Filmmania: Trije Fryske Sjoernaalfilmers

SYDS WIERSMA & RIK KLAVER – 

Yn de keunsten spilet it ‘hillige moatten’ faak in wichtige rol. Ek by filmmakkers. Dat kin maniakale trekken oannimme. Om in ljocht skine te litten op de passionearre en foar bûtensteanders faaks kranksinnige relaasje dy’t guon filmmakkers mei har ûnderwerp hawwe, hat it Fries Film Archief dit jier Filmmania as tema keazen foar it argyfprogramma op it Noardlik Film Festival. Der wurde ûnderoaren trije Fryske ‘sjoernaalfilmers’ presintearre.

It filmargyf heart ta ferskate kolleksjes fan Fryske sjoernaalfilmers. Sy leinen op yngeande wize de aktualiteit yn har eigen omkriten fêst. It binne voyeurs fan spesjale mominten en guon koenen amper mear mei filmjen ophâlde. Underwilens binne harren filmreportaazjes wichtich Frysk erfguod wurden.

Op it Noardlik Film Festival presintearret it filmargyf it wurk fan Eduard Janse (Ljouwert, 1936 – 2001), Age Boschma (Boalsert, 1943) en Jacob Roorda (Bûtenpost, 1949). Eduard Janse makke yn de jierren santich en tachtich Ljouwerter en Fryske ‘filmsjoernaals’. Age Boschma filme fan 1984 ôf de deistige aktualiteit yn Boalsert en fertoande syn bylden geregeld yn fersoargingshûs ‘It Menniste Skil’, sadat de âlderein ‘feeling’ mei de stêd hâlde koe. Jacob Roorda filme in soad eveneminten yn Harns en de rest fan Fryslân. Ek filme hy regelmjittich yn it Ljouwerter Bonifatius sikehûs, dêr’t er wurke as aktiviteitebegelieder.

Hjirboppe sjogge jo in koarte trailer mei fragminten út de films fan de trije neamde sjoernaalfilmers. Op it Noardlik Film Festival kinne jo telâne foar folle mear bylden út harren wurk: sneintemiddei 15 novimber, 17.00 oere, Slieker Film – Blaue Seal.

 

Foar mear ynformaasje oer de trije filmers, sjoch: http://noordelijkfilmfestival.nl/films/friese-journaalfilmers.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.