Nûmer 5

Tik, tik, typ, typ, tik, tik, ratsssss. Tik, tik, typ, typ, tik, tik, ratssssss. Tik, tik, typ, typ, tik, tik, ratsssss. Tik, tik, typ, typ, tik, tik, ratssssss. Tik, tik, typ, typ, tik, tik, ratsssss. Tik, tik, typ, typ, tik, tik, ratssssss. Tik, tik, typ, typ, tik, tik, ratsssss. Tik, tik, typ, typ, tik, tik, ratssssss. Tik, tik, typ, typ, tik, tik, ratsssss. Tik, tik, typ, typ, tik, tik, ratssssss.

By de iepening fan it kulturele seisoen op it UIT-Festival iepene ‘de Moanne’ in âlderwetske redaksje midden yn de Ljouwerter Prinsetún. Tweintich âlderwetske buro’s en likefolle typemasines. Elkenien koe oanskowe en meiskriuwe oan it UIT-nûmer fan ‘de Moanne’.

Yn dit spesjale nûmer fan ‘de Moanne’ de moaiste, raarste, leafste, meast ferwûnderjende en ferrassende kopij dy’t op it UIT-Festival skreaun is troch in redaksje fan mear as hûndert nije ‘Moanne’-meiwurkers.

It UIT-nûmer fan ‘de Moanne’ wurdt jo oanbean troch de redaksje fan ‘de Moanne’ en yn it bysûnder troch stedskeunstner Jamila Faber, Nick de Mooij fan de typemasines, it UIT-Festival, striptekener Skelte Braaksma, Leeuwarden Studiestad, teaterresinsint Marit de Weerd en de mear as hûndert meiwurkers dy’t op it UIT-Festival meiskreaun hawwe oan dizze typyske ‘Moanne’.

Ek ris meiskriuwe? ‘de Moanne’ is altyd op syk nei minsken dy’t goed skriuwe kinne en skerp tinke. Bydragen, reaksjes, opmerkings en ideeën binne fan herte wolkom en kinne stjoerd wurde nei: reaksje@demoanne.nl.

 

Wendy de Jong, stazjêre fan ‘de Moanne’

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.