Wende yn De Harmonie

Publisearre op 16 mei 2014

ARJAN HUT – 

Dat Nynke Laverman yn dy De Vliegende Panters-klip mei de kasjêres siet, dat wist ik wol. Op in freed yn april spile Wende Snijders in de Harmonie, en Laverman twittere dêr entûsjast oer. Logysk, tocht ik, beide sitte yn in ferlykbere muzikale hoeke. Projektmjittige albums en shows, op it snijpunt fan pop, theater, dûns en dream. ‘Logysk,’ sei myn frou, ‘dy kinne inoar fan dy klip fan Houdoe.’

Nynke wie it kassafanke Cindy, Wende de kaugomhaffeljende Petra. Dat wist ik net! Beide studearren yn 2002 ôf oan de Kleinkunstopleiding yn Amsterdam. Dêrnei kaam Laverman mei har Slauerhoff-fado’s en Wende dûkte earstoan de Frankofoane wrâld yn. Yn 2005 joegen beide noch in dûbelkonsert yn Bloemendaal. Ek sjongeres en performer Tet Rozendal komt del om Wende yn de Harmonie te sjen.

It publyk skeuvelt nei de sêfte, reade stuollen yn de grutte seal – dy rekket stadich fol. It gerdyn stiet iepen, der lizze wat ynstruminten, in stellaazje-achtige tastân fan metalen beammen, kezinen, tafels, der rinne wat jonges om en in frou yn in lange jas. De jonges sjogge der út as technisy of roady’s miskien. De show hie al in pear minuten oan de gong wêze moatten, mar der moatte noch stoelnûmers kontrolearre wurde, minsken sjogge bekenden, meitsje in praatsje en…

Har stim is fol, fûl en oangripend. Har mimyk yntins, mar mei genôch nuânse en minsklikheid dat it publyk ek ris ûntspant, laket, en mei oerkreten, jûchhei of fluitsjen fernimme lit dat alles ynoarde is.

BAM!

De seal skrikt.

BAM!

“Mens toch!”, ropt in âldere mefrou dy’t der suver yn hingjen bliuwt. In begjin mei in knal.

BAM!

De frou yn de reinjas stiet by de mikrofoan, en der sit in band. Skokweagen fan lûd.

“You come with a lot of questions”, sjongt Wende. Sy knipt mei de fingers. Sy klapt, like strak as manysk. Gitaren as ritmysk pulsearjende strieljagers. Mechanyske slagen. De sjongeres lit har jas fan de skouders glydzje. In fleiskleurich dinkje mei swarte streken hat se oan. Har eagen binne fan stiel. Yn it spotljocht kin sy ús net sjen, dochs hat se mei elkenien in suver yntimidearjend kontakt.

De sjansons is sy al jierren foarby. Mei it skitterjende album ‘no. 9’ fan in pear jier lyn oppenearre de sjongeres (1978) har foar it earst as komponist en ferskeskriuwer. In prachtige trochbraak, dat mei ‘Last Resistance‘ ferline jier in ferfolch krige. Har ‘Berlyn-plaat’. Hurder, grilliger, dreger… mar faaks noch yndrukwekkender.

Yn de Harmonie komt it album ta libben, wurdt it fierder ferkend en útdjippe. Mei ljocht en skaad, yn-slowmotion-slingerjende dwelmlantearnen en grutte iepen romten wurdt it poadium omtsjoend ta in desolate nachtfantasij fan Berlyn, dat wjerklinkt yn spannend galmjende gitaren (‘Last Resistance’) en mei gefoel oanklaaide laboratoriumritmes (‘Nude’).

Wende har stim is fol, fûl en oangripend. Har mimyk yntins, mar mei genôch nuânse en minsklikheid dat it publyk ek ris ûntspant, laket, en mei oerkreten, jûchhei of fluitsjen fernimme lit dat alles ynoarde is. Wende is lyts fan stik, tanich. It ritme folget har bewegings. In reekgerdyn, en dêr stiet se, tsien meter heech, te dûnsjen! Oeh’s en ah’s, fan minsken dy’t oars dochs wol wat sjoen ha, wylst sy, de muze yndachtich, sjongt fan ‘Come fire, walk with me / it won’t be long till we are free’.

In lytse oardel oere, in kompakte show. Ien ferske fan No. 9 kaam as tajefte foarby (‘Roses in June’) en dêrnei like it dien te wêzen. Mar dan krûpt de sjongeres achter it piano, en spilet, sûnder band en wylst de sealljochten oansteane, it ferstille ‘Goodbye’. Dan komt se oerein en rint by de toetsen wei. Gjin klappen mear, gjin knallen. Wy binne werom yn de stêdsskouboarch. Elkenien is der noch.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Muzyk,Ynterview

    MARITA DE JONG - ‘Under de tsjinjende laach sitte in protte oare dingen’    In tsjinjend fak. Sa omskriuwt komponist en musikus Cees Bijlstra (56) [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]