Elkenien wol wapperje!

Publisearre op 28 september 2016

PAUL VAN DIJK – 

De wille fan it meitsjen fan dit aksjeboek spat der ôf. Wapper, it printeboek en aksjeboek foar bern 2016 fan yllustrator én skriuwster Yke Reeder lit sjen wat se allegear wol net kin. Wabe, Wiepie, Wobke en Wapper wurde yn in aaidoaske besoarge troch de earrebarre. Al gau moatte de pykjes it fleanen leare. Dat giet bêst, allinne Wapper bakt der neat fan: hy is te benaud om te fallen.

As er dan al springt dûzelet it him, en de lêzer ek, want it boek moat oer de kop hâlden wurde om fierder te lêzen. En dan fljocht Wapper op syn eigen manier fierder, oer de kop en achterút. Net sa as it heart. De oare fûgels laitsje him út en betinke fan alles om him yn it stramyn fan it fleanen te krijen.

 

De abstrakte byldtaal fan Yke Reeder bliuwt plaat nei plaat boeien. De yllustraasjes binne stik foar stik keunstwurkjes.

 

Uteinlik makket hja sels in masine foar him. In ‘fleanopstallaazje’ , in transportbân dy’t mei in amer, in stikmannich autobannen en in feger omheech hâlden wurdt. It die my tinken oan de prachtige úttinksels fan Professor Punt út de Paulus-ferhalen fan Jean Dulieu.

De masine sjit him de loft yn en Wapper fljocht mei in woesj tsjin de moanne oan. Pas as dy him in komplimint jout en freget om nochris wat sjen te litten, en Wapper beslut om ûndersteboppe in stikje achterút te fleanen, krijt er neifolging fan de oare fûgels. Wapper wurdt de trendsetter fan it healwiis fleanen. En elkenien wol wapperje.

Yllustraasjes
De abstrakte byldtaal fan Yke Reeder bliuwt plaat nei plaat boeien. Op eltse tekening falt wer in oare kant fan de kleuren grien en blau te ûntdekken. De yllustraasjes binne stik foar stik keunstwurkjes. Yn in filmke dat as promoasje foar it boek ôfspile waard by de ôftraap fan it Boekefeest, wie te sjen hoe’t Reeder har yllustraasjes makket. Se makket gebrûk fan in kollaazjetechniek dêr’t se yn stikken skuorde repen papier, bewurket mei ferverôler. De repen papier wurde beammen, achtergrûnen of objekten, de figuurkes wurde dêr wer oerhinne plakt.

Reeder hat tagearre mei dichter Sytse Jansma oan de tekst wurke. De tekst rint en swingt. Der is in soad omtinken jûn oan klank, alliteraasje en sa no en dan is der ek einrym. It lykwicht tusken de tekst en yllustraasjes is net oeral even goed. Benammen yn it stik dêr’t de iikhoarn yn ‘e beam fêstsit, de mûs in ikel op ‘e kop krijt en de mol syn hik kwyt rekket, bart der wol in hiel soad en hie de tekst it ien en oar ferdúdlikje kinnen.

Dy hik fan de mol is oars wol in hiel aardich grapke. Foarlêzers moatte eins fan it begjin ôf oan eltse hik fan de mol wol hurdop foarlêze, dan wurdt it dúdlik wêr’t de opluchting fan de mol weikomt as Wapper tsjin him oan fljocht.

Troch it linige gebrûk fan taal, de eigen styl fan Yke Reeder en it boadskip fan it ferhaal is Wapper in printeboek om ûndersteboppe fan te reitsjen. Lit ús allegear mar wapperje, oars is it mar in deade boel.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels