De daam nei it Amelân (10)

Publisearre op 13 februari 2014

GERBEN DE VRIES – 

It Deltaplan foarseach yn it foarste plak yn de feiligens fan Súdwest-Nederlân. De diken fan Fryslân en Grinslân wiene ek net al te sterk, mar it regear hie yn 1957 te meitsjen mei in ‘bestedingsbeperking’ en sette de yndiking fan de Lauwerssee net op de begrutting. Ek yn april 1959 waard in beslissing hjiroer útsteld. Lange tiid gie in mooglike ynpoldering fan de Lauwerssee benammen oer in bettere ofwettering en it ferkrijen fan goede lânbougrûn. Yn Fryslân groeide de ûnfrede no oer de ûnfeiligens fan it gebiet.

Yn de simmer fan 1959 kamen Fryske studinten as earsten yn aksje. It boadskip op de diken, spandoeken en struibryfkes wie dúdlik: ‘De Lauwerssé moat ticht’ en ‘Den Haech lit ús forsûpe’. Dizze boadskip kaam ek oan by de polityk. De bekende útspraak fan de Romein Cato oer de winske ferwoastging fan Carthago waard yn de Steaten fan Fryslân oan ’e ein fan in betooch faak parodiearre: De Lauwerssee moat ticht. Der kaam mear aksje. Op inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging kaam der yn septimber 1959 in ferklearring fan alle grutte politike partijen en de stânsorganisaasjes yn Fryslân. Hja woene allegear de yndiking én ynpoldering fan de Lauwerssee. Om trije redenen: om it gefaar fan oerstreamings te beheinen, om it ferlet fan wurk yn dizze hoeke fan Fryslân en om romte foar jonge boeren en túnders te kreëarjen. Fryslân woe net mear fan syn bern ferlieze.

De ‘Aksje Lauwerse’ hâlde in petitionnement en hope op 10.000 hantekeningen. Mei troch de parse – foaral de haadredaksjonele stikken fan Eddy Evenhuis fan de Ljouwerter Krante – waard de atmosfear yn Fryslân hast hystearysk. Hiel de provinsje like der ûnder te strûpen at de Lauwerssee net yndike waard. Op 29 septimber wiene der net minder as 135.192 hantekeningen ophelle. Dat bestsjutte dat op in befolking fan ûngefear 470.000 minsken sawat alle folwoeksen Friezen har krabbel of krúske set hiene! De hantekeningen waarden 29 septimber 1959 yn fjirtjin jutesekken oanbean oan minister fan Ferkear en Wettersteat, H.A. Korthals Altes. Dy joech lykwols gjin belies. Ofsluting fan de Lauwerssee soe 96 miljoen gûne kostje, skreau er 20 jannewaris 1960 oan de Twadde Keamer, ferheging fan de besteande diken en ferbettering fan de ôfwettering mar 53 miljoen. Op 15 febrewaris soe de Twadde Keamer him oer dizze kwestje útsprekke.

Dêrnei gie it ynienen hurd. Op 13 febrewaris 1950 waard der in massademonstraasje holden troch ‘it Fryske folk’. Yn it Ljouwerter Beursgebou demonstrearren tûzen minken foar mear feilichheid foar it hiele noarden troch ynpoldering, wylst der bûten ek noch trijetûzen lju stiene. It hiele noarden? Nou nee, de Drinten diene net mei fansels. In dei earder hie minister Korthals Altes boppedat in telegram krigen fan de fiskersferiening ‘Hulp in Nood’, fan fiskers út Zoutkamp en de Dokkumer Nije Silen. Dy woene de Lauwersee hielendal net ôfslute, omdat hja krekt grutte ynfestearingen dien hiene yn de float. De Lauwerssee wie it briedplak fan de garnaal, dêr’t hja op fisken. Boppedat soene der hast tûzen minsken wurkleas wurde. En ach, dy diken soene it wol hâlde, troch de Iselmarpolders wie der genôch lânbougrûn en mei dy ‘verzilting’ en minne ôfwettering foel it ek bot ta.

Yn Den Haach tocht men der oars oer, faaks mei Kneppelfreed yn de achterholle. De provinsjale polityk hie sprutsen en de lanlike partijen begûnen har der mei te bemuoien. Yn de maitiid wiene der al lûden dat de see ticht gie en op 11 juni 1960 ferklearre minister Korthals Altes dat de Lauwerssee dochs ôfsletten wurde soe. It gong allinne net sa hurd as de Friezen woene Dy woene dat al yn 1960 út ein set waard, mar pas yn 1963 hie Rykswettersteat it wurkeilân ‘Lauwersoog’ klear. De echte wurksumheden koene doe begjinne en yn 1969 ofrûne wurde. Zoutkamp treuret noch altiten om it ferdwinen fan de garnalenfloat.

Underwilens wie de geast út de flesse . No’t mei troch de massale stipe fan ‘it Fryske folk’ de Lauwersee dochs ynpoldere waard, waard der ek troch oaren lûdop dreamd. De ôfgeande foarsitter fan it ETIF (it Economisch Technologisch Instituut voor Friesland), dr. Reinder Kuperus, pleitte yn maart 1961 yn ferbân mei de tanimmende rekreaasje foar in daam nei ien fan de Waadeilannen. Haadredakteur Evenhuis fan de Ljouwerter heakke der daalk op yn. In daam nei it Amelân fansels. Nei dat eilân wie der wol yn 1959 einliks in fan it tij ûnôfhinklike feartsjinst kommen, mar dat wie lang net foldwaande. Yn Noard-Dutslân en Denemarken wiene der ek al in pear eilannen mei in daam mei de fêste wâl ferbûn, dus dat moast ek yn Fryslân kinne. In ynsjeneur út Utert kaam sels mei it idee fan in kabelbaan. Amelanners protestearren fuort tsjin in daam, want dêrmei soe it eilân syn eigen karakter ferlieze. Evenhuis bagetalisearre dat mei de opmerking dat toeristen mar nei in snel strookje strân gean soene. It wie it begjin fan in lange striid om in nije daam nei it Amelân.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels