Janna van der Meer
fotografy: Geart Tigchelaar, Janna van der Meer

Optrede foar de frede (8) – Janna van der Meer: it ferrie

Snein 13 maart kamen dichters, skriuwers en muzikanten gear yn Ytkafee De Basuin yn Ljouwert foar in kulturele manifestaasje foar de frede en foarmen dêr in line-up mei koarte optredens. Ferskate learlingen fan kristlik Gymnasium Beyers Naudé diene ek mei.De tagong wie fergees, mei in donaasje nei draachkrêft oan Giro555, de middei hat mear as tûzen euro opsmiten.De gearkomste wie in inisjatyf fan dichterskollektyf RIXT, kultureel opinyblêd De Moanne en City of Literature Ljouwert.

Janna van der Meer hie in foardracht mei har gedicht: it ferrie.

 

it ferrie

toskepoetse, hierkjimme en
in raket fljocht yn ’e tillefyzjetoer fan Kiev
draai it lûd wat heger
minsken roppe nei soldaten
kofje mei koeke
wylst bloed tsjin ’e stiennen spat
nei ’t wurk, it nijs
in nagelnij appartemint, dream fan ’t jonge stel, dondert ynelkoar
sa kâld op it stasjon, in poppe gûlt
lústerje, sjoch

út it perspektyf fan ’e gelokkigen
lykje wy feriene
yn in elektroanyske alliânsje
is alles tichtby
mar it ferrie is dit
sy binne dêr, wy hjirre

as wy jûns ûnder de tekkens krûpe
raast de stilte miskien earst noch
as in tank troch ’t tsjuster
mar je kinne der op wachtsje
en stjoermans holle jout him oer
en dêr sakje wy
wei yn in poel fan frede

de oare deis wurdt it noch slimmer
want freondinne bellet dat se hjoed te iten komt
laitsje en genietsje
wêr moat dat hinne
yn tiden fan oarloch

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.