Regina

Publisearre op 16 augustus 2017

LIUWE VAN DER MEER – 

Se wurde bewarre yn Stockholm, yn ‘e Nydahl Kolleksje fan it Stiftelsen Musikkulturens Främjande, sân blêden giel-brún papier, 30 by 22,3 sm grut, oan beide kanten beskreaun, op elke bledside tolve muzykbalken. Der binne twa kleuren inkt brûkt foar de noaten en fierder steane op ‘e earste side wat nammen fan eardere eigeners. It is in fioelesonate, mei flotte hân delskreaun; der steane gjin ferbetteringen yn, op in pear strepen oan it begjin nei, dêr soe earst in oare komposysje opskreaun wurde. De komponist sette by de fioelepartij ‘Violine’, en by de klavierpartij stiet ‘Cembalo’, wat ús dúdlik makket dat de komponist út gewoante dat wurd noch brûkte, wylst er doe sels al twa jier sa’n moderne fortepiano yn ‘e hûs hie.

 

It ienige dat wy noch wolris fan har hearre kinne is har fioele, dy Stradivari út 1718.

 

It is in kostber hânskrift, dat no op in feiling grif wol in pear miljoen euro opbringe soe. Mar it is dan ek skreaun troch Wolfgang Amadeus Mozart – tusken 21 april en begjin maaie 1784 – en it ûntstean fan dit wurk, mei syn twa kleuren inkt, is in ferhaal op himsels.

Wy witte net krekt hoe’t se der útsjoen hat, der binne allinne mar twa sylhûetsjes fan har bewarre en dy jouwe no net daliks in dúdlik byld fan har – neffens de beskriuwingen fan tiidgenoaten – bûtengewoane kreazens. Se hie wol temperamint, dy Regina Strinasacchi. Se waard berne op 28 febrewaris 1761 yn Ostiglia, flak by Mantua. Se learde fioelespyljen, krige as bern har oplieding oan it ferneamde Conservatorio della Pietà yn Venetië, de muzykskoalle dêr’t Vivaldi yn ‘e earste helte fan ‘e 18de iuw lesjûn hie. Yn 1775 wurdt se foar it earst neamd yn in krante, as se yn Florence optreden hat. Troch in kranteberjocht út Frankfurt am Main witte wy dat sy dêr yn 1777 optreden hat, en tusken 1780 en 1783 makke se reizen troch Italië, Frankryk en Dútslân. Ja, in froulike soliste, dat joech blykber aardich wat opskuor! De fraach mei wa’t se reizge hat kinne wy net beänderje, dêr is gewoan te min ynformaasje oer.

Yn 1784 en 1785 makket se de reis dy’t der úteinlik ta liedt dat wy har namme noch kenne. Begjin april 1784 komt se mei har fioelekiste en oare bagaazje yn Wenen oan, op ’e dolle roes, der wie neat regele dat wy witte; se sil ôfkommen wêze op it geunstige muzikale klimaat, mei it

keizerlik hôf, de bloeiende opera en in tal ferneamde komponisten dy’t yn Wenen wurken. Se sil dus wol frege hawwe by wa’t se wêze moat as se optrede wol. It advys? “Gean ris nei Mozart!” En dat docht se dus. Ik stel my foar dat se by him oanbelle hat by syn hûs yn it Trattnerhof, en dat se him frege hat oft hy ek wat foar har betsjutte koe. Of sy foar him, wa sil ’t sizze. Se sil wat foar him foarspile hawwe en hy is tige ûnder de yndruk: yn in brief oan syn heit skriuwt er op 24 april: “Hier haben wir nun die berühmte Mantuanerin Strinasacchi, eine sehr gute Violinspielerin; sie hat sehr viel Geschmack und Empfindung in ihrem Spiele. – Ich schreibe eben an einer Sonate, welche wir Donnerstag im Theater bey ihrer Akademie zusammen spielen werden. (…)”. Der stiet “ihrer Akademie”: soe dat betsjutte dat wat de jûn opsmiten hat foar har wie? Nee, Mozart syn kasboek is net bewarre.

Oer it program fan 29 april yn it Burgtheater witte wy net safolle. De keizer wie derby, dat witte wy wol, en dat wie al bysûnder. Mozart hat in pianokonsert spile en der waard ek in symfony útfierd, en wy meie oannimme dat La Regina gewoan yn it orkest meispile hat.

Mar it hichtepunt hat grif de sonate west dy’t Mozart foar har skreaun hie. De beide solisten fan ‘e jûn hielendal allinne op it toaniel, by de pianoforte; kearsen derby ; der waard grute dat se it stik net iens trochspile hiene! Dat koe ek net sa maklik, want Mozart hie it stik noch net folslein opskreaun: hy hie it de hiele wike drok hân mei de tariedings foar it konsert, en de sonate hie er inkeld yn ‘e holle hielendal klear. Allinne de fioelepartij foar Regina hie er útskreaun, de pianopartij spile er út ‘e holle! Wat dêr letter fan op papier kommen is, sil der grif op like hawwe, mar hy sil ek ymprovisearre hawwe.

It is in yndrukwekkende sonate wurden: se begûnen beide mei trije grutte akkoarden yn in stadige ynlieding, bedoeld om it publyk stil te krijen; yn dy stadige ynlieding past Mozart in trúk ta dy’t er net lang dêrfoar yn ‘e Gran Partita foar blazers ek al tapast hie, en dy’t jim miskien wol kenne út ‘e film Amadeus. Dêryn fertelt Salieri wat syn earste kennismakking mei de muzyk fan Mozart wie: in langsum andante mei in soarte pompend ritme fan ‘e blazers, dêr’t dan in strieljende hobo-toan boppe-út kaam. Ek yn dizze sonate sit yn ‘e ynlieding dat pompende ritme, leech yn ‘e pianopartij, en dêr komt dan de fioele mei in lang oanholden, hyltyd lûder wurdende toan boppe-út. Yn Wenen waard spile op Dútske fioelen, bolle ynstruminten mei in swiete, net al te lûde klank. By Regina waard yn ‘e kranteferslaggen spesjaal neamd dat se spile op in “cremonensisch” ynstrumint, út Cremona dus; dat wie in Stradivari, út 1718, en dat wie doe wat nijs: sa’n fioele hie mear klank.

Trije dielen lang wikselje de fioele en de piano inoar ôf yn folslein lykweardige partijen. Oan ‘e ein fan it lêste diel hie Mozart noch in útsmiter ynboud, wêryn’t de solisten noch efkes hearre litte koenen wat se yn ’e marse hienen, en doe sil grif it applaus opklatere wêze.

De wiken dêrnei hat Mozart, op it papier dêr’t de fioelepartij al op stie, de klavierpartij derûnder skreaun. Hy hie de fioelepartij foar de wissichheid al útsmard oer sân blêden papier, mar hy koe de klavierpartij soms mar amper sa opskriuwe dat de noaten ûnder de fioelepartij pasten. En ja, hy brûkte ek oare inkt. Oft hy en Regina it stik nochris spile hawwe witte wy net, mar it soe my net fernuverje.

Yn july wie de sonate al printe, by Torricelli; yn ‘e Wiener Zeitung fan 7 july 1784 waard oankundige dat men de blêdmuzyk keapje koe fan ‘e sonate “die unlängst von der berühmten Mdlle. Strinasachy im Theater mit Hrn. Mozart mit allgemeinen Beyfall gespielt worden, und also keiner weitern Empfehlung bedarf”. Yn Ingelân wurdt de sonate, dy’t fan Ludwig von Köchel it nûmer 454 krigen hat, noch altiten the Strinasacchi Sonata neamd.

Hoe’t it mei Mozart fierder gien is, is ús wol bekend, mar nei Regina is pas de lêste tiid mear ûndersyk dien. Se trout yn 1785 mei in Dútske sellist, Johann Konrad Schlick, út it hoforkest fan Gotha. Dy beiden spylje yn desimber 1785 yn it stedhûs fan Salzburg, dêr’t Mozart syn heit se spyljen heart; yn in brief fan 7 desimber 1785 oan syn dochter skriuwt er tige loovjend oer harren spyljen. Hy ferwiist ek noch nei de troch syn soan foar Regina skreaune sonate.

Regina wurdt fioeliste yn itselde hoforkest fan Gotha, en sy en har man krije twa bern, in dochter en in soan. De dochter, berne yn 1786, wurdt pianiste en mei har heit en mem foarmet se in pianotrio dat rûnom optreedt. Nee, yn ‘e Ljouwerter Krante wurde se net neamd, se hawwe net yn Nederlân west. De soan, berne yn 1801, wurdt krekt as syn heit sellist, en letter fioelebouwer. Troch brieven fan tiidgenoaten witte wy dat Regina en Johann yn ‘e omgong tige noflike minsken west hawwe moatte; se waarden yn allerhande selskippen nûge om te spyljen en sadwaande giene se ek om mei de grutte skriuwers en tinkers fan harren tiid dy’t ek geregeld te gast wiene oan it hôf fan Gotha en Weimar: in Herder, in Wieland, in Goethe – koartsein, se wiene beide ek in bytsje in fisitekaartsje fan it hôf.

Oant 1810 ta reizget it pear regelmjittich troch de Dútske lannen, mar dan stopje se allebeide, Johann begjint te kwakkeljen en stjert yn 1818. Regina ferhuzet mei har soan nei Dresden, se ferkeapet har fioele yn 1822 oan de ferneamde fioelist Louis Spohr, en dêrnei is oan har muzikale reis in ein kommen. Fan har lêste jierren witte wy neat. Op 11 juny 1839 stjert se yn Dresden. Har soan is dan al in bekende sellolearaar en hy bout fioelen en sello’s oant syn dea yn 1874.

It ienige dat wy noch wolris fan har hearre kinne is har fioele, dy Stradivari út 1718. Fan Louis Spohr ôf kinne wy de eigeners neigean; hy wurdt tsjintwurdich bespile troch Miriam Fried yn Amearika.

 

Literatuer, op ynternet te finen:

http://dme.mozarteum.at/DME/briefe/letter.php?mid=1355&cat=3

http://dme.mozarteum.at/DME/briefe/letter.php?mid=1477&cat=3

http://www.sophie-drinker-institut.de/cms/index.php/strinasacchi-regina

http://mugi.hfmt-hamburg.de/Artikel/Regina_Strinasacchi

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels