• 1 oktober 2013

    MARRIT DE SCHIFFART -  It liket in bûnt ferskaat, de kolleksje fan de Jouster Rolf van Hulten. Oan de wite muorren fan Museum Belvédère hinget foaral abstrakte keunst, en dochs: hjir en dêr skimeret der wat figuratyfs trochhinne. Fryske skilders yn de skynwerpers? Ja, mar dêrneist hinget ek wurk fan nasjonale en ynternasjonale keunstners. En dan is der ynienen dy fitrine mei Song keramyk út [...]