fotografy: Hans Jellema

Spesjale Explore the North-edysje fan ‘de Moanne’

It poadium foar keunst en kultuer yn Fryslân, de Moanne, en Explore the North wurkje gear yn oanrin nei it festival dat dit jier wêze sil op 25 en 26 novimber yn de binnenstêd fan Ljouwert. Foarôfgeand oan it festival ferskynt der in spesjale edysje fan de Moanne dy’t folslein yn it teken stiet fan Explore the North. Dizze spesjale útjefte sil in wike foar’t it festival fan start giet by de abonnees op ’e matte lizze.

Yn dizze spesjale edysje fan de Moanne bydragen oer Terry Riley in C troch it NNO, de Stichting Hobbyrock, de skriuwers Joost Oomen en Marleen Nagtegaal, The Black Atlantic fan Geert van der Velde, Rob Leemhuis oer Islam Chipsy, Chantal Acda, in ynterview mei skriuwer Willem Schoorstra, de teaterfoarstelling fan HOMSK: ‘So happy together’ en noch folle mear.

de Moanne ferskynt 7 kear yn it jier en wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en beskôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten, en lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. de Moanne ferskynt op it web, op papier en organisearret ek live-moetings.

Explore the North fynt plak yn Ljouwert op 25 en 26 novimber. De histoaryske binnenstêd wurdt brûkt as poadium foar muzyk, literatuer, byldzjende keunst en mear. Passepartouts kostje €35,00, in deikaart foar freeds kostet €12,50, in deikaart foar de sneons kostet €27,50. Bestelle kin fia: www.explore-the-north.nl.

 

Oer Explore the North

Explore the North is in breed, leechdrompelich winterfestival dat de prachtige histoaryske binnenstêd fan Ljouwert as poadium brûkt foar de presintaasje fan muzyk, literatuer, byldzjende keunst, teater en oare keunstfoarmen. It programma is foar in part ynternasjonaal, lokaal en yn it bêste gefal in kombinaasje fan beide.

It festival presintearret spannende artysten, fasilitearret de ûntwikkelingsmooglikheden fan nije projekten en artysten en inisjearret sels multydissiplinêre gearwurkingsprojekten. Dêrby siket Explore the North nei it moaiste dat it kulturele libben yn it moderne Fryslân te bieden hat en noeget it festival dêrby in grut tal ynternasjonale gasten út.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.