Webstee EBLT yn de loft

Fan 21 maart ôf is it webstee fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) yn de loft. It EBLT wie earder ûnderdiel fan de Europeeske koepelorganisaasje EBLUL en hie sadwaande in plak op harren webstee. Sûnt 2010 bestiet dy koepelorganisaasje net mear. De leden fan it EBLT hawwe besletten dat it EBLT him oanslute sil by de Europeeske organisaasje Network to Promote Linguisitc Diversity (NPLD) en dat it EBLT trochgiet mei har wurk op nasjonaal en provinsjaal nivo. Dêrfoar is it nedich, dat der in nij logo en in webstee komme. Beide binne no sichtber op www.eblt.nl

It EBLT bestiet út fertsjintwurdigers fan 21 organisaasjes dy’t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk en it Nedersaksysk. Dit binne twa fan de talen dêr’t Nederlân ferplichtings hat tsjinoer de ynternasjonale mienskip, nei it yn wurking kommen (1998) fan it Europeesk Hânfêst foar regionale of minderheidstalen (Europees Handvest voor streektalen of talen van minderheden) fan de Rie fan Europa.

It EBLT soarget foar de promoasje en beskerming fan it Frysk en Nedersaksysk yn Nederlân en yn de Europeeske Uny (EU), de Rie fan Europa en harren ynstellingen. Hjirfoar wurdt wetlike en politike stipe socht op Europeesk, nasjonaal en provinsjaal nivo.

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.