Atmoran: Ha de metalgoaden Fryslân útkard?

Publisearre op 27 november 2019

ARJAN HUT – 

‘Omen’ fan Atmoran út Dokkum befettet sa’n bytsje alle yngrediïnten dy’t metal foar de leafhawwer ta in boeiend sjenre meitsje. Krêft, enerzjy, aventoer, rauwe mystyk, ynstrumintbehearsking … en dan te betinken dat it hjir om in debút giet! En earder al dy fantastyske plaat fan Insurrection, as ha de metalgoaden Fryslân útkard as nij Valhalla.

 

Likegoed, ek mei al har eigenwizens en eigensinnichheid slagget it Atmoran om hieltyd de oandacht beet te hâlden, sa’t ek band as Opeth dat kin/koe.

 

Omen is sponsere troch Kuipers Waterbouw en dat is tapaslik, want de fjouwer stikken op dizze EP (26 minuten) binne as wylde streamen dy’t troch it metalkwartet op tige kundige wize útslatte, omlein en kultivearre wurde. It spylnivo leit heech: dit is dan ek in band dy’t al langer meimekoar spilet en earder ûnder de namme Sackback operearre. Mar ferjit Sackback, ek in leuke band, Atmoran is in flinke stap foarút yn de ûntjouwing. Titeltrack en iepener ‘Omen’ klinkt daliks al as in masterclass yn hoesto in boeiende metal komposysjes spylje moatst.

Klaas Haaksma & Frank Homma roppe geregeldwei oantinkens op oan it legindaryske Deenske duo Hank Shermann & Michael Denner (Mercyful Fate) mei har oanienreagjen fan memorabele riffs, dy’t dan wer breedút en progressyf, dan wer effektyf groovend, foar ien en al opwining soargje. De akoestyske gitaar-aksinten binne treflik. Max van der Meij drumt as in oktopus oan steroïden, bassist Frank van der Ploeg fersoarget de krêftige brulsang en hantearret de basgitaar as orkestmenner, like swier as driuwend.

Homma spilet ek piano, wat foar (letterlik) ferrassende toetsen soarget. Hichtepunt is foar my ‘Dignity’s Veil’, dêr’t yn in lytse acht minuten alle fasetten fan in boeiende hollebatserkomposysje yn útstald binne. It begjint wat mystyk, mei gefoelich sjongende elektrisiteit oer in waarm tokkeljen, foardat drums en bas derynfjouwerje, wêrop’t Atmoran achteleas omskeakelet en terjochte komt yn in spierballe-groove, nuver dûnsber – heal slachfjild, heal disko. Do hearst daliks: dit is net samar in band, net samar in plaat. Healweis folget dan noch sa’n briljant, ferfrjemdzjend, psychedelysk yntermezzo dêr’t ik hielendal pikefel fan krij. De oare twa titels (‘Insomnia’ en ‘Bleak Harvest’) binne rûchwei like sterk.

De EP is opnommen yn in âlde loads, dat soarget faaks ek foar in ekstra yndústriële diminsje yn it lûd. Sa raffinearre produsearre as ‘Circles of Despair’ fan labelgenoaten Insurrection is dit ‘Omen’ net, al freegje ik my ôf oft in grutte producer dizze Dokkumers like aventoerlik har gong litten hie as op dit debút it gefal is. Likegoed, ek mei al har eigenwizens en eigensinnichheid slagget it Atmoran om hieltyd de oandacht beet te hâlden, sa’t ek band as Opeth dat kin/koe. Koeserje dizze plaat dus, hollebatsers, koesterje dizze band.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Muzyk,Ynterview

    MARITA DE JONG - ‘Under de tsjinjende laach sitte in protte oare dingen’    In tsjinjend fak. Sa omskriuwt komponist en musikus Cees Bijlstra (56) [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]