D./Dirk/Durk: ‘Een groot natuurvriend’

GERBEN DE VRIES – 

Utsein Atte Jongstra sille de measte minsken in ensyklopdy grif net fan A oant Z lêze. Foar ús gewoane minsken is it meastentiids wat omsneupen, seker yn de fjouwer mânske dielen fan de nije ensyklopdy fan Fryslân. Okkerdeis foel myn each op diel ien. It like even oft sawat de helte fan alle opnommen Friezen de namme ‘Dijkstra’ droech. Lokkigernôch ûntduts ik by kontôle dat de nammen ‘De Jong’ en ‘De Vries’ noch folle faker foarkomme.

 

‘Veertig jaar na heden zullen de sporen van de heer Dijkstra nog in deze omgeving merkbaar zijn.’

 

By de Dijkstra’s seach ik ek in Durk Dijkstra dy’t ik troch ûndersyk eins allinnich koe as Dirk Dijkstra. Yn de notulen fan de dosintengearkomsten fan de ryksnormaalskoalle fan Drachten kaam ik him foar it earst tsjin yn 1914, fansels as D. Dijkstra. Yn it ûnderwiis soe de foarnammekultuer pas yn de jierren santich begjinne. Dijkstra waard yn 1886 berne yn Oerterp. Nei de legere skoalle gie er nei de ryksnormaalskoalle fan Drachten. Dit wie in ûnderwizersoplieding dy’t fanút in pear legere skoallen wei organisearre waard. De oplieding hie dan ek gjin eigen gebou. Dijkstra helle yn 1905 syn akte en waard ûnderwizer yn achterinoar Gersleat, de Himrik, Snits en Drachten. Yn Drachten wie er ferbûn oan skoalle 1 en dat wie de saneamde oefenskoalle fan de ryksnormaalskoalle. Hjir koene de kwekelingen yn de praktyk leare hoe’t hja les jaan moasten oan de bern fan de legere skoalle.

Oefen- of learskoallen jilden faak as de bêste skoallen fan in grutter plak. Dijkstra sil as ûnderwizer opfallen wêze en dat sil him de bybaan fan dosint oan de ryksnomaalskoalle opsmiten hawwe. Yn dy jierren waard in kweekskoalle sjoen as fierwei de bêste oplieiding. Der wiene doe al twa kristlike kweekskoallen yn Fryslân, yn Ljouwert en Dokkum. In pear ryksnormaalskoallen yn Fryslân woene ek de status fan rykskweekskoalle krije. Dat barde yn twa stappen. Yn it Hearenfean waard yn 1917 de earste ryksdeinormaalskoalle iepene, mei in eigen gebou en fêste learkreften. In jier letter sette ek Drachten in stap yn dy rjochting, mei de oanstelling fan trije fêste dosinten. Dykstra wie ien fan dit trijetal. In eigen gebou soe pas inkelde jierren letter komme. Ek hjir hjitte de ynrjochting no in ryksdeinormaalskoalle, om oan te jaan dat tenei net jûns en op sneons les jûn waard, mar oerdeis. Yn 1924 krigen beide opliedingen de namme rykskweekskoalle, lykas ek dy fan Ljouwert.

Dijkstra dosearre op in iepenbiere underwizersoplieiding. Dit wiene de heechtijdagen fan de ferpyldering op sawat alle maatskiplike terreinen. Dêrfandinne dan ek de oprjochting fan aparte kristlike normaal- en kweekskoallen. Dochs bleaune de ryksnormaalskoallen yn dit ramt ynstellingen mei in wat dûbelsinnich karakter. Hja hiene gjin ekslisyt kristlik karakter en dosinten en kwekelingen sille foar it grutste part gjin oanhingers fan ARP en CHU west hawwe. Utsprutsen socjaal-demokratysk of liberaal koene hja yn it iepenbier eins ek net wêze, want de iepenbiere skoallen moasten in neutraal gesicht toane. Om 1920 waard yn de dosintengearkomsten fan de Drachtster normaalskoalle ferskate kearen praat oer de kwekelingen as gehielûnthâlders, wat doe nochal spile yn de ûnderwiiswrâld. Dijkstra hold him stil by dizze diskusjes.

Dijkstra wie lykwols sûnder mis links en dat sil de bûtenwacht grif ek witten ha. Hy wie gehielûnthâlder, fûl tsjin it smoken en benammen ‘een groot natuurvriend’, sa’t er sels yn 1951 by syn ôfskie sei. Hy joech op syn skoalle it fak Kennis der Natuur, sa’t biology doe neamd waard. Nij wie dat er mei de hiele klasse nei bûten ta gong, de natoer yn. Doe’t Dijkstra yn 1942 in boekje publisearre oer it koperen bestean fan it Fryske Gea (fan 1930 dus), wiisde er op in tal ûntjouwingen dy’t oan de basis stienen fan dizze natoerferiening. Hy neamde ekskursjses en lêzingen. ‘Enkele onderwijsinstellingen breken tezelfdertijd met de gewoonte, de biologielessen uitsluitend in de leslokalen te houden,’ skreau er beskieden oer himsels en in tal oaren. Dirk Dijkstra, sa’t er op skoalle offisjeel hjitte, wie boppe alles de man fan de ekskursjes met de kwekelingen. Yn de simmerfekansje waard yn sawat alle provinsjes fan Nederlân tusken 1920 en 1951 in wike lang fytst en kampeard. En planten en bisten bestudearre, fansels.

By syn ôfskie fan de rykskweekskoalle wie syn direkteur noch tige optimistysk oer it Nachleben fan Dijkstra. ‘Veertig jaar na heden zullen de sporen van de heer Dijkstra nog in deze omgeving merkbaar zijn.’ Goed, syn dosint hie in didaktyk fan it Onderwijs in de natuurlijke historie op de lagere school skreaun, dat yn 1955 syn fjirde printinge belibbe. Dernei kamen der nije ynsichten op dit mêd. Dijkstra kaam ek net foar as lemma yn de Encyclopedie van Friesland fan 1958, wylst syn maat en meioprjochter fan It Fryske Gea der wol in plakje yn fûn. Mar Meint Wiegersma siet dan ek yn de redaksje. Dus is it opfallend dat Dijkstra wol in eigen lemma yn de Nieuwe Encyclopedie van Fryslân krigen hat. As Durk Dijkstra wol te ferstean. En, sa’t de website Allefriezen ús leart, is er ek as Durk berne.

Comments
Ien reaksje oan “D./Dirk/Durk: ‘Een groot natuurvriend’”
  1. josse de haan schreef:

    In nijsgjirrich stik Gerben de Vries – wat de ENSY lizze litten hat (it Iepenbier Ûnderwiis) wurdt no terjochte even de klam op lein yn de persoan fan Durk Dijkstra. Skoalmaster foar’t neist by it Iepenbier Ûnderwiis yn Drachten, etc.
    Ik bin gjin Jongstra, mar ek ik haw de ENSY wat trochblêde, en benammen kontrolearre oft myn ûnderwerpen fan belang beskreaun binne.

    Ik mis it lemma VOLKSONDERWIJS, c.q. de VOO, de Vereniging voor Openbaar Onderwijs. Koen Zondag dy’t net ut dy hoeke komt, hat as ûnderwiisredakteur eins allinne oer syn eigen groep skreaun – it kristlik ûnderwiis – en in foto fan himsels pleatst.

    It VOLKSONDERWIJS is yn 1866 oprjochte yn Ljouwert, en hie op in stuit tûzenden leden yn it hele lân. Yn 1966 haw ik mei de Iepenbiere Skoalle yn Hjerbeam (‘De Moskeflapper’) it feest fierd. C. Wilkeshuis skreau it boekje DAANTJE ZOU NAAR SCHOOL TOE GAAN, dat we utsutelen yn it doarp, en yn de hele gemeente Frjentsjerteradiel. Dêr stiet û.o. yn, ûnder it haadstik ‘Zoo kan het niet langer’:
    …………………………………
    ”De vergadering heeft als resultaat dat de beide schoolopzieners (Beijma en Blom) zich op 12 mei tot hun Friese geestverwantgen richten met een oproep waarin wordt gewaagd van de ‘agitatiekoorts tegen het openbaar onderwijs’, die door het drijven van al te vurige predikanten steeds meer een epidemisch karakter gaat aannemen.’

    Op 25 mei 1866 komen nu de voorstanders van het openbaar onderwijs bijeen ten huize van de heer P.J. de Boer te Leeuwarden en stichten er de VERENIGING TOT BEVORDERING VAN HET VOLKSONDERWIJS.

    NB cw: op het hoofdkantoor in Amsterdam hangt dan ook al jaren een schets van d
    e Oldehove.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.