• 12 juni 2013

    SITO WIJNGAARDEN -  Nei inkelde lytsere útjeften oer it wurk fan keunstner Willem van Althuis (1926-2005) ferskynt no freed ‘Willem van Althuis – Achter de horizon’, in ryk yllustrearre katalogus mei ferskate net earder publisearre wurken fan de skilder. De fan oarsprong strjitmakker Van Althuis begûn op syn fjirtichste pas te skilderjen en eksposearre twa jier nei syn debúttentoanstelling al yn it Stedelijk Museum yn Amsterdam. [...]