Haukje Hendrika Troelstra met Hanna fotograaf Obbema en De Bruin FFA Troelstra, Haukje Hendrika
fotografy: Haukje Hendrika Troelstra met Hanna fotograaf Obbema en De Bruin FFA Troelstra, Haukje Hendrika

Skjirpapier: hoe’t Hanna Bijlsma ôfrekkene mei de oanklacht fan har namme

ERIK BETTEN –

Net ien yn Easterlittens sil yn febrewaris 1909 ûntgien wêze hokker oanklacht der yn de namme fan Piertje Antje Bijlsma besletten lei. It wie de iennichste wrake dy’t mem Ybeltje Bijlsma betinke koe foar it net erkennen fan har bern troch de oansetter; it brûken fan syn namme en dy fan syn mem. Mar Piertje Antje sels hie gjin idee. Se wie as ‘Hanna Troelstra’ al hast folwoeksen doe’t sy de tsjustere oarsprong fan har echte nammen ûntduts. En doe folge in juridyske striid.

It wie net nij wat Ybeltje Bijlsma betocht hie; de skuldige oanwizen dy’t foar syn ferantwurdlikheid fuortrûn. En as wy de ferklearring fan it bern, safolle jierren letter, leauwe meie, wienen der neffens har mem út Easterlittens twa skuldigen. Net allinne dizze Pier, ek syn mem Antje wie oan te rekkenjen dat Ybeltje in bûtenechtlike dochter op de wrâld brocht. En sa krige it ûnskuldige lytse famke dat op 9 febrewaris 1909 berne waard twa nammen, as permaninte oanklacht: Piertje Antje.

Ut de ‘gezinskaarten’ dy’t de Boargerlike Stân byhold, blykt dat yn earsten pake Joute Johannes Bijlsma de poppe opjout by de gemeente Baarderadiel. Op 2 maaie 1909 beslút Ybeltje, op dat momint in tsjinstfaam fan 24 jier, Piertje Antje as har eigen dochter te erkennen. Mar lang sil it famke net by har mem bliuwe. Noch foar har earste jierdei wurdt se as pleechbern opnaam troch in bysûndere frou yn Ljouwert; Haukje Hendrika Troelstra (Koudum, 1861-1937).

 

In waarm nêst

Haukje Hendrika wie de âldste suster fan Piter Jelles Troelstra, en har beslút om Piertje Antje yn Ljouwert yn hûs te nimmen sil sy op har 48ste net samar naam hawwe. Oare pleechbern hie se net, troud wie se likemin, nei it ferstjerren fan har ferloofde, in medysk studint en freon fan Piter Jelles, Tseard Hoekstra, yn 1884. Wol witte wy, ûnder oare út de Gedenkschriften fan har broer, dat sy as âldste bern yn ‘e húshâlding in soarchsum en somtiden strang karakter hie. Tsjin har wat lossinnige lytse broer oer wurdt sy troch him opfierd as in stabile, ferstannige krêft.

Haukje Hendrika Troelstra en de lytse Hanna, credits FFA

Haukje Hendrika Troelstra en de lytse Hanna, credits FFA

Fan Haukje Hendrika witte wy fierder dat sy yn ferskate organisaasjes yn it ramt fan maatskiplik wurk aktyf wie. Hoe’t sy krekt besletten hat har om de lytse Hanna, sa’t se it famke neamde, te bekroadzjen, witte wy net. Mar feit is dat it famke by har in waarm nêst fûn, wylst har biologyske mem in oar paad nimme moast. Sy troude yn maaie 1910 mei de widner Pieter Linzes Meijer, dy’t doe de soarch hie foar twa lytse bern, en krige mei him der noch twa by.

Der is yn it Frysk Foto Argyf in betide foto bewarre bleaun, dy’t Haukje Hendrika sjen lit mei it lytse famke yn in kreaze bernewein. Op in twadde foto posearje pleechmem en -dochter, dan al in ier as wat âlder.

 

In fersykskrift

It duorre lang ear’t Hanna op ‘e hichte rekke fan de skiednis efter har echte beide foarnammen en efternamme. Har pleechmem hie har dat skynber har hiele jeugd net ferteld. Mar doe ûndernaam Hanna aksje, sagau’t se 21 jier âld wie, juridysk mearderjierrich.

It argyfstik dat hjir sintraal stiet, it fersykskrift dat by it gerjochtshôf yn Ljouwert yntsjinne waard (ynventarisnûmer 447, stik 478), beskriuwt hoe’t se de wierheid efter har eigen nammen ûntduts. En hoe’t sy ‘eerst kort voor haar meerderhjarigheid van haar afstamming en eigenlijken voor- en achternaam kennis nemende, zich diep ongelukkig voelt; dat requestante de smaad van haar geboorte, die onlosmakelijk is verbonden met haar achternaam, niet kan wegnemen; dat het echter wel mogelijk is te wijzigen de voor haar zo smadelijke voornamen “Piertje Antje”, die ten opzichte van haar algemeen gebruikelijken naam “Hanna” een leugen zijn, immers deze naam voor requestrante een bevestiging is van hetgeen zij, ondanks haar duistere afstamming, praktisch in het leven is geworden, dank zij mede haar pleegmoeder mej. H.H.Troelstra.’

It slút dermei ôf dat Hanna en har pleechmem ree binne sels foar it hôf te ferskinen, soe dit nedich wêze om in earder beslút fan de rjochtbank te ferneatigjen en de feroaring fan de namme ta te stean. De rjochtbank, dêr’t Hanna ynearsten telâne kaam, hie op 11 juny nammentlik oardiele dat der gjin ‘dadelijk en aanwijsbaar belang’ foar de wiziging fan de namme wie, sûnder dêr fierders in ûnderbouwing foar te jaan. En dus moast Hanna nochris fjochtsje foar de namme dy’t har paste. It lit sjen hoe’t se oertsjûge wie fan de needsaak ôf te rekkenjen mei de last út it ferline.

Gelokkich wie it hôf it mei har iens. Op 15 septimber 1930 waard de al te maklike beskikking fan de rjochtbank skrast. Sa helle Hanna Bijlsma dochs har rjocht om har te neamen sa’t se harsels ek seach: as de dochter fan Haukje Hendrika Troelstra. Wetlik sjoen wie it net mooglik om ek fan har efternamme ôf te kommen, mar yn in krante-advertinsje foar de ‘meisjespadvinderij’ yn 1931 lit se harsels dochs ‘Hanna Troelstra’ neame. Mei de namme dêr’t se grutsk op wie. En wa soe har tsjinhâlde?

Haukje Hendrika Troelstra

Haukje Hendrika Troelstra

In foto fan it Frysk Foto Argyf, naam om 1935 hinne, lit de útkomst faaks noch it moaiste sjen. Dêrop stapt Hanna as in Troelstra fleurich mei de iennichste dy’t sy as mem besjoen woe, op de fotograaf ôf. Se laket. Befrije fan har ‘tsjustere ferline’.

– – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – — – – – – –

 

 

Skjirpapier

Dit is de fjirde ôflevering fan de rige Skjirpapier, dy’t yn gearwurking mei Tresoar in jier lang dy argyfstikken nei foaren hellet dy’t net passe by hoe’t wy de wrâld no it leafste besjen wolle. Dêr’t oare opfettingen oer minderheden, it lânskip of de moraal út sprekke. Of dy’t te pynlik binne om mei de krekte distânsje te beskôgjen.

Erik Betten is histoarikus, sjoernalist en skriuwer.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.