Joël Hut: Dyn paad

Publisearre op 7 maart 2021

JOEL HUT

 

dyn paad

 

ast hjir fan beide stullen furtrond bist

dyn paad fynst nei de doar en iepen duchst

för treden dysto nei beneden litst

wêrsto de drûger draaien hjêre mutst

 

ast ienkear buten stiest yn tsjuster waar

en katten hee seind hest om dan nei ruchts

de strutte fan in wurdekeunstenaar

en boaten gau te litten as yts fluchs

 

ast oer de brêge en de dyk, de stoep

en dy rotonde dy dy he mut, giest

wêr dan de iene freget om in krûp

in oar en wer in oare poes dij kiest

 

dan bist der einlik, stiesto för dyn hús

en dan begint it wachtsjen wer op ús

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels