UIT-festival Ljouwert

Publisearre op 7 augustus 2015

de Moanne trapet it kulturele seizoen ôf mei twa bysûndere programma’s op it Ljouwerter UIT-festival op snein 30 augustus yn de Prinsetún. Yn gearwurking mei Ondergronds en Stichting Herdenking J.J. Slauerhoff gean wy mei de dichters Joost Oomen en Arjan Hut en de band Vijayatte opsyk nei de Fryske Charles Bukowski en litte wy it publyk op adem komme yn it Pier Pander timpeltsje mei poëzij fan ûnder oaren Jephta de Visser, Jorn van der Schaar, Annegreet Douma en Bouwe Brouwer.

 

De Fryske Charles Bukowski
It wurk fan Bukowski wurdt benammen befolke troch bewenners fan de rûge buerten fan Los Angeles, lytse kriminelen, alkoholisten, hoeren en gokkers. De poëzij fan Bukowski is farsk, syn proaza hurd en direkt, fol puntich dialooch. Tegearre mei Ondergronds trapet de Moanne tidens it UIT-festival ôf mei de syktocht nei de Fryske Charles Bukowski. In spannende gearwurking tusken dichters en de muzikanten fan Vijayatte. Mei Joost Oomen, Arjan Hut, Rosan Vloedgraven, Michelle Samba en Gido Lahuis.

Ondergronds organisearret yntime en underground konserten foar indie-bands.

Tiden: 15.15, 16.45 en 20.00 oere
Lokaasje: Op de popbunker yn de Ljouwerter Prinsetún

 

10 Minuten Poëzij
de Moanne biedt yn it Pier Pander timpeltsje in poëzijpoadium oan Ljouwerter studinten en eardere winners fan de Slauerhoff-poëzijwedstriid. Tsien minuten poëzij; tsien minuten om op adem te kommen wylst foarlêzen wurdtst troch ûnder oaren Jephta de Visser, Bouwe Brouwer, Annegreet Douma, Jorn van der Schaar en Jurjen van der Laan. De presintaasje is yn hannen fan Niels Lahuis.

Tiden: 14.30, 15.30 en 16.30 oere
Lokaasje: Pier Pander timpeltsje yn de Ljouwerter Prinsetún

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Live

    De twadde Moanne Live fan dit jier wurdt holden op woansdei 7 maaie yn gearwurking mei de Fryske ôfdieling fan de Orde van den Prince. Dit [...]

  • Kategory: Live

    Folle bak justerjûn op de twadde Moanne Live fan 2014 yn gearwurking mei de Fryske ôfdieling fan de Orde van den Prince mei as boeiende gast prof. [...]

  • Kategory: Live

    Yn de muzykkoepel tsjinoer De Koperen Tuin yn de Prinsetún fan Ljouwert presintearren de Moanne en Tresoar tidens it UITfestival Ljouwert Fryslâns meast bysûndere dichters: Sannemaj Betten, Elmar Kuiper, Jan Ketelaar, [...]