Brekber: Fryske chick-lit?

NIENKE JET DE VRIES – 

Brekber is it fjirde boek fan Hilda Talsma (1971). Talsma’s boeken kinne troch it omtinken foar relaasjes en leafde typearre wurde as frouljusboeken. Har eardere trije boeken, dy’t it libben yn in Frysk doarp omskreaunen, foarmen in trilogy. Hoewol’t Talsma foar Brekber in oare setting keazen hat, is der ek yn dit boek in soad omtinken foar leafde en relaasjes. Mar is it in gewoan frouljusboek of hawwe wy te krijen mei Fryske chick-lit?

Ferhaal
Haadpersoan Sinne kin har net goed ynlibje yn oare minsken en hat dêrtroch sosjale problemen. Har jeugdfreon Jorrit is de iennige dy’t Sinne goed begripe kin. De freonskip mei Jorrit wurdt ferkearing, mar yn de leafdesrelaasje kin Sinne Jorrit net biede wat er hawwe wol.

Sa dreech at Sinne it fynt om mei minsken te kommunisearjen, sa goed kin sy mei hynders oerwei. Sinne giet hiel weardich mei bisten om en it stykt har dan ek oergryslik at der in nije baas, Richard, op de maneezje komt dy’t oare ynsichten hat en hurd en saaklik mei de hynders omgiet. Sinne ergeret har dêr blau oan en se hat der geregeld wurden oer mei Richard. Sinne liket de iennichste te wêzen dy’t der wat fan seit, de oare fammen falle as in blok foar Richard’s knappe ferskining en meitsje har sa drok net om it wolwêzen fan de hynders.

Troch alle argewaasje en strideraasje op de maneezje, hat Sinne thús altyd in min sin. Sinne har heit sjocht yn dat syn dochter in soad fan syn mem, ek in hynstetysker, hat en it liket him goed ta dat sy ris moetsje. Sinne en har suster Marit hawwe de âlden fan har heit, dy’t op Sardinië wenje, noch nea sjoen. Yn it ferline hat der spul west en sadwaande waard der sels nea oer de pake en beppe fan heitekant praten. Op in dei beslute Sinne har âlden in wike op famyljebesite nei Sardinië te gean. Se belibje dêr in prachtige wike dy’t úteinlik útrint op in fiasko at blykt dat Sinne har fakânsjeleafde har ûnder falske útwynsels it hôf makke hat en yn in komplot siet mei har beppe.

‘Wat hat se dy wike gelokkich west, mar it die bliken dat gelokkich wêze totaal gjin sin hat as it fan oare minsken ôfhinget’. (s. 227)

Teloarsteld giet Sinne wer oan it wurk op de maneezje. Nei in akkefytsje krijt Richard mear wurdearring foar Sinne har wurkwize en stadichoan krije se mear respekt foarinoar. Mar, at Sinne Richard dêrnei nochris betrapet op in wrede omgong mei hynders fynt se dat hy it mar ris fiele moat…

Konstruksje
It boek is flot skreaun en telt 56 net al te lange haadstikken. Der sitte wat tiidsferspringings yn it ferhaal, mar dy binne logysk en goed te folgjen.

Der komme in soad personaazjes foar yn it boek, dy’t allegear by de namme neamd wurde. Sa wurde ek Sinne har âlden en pake en beppe altyd mei de foarnamme oansprutsen. Dêr komme de nammen fan de ferskillende hynders nochris by. Al dy nammen soargje foar betizing yn de personaazjes, sels ferhaspele de skriuwster de nammen ek ris.

Hynders en minsken
Op it omslach fan it boek stiet in foto fan in mediteraanske tún en in fôle mei in breiden sjaal om. Hynders spylje dan ek in tige grutte rol yn it ferhaal. Suver wolris wat te grut, je moatte eins wol wat mei hynders hawwe om it boek echt te wurdearjen. At je troch de hynders hinne sjogge, dan binne der ferskillende oare tema’s te ûntdekken dy’t foar eltsenien tige de muoite wurdich binne.

Wat knap dien is, is dat de hynders oan de minsk spegele wurde. De lêzer komt dan stadichoan efter it grutte tema: fertrouwen en de brekberens dêrfan. Relaasjes, sawol tusken minsken as tusken minsk en hynder, dy’t basearre binne op eangst en macht binne brekber. Op ferskillende nivo’s yn it ferhaal wurdt der besoademitere, mar úteinlik blykt wer ris dat earlik it langst duorret. Sinne wist al dat dy wearden foar de omgong mei hynders jilde, mar eintsjebeslút krijt se it ynsicht dat itselde ek foar de relaasje mei minsken jildt.

Chick-lit
Chick-lit is in relatyf nij literêr sjenre dêr’t it lêzerspublyk mei oantsjut wurdt: lit(eratuer) foar chicks (jonge froulju). Bridget Jones’s Diary (Helen Fielding, 1996) wurdt wol oanwiisd as de earste populêre chick-lit. Der sirkulearje ferskillende definysjes op ynternet, mar oer it generaal wurdt in chick-lit sjoen as in roman foar froulju dy’t net perfoarst literêre pretinsje hat. Eins is it in soarte fan doktersroman, mar dan hip en mei humor. Typyske tema’s binne romantyk, leafde, erotyk, freonskip en karriêre. Fansels moat der ek in knappe man yn it ferhaal foarkomme en binne de relaasjes komplisearre. Boppe-al moat it ferhaal flot skreaun wêze.

At je dat sa wat beskôgje dan komt it wurk fan Hilda Talsma wis yn oanmerking foar it predikaat chick-lit. It ûnderskiedende mei in gewoane frouljusroman sit him yn de humor en de flotte styl. Mei Talsma’s wurk is de Fryske literatuer in sjenre riker, dat ek geskikt is foar de wat jongere froulju en dêrmei it gat tusken jongerein- en folwoeksene literatuer opfollet. No is it wachtsjen op de earste Fryske dick-lit.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.