Ik wol dat hynder wêze!

Publisearre op 27 april 2015

ELSKE SCHOTANUS – 

Yn in lokaal fan in leechsteand skoalgebou yn Ljouwert wennet en wurket Lotte Middendorp, foarich jier ôfstudearre oan Academie Minerva yn Grins. Wat as earste opfalt is it toarre reid, dat ferwiist nei har komôf: it wetterlân yn de omkriten fan Akkrum, dêr’t sy, as sy it yn de stêd net bankje kin, noch altyd har ûntwyk hat. ‘Op de akademy waard omtinken jûn oan ‘beroepsvoorbereiding’, netwurkje is in wichtich ûnderwerp,’ seit se, ‘mar dat like my it dreechst. Ik bin hiel solistysk.’ Dat mei dan sa wêze, yn koarte tiid hat sy gâns in kurrikulum opboud. Har eineksamenfilm ‘Spegel yn spegel’ waard oankocht troch it Fries Museum, se die twa kear mei oan de Kunstmaand Ameland, dêr’t sy yn 2014 ek kurator foar de fideokeunst foar wie, en se wurket mei dichter Eeltsje Hettinga oan in fideopoëzijprojekt wêrby’t byld, lûd en tekst opelkoar ynwurkje.

De titel fan ien fan har films, ‘It klappen fan ’e dyk’, referearret oan it lûd fan hynstehoeven op ’e klinkerts. It is ek de titel fan it fers dat Eeltsje Hettinga by de bylden skreau. It hynder yn de film is lykwols gjin hynder, it is Lotte sels, dy’t op klompen, elk beslein mei twa glânzgjende hoefizers, oer de dyk draaft. De Scherjontsjes binne spesjaal, yn har maat, foar har makke en it hie noch in hiel oe-heden west om in smid te finen dy’t it fuotark foar net al tefolle sinten beslaan woe. Figurearjend as swart hynder yn har eigen film wie se op syk nei in fluwielen broek.

 

Ik wurkje út in djip ferlangen wei om gear te fallen mei de natoer.

 

 

‘De dingen lizze op my te wachtsjen. De broek lei foar my klear by de kringloopwinkel.’ It draven kaam tige krekt, de izers moasten net sadanich skansearre reitsje dat de glâns, dy’t by ’t tsjuster it ljocht fange moast, ferdwine soe. Nei’t Lotte en har ‘crew’ – dat binne meastentiids har âlden en har suske – trije filmsesjes yn de buert fan Nije Skou achter de rêch hienen, koe se net fierder. Alle kearen wie sy foar de bolderkarre dêr’t de kamera op montearre siet út draafd. Mei stokken op de skouders luts se de karre sa, dat de kamera hieltyd fan deselde ôfstân ôf filmje soe, mar alle kearen wie se thúskaam mei hobbelige opnamen.

‘Ik koe it diskear net mei de famylje oplosse, ik hie in profesjonel noadich’, en sa kaam it dat sy steadycam operator Ron Aerts fan Drachten ynskeakele. Ron woe der gjin pottekikers by, dat it wie midden yn ’e nacht, op in dykje ticht by Tjaarda yn Oranjewâld, dat ‘It klappen fan ’e dyk’ opnaam is. ‘En it wie in hynder dat dêr draafde, in echt hynder, sá echt, dat de suppoast fan Hotel Tjaarda, mei de bûslampe op, op syk nei it eale bist, dat earne losslein wêze soe, op de filmploech stuite. ‘Dít is it,’ hie se tocht, ‘dít is wat ik benaderje wol.’

It idee foar de film wie by har opkaam doe’t sy in kear mei har mem by Museum Belvédère wei kaam. Se rieden yn de auto doe’t ynienen in Frysk hynder foar harren opdoek. ‘Der rêstich achter bliuwe’, hjitte se har mem. De izers ljochten op yn de koplampen en doe wist sy: ik wol dat hynder wêze…

 

In djip ferlangen gear te fallen mei de natoer
‘Op de akademy ha ik wol model tekene, digital art, skildere… Mar doe’t ik ienkear fan it medium film preaun hie, ferblikte al it oare: film rekt de ferbylding op. Wat ik by oare fakken die, dêr seach ik dan filmyske mooglikheden yn.’

‘Spegel yn spegel’, de ôfstudearfilm, is basearre op in skilderij fan Vilhelm Hammershøi, “Woman seen on the back”. It hong yn it Grinzer Museum. De frou op it skilderij, syn frou Ida, seach nei in punt op de muorre. Fiif minuten, tsien minuten en it like oft ik mei dy Ida yn deselde romte wie. Ik wie benijd wat der fierder yn dy romte barde. Foar Minerva soe ik út fiif wurken ien kieze en dêr in film by meitsje mei as tema “Get together”. Us mem figurearret as Ida en yn it plak fan in skaal hat sy in spegel krigen dêr’t ik yn te sjen bin.’

‘Ik bin bot oan myn famylje hechte. As ús heit op de fyts ûnderweis is, skriuwt er teksten dêr’t er in keunstnersboek fan gearstalt. Us mem makket romtlik wurk. Foar har audiofisuele oplieding oan it Friesland College makket Silke, myn jongere suske, in koarte dokumintêre oer it meitsjen fan “It klappen fan ’e dyk”. Silke hantearret ek gauris de kamera by myn wurk. It fielt fertroud om harren by it filmjen te belûken, ek om’t ik sok yntym wurk meitsje. Ik ha wolris oerwoegen om oaren te freegjen, mar dan jou ik my net sa maklik bleat.’ It filmjen sjocht Lotte as in ferlingstik fan har lichem. Sa is der ‘Eisprong’, dêr’t oerlangsum in wite knikkert tusken har lippen ferskynt en frijjûn wurdt.

 

Op de akademy ha ik wol model tekene, digital art, skildere … Mar doe’t ik ienkear fan it medium film preaun hie, ferblikte al it oare: film rekt de ferbylding op.

 

Oan de muorre hinget in foto, op posterformaat, in keal en woest slyklânskip dêr’t begroeiïng út opstekt. Wa’t ‘De lichamelikheid fan it Waad’ sjoen hat, wit dat it om in close-up fan in frouljusgesicht giet, de teisters as seegers of kwelderkrûd boppe it opdroege slyk útstekkend. Yn de film sjocht de skôger it slyk, hoe’t it libbet, hoe’t it sykhellet en berte jout oan in frou dy’t stadich de eagen opslacht. ‘De tematyk fan dy film is minder maklik út te lizzen, om neaken yn it slyk omrôlje te wollen… in soart oergefoel… mar hoe’t it krekt sit…’

‘Mei ús heit en mem kamen wy in soad by it Waad. It is wol in line dy’t ik yn myn wurk sjoch: ik wurkje út in djip ferlangen wei om gear te fallen mei de natoer. Ik kin dêr nét niks mei ha. As bern fan ’e lege midden bin ik grutbrocht op it jachthaventerrein fan Akkrum. By ’t hjerst en winterdei wie it dêr nei binnen ta keard, de haven leit ôfsûndere fan it doarp, it wie dêr dat ik de leafde foar de omjouwing opdie. As famkes fan de havenmaster koenen wy, Silke en ik, altyd in boatsje meinimme.’ Lotte stoarret foar har út. ‘Tagelyk is der in soartemint fan eangst foar it donkere fan it wetter. Ik twing mysels om my dêroan oer te jaan.’ Sa is der in film dêr’t de keunstner yn de feart leit, ‘It einekroasfamke’, it gesicht mids it grien, en yn ‘Driuw’ dûkt sy mei de holle ûnder wetter.

 

It Fûnis – It Font
‘Ik ha “Driuw” yn swart-wyt set. Watfoar ferzje fynst moaier?’ Op ’e tafel leit de cd ‘Ok The Bridge’ fan Christiaan Kuitwaard, Jan Snijder en Wim de Graaf, soundscapes dy’t it achtergrûnlûd foarmje by de yntegrearjende bylden fan it wetter dat tagelyk it universum is. “Driuw”, systert in stim en letters skowe troch it byld: ‘Driuw boppe, yn it liet dat ûnder wetter is.’

Alles kloppet yn dy film, dy’t part útmakket fan it projekt dêr’t sy, ûnder auspysjes fan de Gerben Rypma Stichting, tegearre mei Eeltsje Hettinga mei dwaande is en dat de wurktitel ‘It Fûnis – It Font’ meikrigen hat en as sadanich finansjeel stipe wurdt troch it Letterenfonds. ‘Ik wurkje by de Bruna op it stasjon en Eeltsje kocht dêr foarich jier in krante. Der wie in soarte fan gemy. Pas letter kaam ik derachter wa’t hy wie. Mei Henk – keunstner Henk Krist dy’t ek in romte yn it skoalgebou hat dêr’t Lotte wennet – hie ik it oer myn ôfstudearskripsje dy’t net einigje woe. Hy draaide in nûmer, treau my de hoarn yn ’e hân en sei: “Hjir hast Eeltsje.” Sa kaam it dat wy yntinsive petearen oer myn wurk hân ha en dêr is in moaie skripsje út fuortkaam.

Eeltsje werkende syn byldtaal yn myn films en oarsom. Foar my wie it in foarm fan thúskommen en hy fan syn kant liet him troch myn wurk ynspirearje. Yn earste ynstânsje wienen der gjin plannen foar in projekt tegearre, mar op in stuit joech er oan ris wat oars te wollen as de safolste bondel: de skôger in oare lêsstrategy meijaan, in nije erfaring. Dêr bin ik as in jonge hûn, al kwispeljend, yn meigien.’

‘Der giet in soad tiid mei mank, it is allegeduerigen falle en wer oerein krabbelje. It is sykjen nei in fijne manier fan wurkjen, foar beide. Dêrby is it saak om elkoar by elkoars medium te belûken. Socht ik yn it begjin filmmateriaal by in gedicht fan him, ûnderwilens reagearret hy mei syn wurk op dat fan my en wurde de teksten koarter. It streamt oer en wer, ideeën generearje kinne wy beide en mei it idee is de film der by wize fan sprekken al.

Soms tink ik: ik soe in printerke op myn brein oanslute moatte. Der giet tiid oerhinne om in idee út te wurkjen. Der sit ferstilling en traachheid yn, al yn it idee, en de films wurde eksperiminteler fan karakter. It is net mear sa as yn it begjin dat elk wurd fan it gedicht as byld yn de film moat. By de earste film dy’t ik by syn poëzij makke ha ik, om letters ta te foegjen, noch mei Adobe After Effects – sis mar de Photoshop foar fideofilms – oan it stoeien west, mar it digitale karakter fan dy wize fan beletterjen akkordearret net mei wat ik meitsje. Ik ha in haat-leafdeferhâlding mei de digitaliteit, it moat wol autentyk wêze.’

Op it fornús stiet in panne grientesop mei letterfermiselje, want letters, dêr wurket sy yn it ramt fan it poëzijprojekt ek mei. Der is in skoalleboerd dêr’t sy mei de foarmjouwing fan teksten op eksperimintearret en se makket gebrûk fan stimpeltechniken. Lotte tsjoent in houten kistke foar it ljocht dêr’t, yn fekjes, letterkes yn lizze. De letters foarmje de wurden fan it fers dat yn ‘Driuw’ te lêzen falt. Fisktried is te tsjok om de dichtrigels mei troch it wetter te heljen, dan sjochst dat it fisktried is en dêrom binne de letters oan minskehierren befêstige. En sy, dy’t net graach in berop op in oar docht, brûkte dêrfoar har eigen hier dat sy mei superglue op lingte brocht: ‘Muontsewurk.’

Galery De Roos van Tudor, Iewâl 47-49, Ljouwert, hat wurk fan Lotte Middendorp. ‘Spegel yn spegel’, de film dy’t oankocht waard troch it Fries Museum, en oar wurk is te finen op www.lottemiddendorp.nl. It is noch net bekend wannear’t it projekt It Fûnis – It Font yn syn gehiel presintearre wurde kin, wol is it de bedoeling om dêr earder al op in passende lokaasje in part fan sjen te litten.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 2 (2015), 9 (maart) s. 6-9.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels