De Fryske Kaspar Hauser

Op sneon 3 oktober is der in feestlike ôfsluting fan de eksposysje HAUSER fan Annemarie Estor en Lies van Gasse. ‘de Moanne’ en Tresoar hawwe fiif dichters frege om mei harren eigen ynterpretaasje te kommen fan it Kaspar Hauser ferhaal. Elske Kampen, Anne Feddema, Arjan Hut, Eeltsje Hettinga en Tsead Bruinja bringe jo in oere […]

Utnoadiging HAUSER-eksposysje

Op 29 augustus iepenet ‘HAUSER, In multimediaal epos’ troch Annemarie Estor en Lies van Gasse. Tresoar en de Moanne noadigje jo fan herten út om hjirby oanwêzich te wêzen. De njoggentjinde-iuwske figuer Kaspar Hauser (1812-1833) ynspirearret al hast twahûndert jier ferskate keunstners en skriuwers. Meast resint lieten Annemarie Estor en Lies van Gasse út Flaanderen harren ynspirearje troch Hauser […]

‘HAUSER heeft het geheel van een expositie nodig.’

TSJOMME DIJKSTRA –  Fan sneon 29 augustus ôf is de eksposysje HAUSER te sjen yn Tresoar. Dizze eksposysje toant it resultaat fan it artistike gearwurkingsprojekt fan keunstners en dichteressen Annemarie Estor en Lies van Gasse oer de mysterieuze figuer Kaspar Hauser dy’t yn 1828 opdoek yn Neurenberch en de wrâld – ynklusyf wittenskip – troch […]

Tentoanstelling: Hauser

Yn de tentoanstelling ‘Hauser’, in ynisjatyf fan Tresoar en de Moanne (iepening sneon 29 augustus om 14.00 oere), ûntdekke jo ûnder oaren de orizjinele poststikken wêrmei’t de dichters Annemarie Estor en Lies van Gasse elkoar fjouwer jier lang alle wiken ferrasten. Annemarie Estor en Lies van Gasse wurken fan 2009 oant 2013 oan it projekt Hauser. […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.