Anne Vondeling (1916-1979)

BERTUS MULDER –

Hûndert jier lyn, op 2 maart 1916, kaam Anne Adams Vondeling te wrâld yn Appelskea, yn de súdeasthoeke fan de provinsje Fryslân. [1] Fan hûs út wied er frijsinnich-demokraat. Vondeling wie, mei ûnderbrekkings, keamerlid foar de PvdA fan 1946 oant en mei 1979, doe’t er de oerstap makke nei it Europeesk Parlemint. Hy kaam om it libben by in autoûngelok yn Mechelen.

Vondeling wie lânboukundich yngenieur, lânbouspesjalist fan de PvdA-fraksje en as opfolger fan Mansholt minister fan lânbou yn it fjirde kabinet-Drees (1958). Hy hearde ta de groep fan âld-ministers dy’t Jaap Burger it fraksjefoarsitterskip fan de PvdA ûntstrieden, hy folge Burger op en waard vice-premier en minister fan finânsjes yn it mar koart besteande kabinet Cals-Vondeling (1965-1966). Hy wie partijfoarsitter fan de PvdA en jierrenlang foarsitter fan de Twadde Keamer. Vondeling wie in man dy’t opgie yn syn funksjes. Feroaring fan funksje levere in oare Vondeling op. As opposysjelieder wie Vondeling yn de wurden fan Ed van Thijn briljant, as minister fan finânsjes regintesk.[2] Drees hie bewûndering foar syn fearkrêft, syn fermogen om politike tsjinslaggen te boppe te kommen en priizge him as snjiddich, ien dy’t it moai sizze koe, boppedat ien dy’t goed bekend wie mei minsken, ferhâldings en politike fraachstikken.[3] Foar syn belied as polityk lieder fan de PvdA ferantwurde er him yn Nasmaak en voorproef (1968). Dêryn fersette er him tsjin de taeigening fan it Nederlânske ierdgas troch de NAM (yn it haadstik ‘Nemen, N.A.M, genomen’), wied er tsjin de ferkeap fan grûn yn de Iselmarpolders en pleite er foar in spekulaasjewinstbelesting. In geweldich aktueel tema! Wêr kamen dy opfettings wei?

Ferfeanterssoan

Vondeling wie soan fan trije generaasjes ferfeanters.[4] Syn tinken woartele yn de jierren tritich fan de tweintichste iuw, de jierren fan de ekonomyske krisis.[5] Dy krisis hied er yn syn wenplak Appelskea fan tichteby meimakke. Mar dy hold dêr mear yn. Der wie ek, fan de jierren tachtich fan de 19e iuw ôf, in permaninte krisis yn de feanterij.

Yn 1845 wie syn oerpake Adam Vondeling, troch it Laweijs-kontrakt te ûnderskriuwen, opnommen yn de klasse fan de ferfeanters. Arbeidstiden en arbeidsleanen fan de feanarbeiders waarden dêr twingend yn fêstlein. Ferfeanters mochten gjin feanarbeiders fan in oare feanbaas oernimme sûnder skriftlike tastimming fan de eardere feanbaas. Se koene allinnich oerstappe as se gjin skuld hiene dy’t heger wie as fl. 35 by de winkel fan de âlde feanbaas. Twongen winkelnearing rûn sa út op ‘skuldslavernij’.[6] Njonken de winkels wiene de kafees ek yn hannen fan de feanbazen; yn Appelskea hiene se 15 fan de 17 fergunnings. De feanbazen wiene in machtige lokale politike faktor; se soargen foar de bou fan in nije herfoarme tsjerke yn Appelskea en twongen de ferhûzing ôf fan it gemeentebestjoer fan Makkingea nei Easterwâlde – se betellen de nijbou fan it gemeentehûs dêre ‘buiten bezwaar van de gemeentekas’.

Ferhâldings yn it fean

De eigners fan it fean, leden fan de famylje Lycklama à Nijeholt, hiene har feriene yn de ‘Gezamenlijke Compagnons der Opsterlandsche en Ooststellingwerfsche Veenen en Vaarten’. De kompanjons fertsjinnen jild troch neat net te prestearjen. Se wennen foar in grut part net yn Fryslân en as se dat wol diene, wennen se net tusken de feanarbeiders, mar yn moaie doarpen as Aldeberkeap, Beetstersweach en Oranjewâld. Rintenier Tinco Martinus Lycklama à Nijeholt makke jierrenlange reizen yn de Oriïnt, residearre mear as tritich jier yn it Frânske kustplak Cannes en lei mei syn keunstoankeapen de basis foar it stedsmuseum dêre.

De direkte ferkeap fan fean smiet de famylje tusken 1798 en 1908 1,8 miljoen gûne op. Mar dat wie net alles. De feaneigners leine belestings op oer it transport fan turf (de honds- of ‘uitvaartgelden’), se barden toljild, skutsjild en brêgejild yn en ferhierden de slûzen. En as it fean ôffierd wie, bleau de ûndergrûn oer – potinsjele lânbougrûn. As dy ferkocht wie, betellen de nije eigners noch wer ‘grondgelden’, foar de ôfwettering fan harren grûn. Winliken leine de feaneigners private belestings op.

Oant 1880 naam de feanproduksje yn Appelskea geweldich ta, dêrnei fermindere de foarried oan te snijen feangrûn. Stoomboaten makken it transport oer grutte ôfstannen fan stienkoal mooglik. Der ûntstie druk op ’e priis fan turf en dêrmei op de leanen. Dat rûn op 22 maart 1888, twa dagen nei de ferkiezing fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis ta keamerlid foar it neistlizzende kiesdistrikt Skoatterlân, út op in troch sosjalisten stipe feanarbeidersstaking. Ferfeanters rekken yn grutte panyk. Se woene ‘have en goed aan het lot overlaten, om althans het leven te redden’.[7] Yn in brief oan de Fryske Kommissaris fan ’e Kening skreau Wytze Alles van der Sluis, de grutste ferfeanter, dat der in ‘sterke macht’ nedich wie om de stakers ûnder de tomme te hâlden. De kommissaris stjoerde in detasjemint ynfantery fan tritich man en seis ryksfjildwachters. Mar troch oan de easken temjitte te kommen kaam der al op 26 maart in ein oan de staking. Sosjalisten fierden in oerwinning – Appelskea waard it sintrum fan in anargistysk kleure sosjalisme yn Súdeast- Fryslân. De ferfeanters waarden in beknypte klasse, tusken feaneigners en feanarbeiders yn. De famylje fan Anne Vondeling luts dêr konklúzjes út: se waarden op allerhanne wize maatskiplik aktyf, yn it ferieningslibben, yn lânboukoöperaasjes en ek op polityk mêd.

In permaninte krisis

De sosjale striid wie nei de staking fan 1888 net oer. Yn 1888/89 en 1889/90 waard der staakt yn de wurkferskaffing, de feanarbeidersstaking fan 1890 gie ferlern en der kaam yn 1893 in hongeroproer; trije feanarbeiders waarden derby oppakt. Yn it ‘hongerproces van Appelscha’ naam de jonge advokaat Piter Jelles Troelstra de ferdigening op him, mar alle trije waarden se feroardiele ta fyftjin moannen de bak yn ‘wegens afpersing’, om ‘bedreiging van een misdaad tegen het leven’ en fanwegen ‘opruiïng’.[8] Ek dêrnei waard der fakernôch staakt.[9] Mar in soad perspektyf op better wie der net. De priis fan de turf stie bliuwend ûnder druk. De grutte ferfeanters ferlieten Appelskea. Fan 1880 ôf oant de Twadde Wrâldoarloch is der yn Appelskea sprake fan in permaninte krisissituaasje.[10] Migraasje bea útkomst; de fean- en lânarbeider Wiebe Koopstra, myn oerpake, yn 1890 sekretaris fan de ôfdieling Oldeberkoop-Noordwolde fan de syndikalistyske Bond van Land- en Veenarbeiders, socht it wurk fierderop. Hy wurke in skoft as turfgraver yn Klazienaveen, mar socht dêrnei it heil yn it Dútske Essen, dêr’t er yn 1899 melker waard. Yn 1914 kaam de famylje werom nei Nijeberkeap.

De krimp yn de feanproduksje waard yn de jonge jierren fan Anne Vondeling sichtber yn de delgong fan it tal turfskippen dat troch de Opsterlânske Kompanjonsfeart fear. It tal skippen dat Easterwâlde foarbykaam, sakke fan 6.159 yn 1922 nei 1.952 yn 1937.[11] Yn 1922 waard der op ’e nij staakt yn de wurkferskaffing – it lanlik regear hie in leansferleging oankundige. Sa’n 150 arbeiders teagen op 1 febrewaris nei it gemeentehûs yn Easterwâlde en op de weromwei smieten se by Annes pake de ruten yn – de man hie masines ynskeakele om djippere feanlagen oan te snijen. De jonge Anne Vondeling is dan noch mar fiif jier. Mar de sosjale ûnrêst bliuwt, de driging fan opstân hinget permanint yn de loft. Sawol yn 1925 as yn 1932 (Anne is dan fyftjin, hast sechstjin) kundiget de boargemaster de ‘kleine staat van beleg’ ôf. It gie der dêrby om dat net mear as trije persoanen gearkomme mochten, minsken gjin kneppels of wapens by har hawwe mochten en der waard in jûnsklok ynsteld.[12]

Stadichoan waarden de Vondelings in foaroansteande ferfeantersfamylje.[13] Syn pake Anne Vondeling hie yntiids de politike beakens fersetten; hy die net mei oan twongen winkelnearing, wie aktyf wurden yn de wrâld fan de lânboukoöperaasjes. Dat gou noch folle mear foar syn heit Adam, dy’t op in bepaald stuit 28 bestjoersfunksjes ferfolle.[14] Beide waarden lid fan Provinsjale Steaten, Adam waard vice-foarsitter fan de Friese Maatschappij van Landbouw. Mar se bliuwe ek ferfeanters. Tegearre bestjoerden se it Laweijs-kontrakt; fan 1927 oant 1933 wie pake Anne foarsitter fan it Laweijs-kontrakt en heit Adam sekretaris.[15] Under de leden wiene no feanarbeiders dy’t sels ferfeanter wurden wiene.[16] Anne brocht de konvokaasjes bylâns foar in priis krekt ûnder dy fan de PTT.

Appelskea

Anne Vondeling gong op skoalle yn it bysûndere doarp Appelskea, in doarp mei in soad ienkeamerwennings, in doarp dêr’t Domela yn heech oansjen stie, dêr’t anargisten tsjinstwegerers waarden, in doarp dêr’t in soad minsken, nettsjinsteande de opkomstplicht, net stimden, dêr’t protesten klonken tsjin de feroardieling fan Sacco en Vanzetti ta de elektryske stoel (1927), in doarp dêr’t anty-militaristyske sprekkers as Jo de Haas en Bart de Ligt in oandachtich gehoar fûnen.[17] Under ynfloed fan de krisis fan de jierren tritich makke in part fan de befolking in beweging nei de CPN. Yn ién kiesdistrikt fan Appelskea hellen de kommunisten yn 1933 36,1% fan de stimmen.

Nei de ULO yn Easterwâlde en de HBS yn Assen koe Anne Vondeling mei finansjele help fan syn pake yn 1934 nei de lânbouhegeskoalle yn Wageningen. Syn heit hie it jild net – de krisis trof him ek.[18] Anne rjochte him net op lânboukundige saken, mar op agraryske bedriuwsfiering. Hy lei de klam op de bysûndere eigenskippen fan grûn. Grûn ommers wie ‘onvernietigbaar, onvermeerderbaar en onverplaatsbaar’.[19] Grûn foel dêrmei bûten de normative liberale opfetting dat produksjefaktoaren foar alles fleksibel wêze moatte soene.

Yn de 19e iuw lei Appelskea midden yn in einleaze flakte heechfean, ‘woeste gronden’, ‘harde, zandige heide’ en ‘zandduinen’. Dy grûn no waard oanmakke. De ûntginnings-maatskippij ‘De Drie Provinciën’ hie yn Appelskea, De Fochtel en Elslo de ferantwurdlikheid foar 1260 bunder grûn.[20] Domeinen naam it behear yn 1937 oer. Staatsbosbeheer rjochte de Boswachterij Appelscha op. De kompanjons leine by in tekoart oan opbringst foar frijkommen feangrûn de Compagnonsbossen[21] oan, wylst se foar in oar part buorkerijen ynrjochten. De provinsje hie yn 1828 de ferfeanters ferplichte ta in ôfdracht per deiwurk turf oan de reservekas en dy hie ek jild yn grûn stutsen. En fierder wiene der de lân- en feanarbeiders dy’t sels lytse stikjes grûn oanmakken, om sa te kommen ta lytse lânboubedriuwen dêr’t net of amper in behoarlik bestean op te winnen wie. Sa krong him yn Appelskea hast fansels de fraach op wat in ‘doelbewuste en redelijke’ bedriuwsfiering yn de lânbou wêze soe, it tema fan Vondelings proefskrift út 1948.[22] Partikulier besit fan grûn foarme foar him in barriêre foar rasjoneel lânboubehear. Anne Vondeling pleite al yn 1947 foar sosjale sanearring fan de bedriuwstak[23], wat letter fia de Stichting Ontwikkelings- en Saneringsfonds voor de Landbouw (1964) realisearre waard. It foarbyld yn positive sin wie it belied fan Domeinen: sûnder besit fan grûn koe in betûfte agrariër op hierbasis de grutste ierdappelboer fan Appelskea wurde.[24] De ferkeap fan de Iselmargrûnen, sa fûn Vondeling dêrom, soe de dynamyk út de lânbou helje. Vondeling woe dat der ûnder lieding fan de lânbouhegeskoalle fan Wageningen proeven dien waarden mei bedriuwstypen, bedriuwsgrutte en bedriuwsorganisaasjes. Hy pleite foar proefbuorkerijen, dy’t falle moasten ûnder ien ‘grut iepenbier lânboubedriuw’ fan 18.000 bunder.

Frijsinnich

Anne Vondeling waard yn 1936 lid fan de lanlike kampkommisje fan de VDJO (de Vrijzinnig-Democratische Jongeren Organisatie) en publisearre fan 1937 oant desimber 1939 yn it húsorgaan Jongeren en Democratie. De VDJO wie in idealistyske klup. ‘Wij willen werken voor onze idealen, zij zullen in de strijd ons stalen’, sa klonk it yn it klupliet Houdt Koers, dat fierder formulearre: ‘Blijve dan eeuwig ’t verlangen in ons levend, naar een beet’re maatschappij. Aan een ieder g’lijke kansen gevend, waarin voor de klassenstrijd geen plaats meer zij’.[25]

De takomst wie somber yn de jierren tritich. Colijn fierde in rigide besunigingspolityk, liet wurkleazen alle dagen stimpelje en hold krampeftich fêst oan de gouden standert. De frijsinnige minister Oud stipe Colijn dêryn. Vondeling wie oer de ekonomyske krisis uterst helder en opfallend aktueel: ‘Het economisch liberalisme […] is in onze ogen een overwonnen standpunt. Het ‘ieder voor zich’ en ‘verrijk U’ om zodoende tot maximale welvaart te komen, lijkt een drogbeeld, veraf, een onrechtvaardig, onesthetisch conservatisme. Met de dag wordt de afstand groter die ons scheidt van het Nederlandse liberalisme’.[26] Hy fersmiet besunigingspolityk om de krisis oan te pakken: ‘De opvattingen van Oud […] waren volkomen ouderwets, fantasieloos en steriel. Op en top Colijniaans. Aanpassen was het parool, de politiek van het sluitende huishoudboekje van de Staat. […] Op het uiterst rationele, verstandige Plan van de Arbeid, dat in 1935 door SDAP en NVV in ons midden werd neergelegd, hadden de leidende vrijzinnig-democraten helemaal geen antwoord. […] Geen wonder dat ook wij jongeren in en na de oorlog geen boodschap meer aan Oud hadden, om de doodeenvoudige reden dat hij ons niets te vertellen had’.[27]

De mentale ôfstân nei de SDAP wie foar Vondeling nei alle gedachten net sa grut. Yn maart 1938 hold er foar de Fryske studinten yn Wageningen in ynlieding ‘Oer libben en wirk fan Piter Jelles’, ôfsletten mei it út folle boarst sjongen fan in liet fan Troelstra. Yn it blêd fan de VDJO sette hy de grutte agitator en revolúsjonêr Domela Nieuwenhuis tsjinoer Troelstra as ‘de man van de evolutie en de volksbeweging’.[28] It alternatyf foar it ekonomysk liberalisme socht er yn ‘oardering’. Der moast in oardere sosjaal-ekonomysk bestel ta stân komme en dêrta socht er oansluting by de pauslike ensykliken dêr’t yn pleite wurdt foar korporatisme: ‘Deze ideeën over een nieuwe maatschappelijke orde zijn ook voor niet-katholieken aanvaardbaar’.[29] It kin raar rinne. Ien fan de earste dieden fan it kabinet Rutte-Asscher wie it opromjen fan de mooglikheid fan oardering op bedriuwstaknivo. Fuort mei oardering fia de publykrjochtlike bedriuwsorganisaasjes. Yndie, oardering past net yn in liberale besunigingspolityk.

Parasitisme

De macht fan de feaneigners wie in bysûnder foarbyld fan wat yn de Ingelske Fabian-essays omskreaun wurdt as parasitisme.[30] Nei de Earste Wrâldoarloch ferwurde de Ingelske ekonomysk histoarikus Tawney yn The Acquisitive Society inselde stânpunt yn wat oare wurden. Tawney, dy’t lid west hie fan de Sankey-kommisje dy’t de Ingelske koaleyndustry ûndersocht, omskreau it besit fan de Ingelske myneigners as ‘passyf eigendom’. It besit levere gjin bydrage oan de produksje, wie funksjeleas en ferlear dêrmei syn rjochtmjittigens. En sa as earder feodale tolrjochten ôfskaft wiene, soe soks ek barre moatte mei de ‘private taxes’ dy’t it passive eigendom de mienskip oplei.

De erfarings mei it parasitêre, passive karakter fan it feaneigendom makken dat Anne Vondeling, skerper en fierder sjend as in soad yn de PvdA-fraksje, bot rjochte wie op de betsjutting fan de ûntdekking fan in nije enerzjyboarne, it ierdgas ûnder Slochteren (1959). Ynkomsten út boaiemskatten hearre ta te kommen oan de mienskip, skreau hy ûnder ferwizing nei punt 29 fan it begjinselprogram fan de PvdA fan 1959. Hy bûn de striid oan mei de NAM (eigendom fan Shell en Standard Oil) oer de omfang fan de gasfoarried.[31] Dy wie altiten folle grutter as de NAM foarkomme liet. Vondeling murk op dat sûnder oerheidsbemuoienis miljarden winst nei bûtenlânske oandielhâlders fuortfloeie soene. Hy pleite foar steatseksploitaasje fan it Grinslânske ierdgas. It ûntstean fan de euromerk makke dat in eigen Nederlânsk-nasjonaal belied net mear mooglik wie, ek net yn de enerzjysektor. De iennige wize om Nederlân net út te leverjen oan de macht fan net-kontrolearre ynternasjonale grutmachten wie – krekt as yn Itaalje en Frankryk – de oprjochting fan in nije steatsûndernimming yn de enerzjysektor. Mar rjochts woe dêr net oan. ‘Ik vind dat volstrekt onaanvaardbaar. Zo’n prijs moet ons volk betalen voor een dogmatische opvatting van een regering, die tegen een gemeenschaps-, tegen een gesocialiseerd bedrijf was en is’.[32] Hy miende dat Nederlân dêr noch wolris spyt fan krije soe. In uterst nijsgjirrige opmerking as wy sjogge nei it hjoeddeistige geklongel en getoulûk oer de effekten fan de boaiemdelgong yn Grinslân.

Wat yn Nederlân net koe, diene de Noaren mei it yn 1972 oprjochte steatsoaljebedriuw STATOIL. De opbringsten dêrfan lekke net fuort nei bûtenlânske oandielhâlders; alle opbringsten fan oalje- en gaswinning wurde belein yn in steatsynvestearringsfûns en fan de opbringsten wurdt alle jierren 3,2% útkeard oan it Noarske regear. In moaie buffer foar swiere tiden.

 

Earder ferskynd yn de Moanne 16 (2017) 1, p. 14-19.

 

[1] Dit is in bewurking fan in part fan de foardracht oer Vondeling dy’t ik op 25 febrewaris 2016 hold yn de tsjerke fan Huzum.

[2] Petear mei Ed van Thijn, 10 febrewaris 2000 te Amsterdam.

[3] Dr. Willem Drees sr. oer dr. Anne Vondeling, yn: George Verkuil, Naderbij, Centri Press. 1976, Bussum, sûnder sidenûmers.

[4] Vondeling wiist yn Nasmaak en voorproef op de ‘geringe lengte’ fan syn stambeam, p. 36.

[5] Lennart Booy en Erik van Bruggen, Anne Vondeling, ‘doortrapt optimist’, 1916-1979, Amsterdam, 1997.

[6] Dr. J.R.G. Schuur, Appelscha. Bolwerk van anarchisme en radicaal socialisme, Oosterwolde, 1996, p. 10.

[7] Schuur, p. 16.

[8] Fgl. Socialisten in soorten, een brochure van mr. P.J. Troelstra uit 1893, heruitgegeven en toegelicht door J.J. Kalma en G. Nijssen, Leeuwarden, 1977.

[9] Schuur, p. 25.

[10] Schuur, p. 39.

[11] Dr. T.H. Oosterwijk, Geschiedenis van de Ooststellingwerfse dorpen, 2e druk, p. 27.

[12] Schuur, p. 243.

[13] Wiebe Rinks, Het nieuwe veenkoloniale Appelscha in de 19e eeuw, De Zoolstede, 2005-3, p. 4.

[14] Ynterview mei Anne Vondeling foar Radio Fryslân troch Marten van Kammen en Klaas Wielinga, 1978. Fgl. Dr. R. Cuperus, Een veelzijdig coöperator ging heen, It Bolwurk, 3 december 1979.

[15] Untliend oan de notulen fan it Laweijs-kontrakt, yn partikulier besit fan de hear Jaap Kootstra te Appelskea, d.d. 15 april 2015.

[16] Wiebe Rinks, Het nieuwe veenkoloniale Appelscha in de 19e eeuw, De Zoolstede, 2005-3, p. 4.

[17] Anne Vondeling hat by de feestwike fanwegen it 150-jierrich bestean fan it feankoloniale Appelskea op 4 juny 1977 in weromblik jûn op syn jeugdjierren.

[18] Balans, winst- en verliesrekening van de Coöp. Centrale Landbouwhuishouding met bijlagen voor de heer A. Vondeling, 1933/1934, yn partikulier besit fan dochter Ysk Vondeling.

[19] Anne Vondeling, Platteland-Stad, yn: Jongeren en Democratie, mei 1937, p. 1.

[20] Ir. P.A. van der Sluis, Cultuurtechnische ontwikkelingen in de Friese Wouden na 1918, Drachten, 1963, p. 29/30.

[21] Dy ferkochten se yn 1958 oan it fersekeringskonsern R.V.S., Friese Koerier, 13 septimber 1958.

[22] Dr. A. Vondeling, De bedrijfsvergelijking in de landbouw, acad. proefschrift, Wageningen, 1948, p. 1.

[23] Verslag van de spreekbeurt van Vondeling in Appelscha, De Nieuwe Ooststellingwerver, 24 december 1947. Letter waard dy tematyk ûnder foarsitterskip fan Anne Vondeling útwurke yn it WBS-rapport Welvaart voor de Wouden (1953), p. 10 e.f.

[24] Sa die my bliken út it ferhaal fan de yntusken ferstoarne, doe 95-jierrige, âld-Appelskeaster Hinke Tjassing, petear op 14 april 2015. Jouke de Vries, Grondpolitiek en kabinetscrisis, ’s-Gravenhage 1989, miende dat de PvdA him mei de grûnpolityk better rjochtsje kinnen hie op it foarkarsrjocht fan gemeenten by de oankeap fan grûn; Vondeling hie ek each foar de hege lêsten fan nijkommelingen yn de lânbouwrâld.

[25] M.T. Braams-Beversluis, Vrijzinnig-Democratische Jongeren Organisatie 1923-1946, Utrecht, 1944, p. 14.

[26] Anne Vondeling, Naar een nieuwe orde, Jongeren en Democratie, december 1939, fgl. Vonhoff, p. 82.

[27] Meine Henk Klijnsma, Om de democratie. De geschiedenis van de Vrijzinnig-Democratische Bond 1901-1946, p. 673, ûnder ferwizing nei A. Vondeling, De vrijzinnig-democraten van 1936 en ’66, yn: De Democraat, december 1978.

[28] Anne Vondeling, Kort Verslag van de Gewestelijke Bijeenkomst in het ‘Swellenêst’ te Hemrik, Jongeren en Democratie, april 1937.

[29] Anne Vondeling, Naar een nieuwe orde, Jongeren en Democratie, december 1939.

[30] Socialisme (Fabian essays in socialism), Amsterdam, 1891, oersetten troch F.M. Wibaut, p. 41.

[31] De offisjele prognoaze wie dat der ûnder Slochteren 1100 miljard m3 gas oanwêzich wie; Vondeling ferklearre yn 1963 dat it op syn minst 2.000 miljard m3 wie. De NAM neamde dat in slach yn de loft. In jier letter fierde hy de prognoaze fan de reserves op nei 4.000 miljard m3, mar tocht dat in gasfoarried fan 6.600 miljard m3 wierskynliker wie. Minister Andriessen bestried dy sifers, mar kundige ûndersyk troch de Geologische Dienst oan. Dy kaam yn 1965 ta in oanpaste prognoaze fan 1647 miljard m3.

[32] Vondeling, Nasmaak en voorproef, p. 61.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.