• 17 december 2014

    GERBEN DE VRIES -  It hat my altiten yntrigrearre wêrom't minsken faak al nei inkelde desennia útsjoen binne op neiooarlochske nijbouwwiken. Moatte der huzeblokken fan somtiden mar tritich jier âld wike foar oare projekten, dan is it foar de gemeente gjin probleem om dy gebouwen mei de grûn lyk te meitsjen. It liket der op as binne wethâlders en beliedsmakkers bliid dat se wer sa'n grouwélich [...]

  • 12 juni 2013

    SITO WIJNGAARDEN -  Nei inkelde lytsere útjeften oer it wurk fan keunstner Willem van Althuis (1926-2005) ferskynt no freed ‘Willem van Althuis – Achter de horizon’, in ryk yllustrearre katalogus mei ferskate net earder publisearre wurken fan de skilder. De fan oarsprong strjitmakker Van Althuis begûn op syn fjirtichste pas te skilderjen en eksposearre twa jier nei syn debúttentoanstelling al yn it Stedelijk Museum yn Amsterdam. [...]

  • 1 november 2004

    THOM MERCUUR - Ik hâld fan België en fan de Belgen. Dat hat ûnder oare te krijen mei hoe’t se mei keunst en keunstners omgeane. Keunstners binne dêr gjin ‘outcasts’, mar hearre derby. Se nimme, lykas de pastoar, in spesjaal plak yn. Yn de kroech fan Machele aan de Leije, it wenplak fan de skilder Roger Raveel, hinget syn keunst. De minsken binne der grutsk [...]