Alle doarpen in tegelgedicht fan Tigchelaar
Publisearre op 5 augustus 2022
De ôfrûne dagen hat Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, yn alle doarpen fan de gemeente mei krytspray in gedicht oanbrocht. Yn totaal hat er tsien gedichten – sawol Frysk as Nederlânsk – yn de fytstas meinommen. De gedichten binne fjouwerrigelich en passe presys op in stoeptegel, fandêr de namme fan it projekt: Tegelpoëzy.
It idee is om op in ûnferwachte en leechdrompelige wize minsken yn kontakt komme te litten mei poëzy. Want wa seit dat poëzy dreech wêze moat en allinnich mar yn in boek te lêzen is? De dichter ropt elkenien op om derop út te gean en alle tsien gedichten te finen. Op de sosjale media kin elk hashtag #tegelpoëzy brûke.
Geart Tigchelaar (1987) is ferline jier oansteld as Streekdichter fan Noardeast-Fryslân en oefenet dat amt twa jier lang út. Dêrby wol er de poëzy ûnder de oandacht bringe troch it inisjearjen fan ûnderskate projekten. Sa stiet er ek elke lêste woansdei fan ’e moanne op de merk yn Dokkum mei it projekt ‘Merkgedicht’.
De aksje fan Tigchelaar slút oan by wat Neerlandicus Kila van der Starre ûntdiek by har ûndersyk nei ‘poëzy bûten it boek’. Ut in enkête die bliken dat de measte minsken wol yn oanrekking komme mei gedichten, mar suver nea fia in bondel. Poëzy op strjitte stiet wol stevich yn de top 10 fan manieren dêr’t minsken mei poëzij yn oanrekking komme.
Kategory
Tags
Gjin tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Poëzij
HANS PETER WESTIN - I Zelfportret met kroonpen Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij
HARMEN WIND - BESIKING In beam draacht mear as er opnimt. Sa kin, wylst er al kroant ûnder syn eigen leaf, in kloft [...]