyk wie de lege daam meastentiids ûnbegeanber. Ek de foarste generaasje toeristen moast noch per boat nei it eilân brocht wurde. Teding van Berkhout woe trouwens net hawwe dat de daam by Holwert as oanlizpier brûkt waard, mar moast letter dochs belies jaan.

De jierren dêrnei waard de daam op ferskate punten ferswierre en ferbrede. Benammen oan de Fryske kust waarden de kwelders grutter en grutter. Yn 1875 waard de taseine rykssubsydsje oan de konsessionaris Teding van Berkhout betelle. Provinsjale Steaten fan Fryslân leine lykwols dwers en woene op fersyk fan de jonker har part net útbetelje. De motifaasje dêrfoar wie dat de daam net it fereaske profyl hie. Dat wie in grutte tsjinslach foar Teding van Berkhout, want de hiele operaasje hie him al 770.000 gûne koste.

Underwilens feroarsaken stoarmen elk winterseisoen wol skea oan de daam en moast dat hieltyd wer reparearre wurde. Boppedat moast de dyk no ek oan bepaalde en foaral strangere easken foldwaan. Yn septimber 1878 koe dan einliks berjochte wurde dat de daam neffens de haadynsjeneur fan rykswettersteat oan de bepalingen fan de konsesje foldie. De daam lei no 40 sm boppe ‘volzee’.

Dat de daam no ek brûkt waard om fan de festewâl nei it eilân te rinnen, die wol bliken út in merkwurdige diskusje yn de Ljouwerter Krante. In Harnser hannelsreizger hie in swiere tocht hân en kaam ‘doornat, uitgeput van vermoeijenis en niet dan na een maal of vier op de gladde stenen te zijn gevallen’ oan. Dat kaam him op in pittige reaksje fan in pear Dokkumer keaplju te stean. Dy hiene de reis oer de daam fan it eilân ek makke en fûnen it net mear as in twa oeren duorjende ‘flinke wandeling’. Mar hja koene dan ek tsjin de wurgens, en dat suertsje út Harns net.

Tocht dy miskien dat it paad oer de daam te fergelykjen wie mei bygelyks de Kalverstraat yn Amsterdam? Nee, de Harnser koe tenei better yn in groep rinners meigean, want der wiene al in soad minsken dy’t gebrûk makken fan de daam. It wie neffens de Dokkumers yn alle gefallen better as twa dagen te wachtsjen op de boat.

By de daam sels wie it no wachtsjen op foldwaande oanslibbing, sadat de ynpoldering begjinne koe. Dêr wie it de oandielhâlders fan de NV Maatschappij tot Landaanwinning op de Friesche Wadden by einbeslút om te dwaan.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.