Sa heavy metal as Ronnie James Dio

Publisearre op 8 juni 2018

ARJAN HUT – 

“Dit is gjin heavy metal mar perfekte pop”, skriuwt Jacco de Boer op syn Facebook oer Prequelle, de nije Ghost. Itselde sentimint ek yn de kommentaren op metalblog Blabbermouth, ’this is not metal’. Mar Ghost is fansels sa heavy metal as Ronnie James Dio.

 

Melodieus, ferliedlik en folslein heavy sa’t ‘our father in hell’ dat bedoeld hat.

 

Nee, gjin einleaze searje blastbeats en gjin gromsang, mar heavy metal sa’t it klonk ein jierren santich, begjin jierren tachtich, doe’t men it ek noch oer hardrock hie, en mei heavy metal de kultuer dêromhinne bedoeld waard. Learen jaskes, spikerbroeken, lang hier. Skoaltassen fol bandlogo’s. Iere heavy metalbands (de term sels wurdt foar it earst brûkt yn Born to be wild fan Steppenwolf út 1968 om it lûd fan motors te omskriuwen) bouden nûmers om stevige gitaarriffs hinne, mei teksten dy’t tsjin de boargerlike maatskippij en de organisearre religy oanskopten. Boppedat wie it frij normaal om njonken ‘heavy’ nûmers ek útstapkes rjochting folk, blues, jazz te meitsjen.

Dat soarge ek foar reliëf op de albums. Koest oan de lp-grûven sjen hokker stikken rêstich wiene, dy stieken donkerder ôf. Harkje mar ris nei in âlde plaat fan Black Sabbath, Budgie, Judas Priest of Blue Oyster Cult. Guon wiene net iens sa heavy, mar wol heavy metal, lykas Nazareth, Uriah Heep of (op ien as oare bizarre wize) alle Kanadeeske metalbands út dy tiid. De gefaarlik útsjende elpee-omslaggen dekten in muzikale lading dy’t dan net sa soft wie as wat doe op de radio klonk, mar de hjoeddeistige hollebatser sil om ‘e nocht wachtsje op ekstreem leechstimde gitaren, dûbele basdrums, grunts of teksten as autopsy-ferslaggen. Wol keyboards en synthesizers. Tûters en fluiten sels.

Judas Priest coverde folksjongeres Joan Baez, Nazareth naam in ferske fan Randy Newman op, alles wie noch frij en net bûn oan tûzenen, troch bleke jonges yn de iensumheid fan harren sliepkeamers betochte, dogmas. Yn dy tiid sil Tobias Forge, roergonger fan it Sweedske Ghost, ek syn woartels ha. Ghost hat in heavy metal imago, mei teksten oer de duvel, stoer ‘artwork’ (it plaatsje op de nije cd docht my tinken oan in satanyske fariant op it nije fontein fan Starum) en de muzyk tilt op fan de gitaarriffs – mar net allinne màr.

Ek Ghost coveret ferskes fan bûten de metaalbubbel: earder bygelyks Missionary man fan Eurythmics en op Prequelle stiet in eigen ferzje fan It’s a sin (Pet Shop Boys) op. Sûnt it debút út 2010 stiet elke Ghost-plaat fol mei tagonklike, pakkende en memorabele ferskes. Forge sjongt mei in gewoane stim en docht dêrby wolris tinken oan Buck Dharma fan Blue Öyster Cult. Hy is in bern fan de jierren tachtich en hat in goed gefoel foar ienfâldige, dochs sterke melodieën.

Ynfloeden binne rûnom te hearren (King Diamond yn Faith, Ozzy Osbourne yn Rats) en wurde mei Forge as masterdeejay ta nije (kw)earwjirmen omsmeid. De ritmes binne earder dûnsber as agressyf, lykas by Rats en foaral Dance Macabre, dat útfierd wurdt mei Sweedske presisy. Yn de klip by Rats dûnset Forge as in Lady Gaga oer in set dy’t Michael Jackson syn Thriller yn’t sin bringt. Mei de noch luchtiger opboude semi-balladen See the light (in hichtepunt!), Pro-Memoria en Life eternal klinkt Ghost foaral as … Ghost. Melodieus, ferliedlik en folslein heavy sa’t ‘our father in hell’ dat bedoeld hat.

 

Ghost, ‘Prequelle’ Spinefarm/Loma Vista Records

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Muzyk,Ynterview

    MARITA DE JONG - ‘Under de tsjinjende laach sitte in protte oare dingen’    In tsjinjend fak. Sa omskriuwt komponist en musikus Cees Bijlstra (56) [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]