It lân neist ús

SYDS WIERSMA – 

Doe’t filmmakker Henk Penninga fjouwer jier lyn ophold mei lesjaan oan de Noardlike Hegeskoalle, krige er fan syn partner en produsint Wieke Mollema in digitale filmkamera kado. Henk woe dêrmei oefenje en eksperimintearje. By syn measte films liet er it kamerawurk oan oaren oer. Hy wie de betinker, skriuwer, tarieder, regisseur fan syn films, mar noait de kameraman of de editor. No is der in nije film, hielendal sels makke. ‘Foar nul sinten, mar in soad tiid’, laket er. It lân neist ús. Berjochten fan de keukentafel is de titel. De film waard selektearre foar it ynternasjonale filmfestival yn Eskisehir, Turkije, en gie dêr begjin maaie yn premjêre.

Trije jier hat de Sony HD by Wieke en Henk thús op ’e keukentafel lein. As der wat bysûnders te sjen wie, draaiden se. Mar de kamera bleau op it hiem, meast op ’e keukentafel en mei it fizier op it lân. Tuskentroch ferven se it hûs ôf, wienen yn ’e grientetún oan ’t wurk en begelieden binnen- en bûtenlânske stazjêres. It filmmakkersduo wennet op Moaije Peal, nûmer 1-A, yn in arbeidershúske oan de Hegedyk boppe Berltsum, krapoan in kilometer ûnder it busstasjon by Minnertsgea. ‘Oarspronklik hiet it hjir de Griene Dyk,’ seit Penninga. ‘De tramline tusken Moaije Peal en Ljouwert, oer Berltsum, Bitgum en Marsum, davere oant healwei de jierren sechtich foar de ruten del. It talúd fan de dyk is no ús tún en bosk. Der steane swarte elzen en esken. It selsplante bosk jout poerbêst kachelhout. Wy hawwe gjin gas en libje safolle mooglik fan wat it hiem ús jout. No hat it ús dus ek in film jûn. Wy wisten dat dat deryn siet.’

De keukentafel sjocht út oer it boulân ûnder Minnertsgea. De loften boppe it Waad en it lân wurde troch in lange hoarizon oaninoar ritst. Penninga: ‘Op it lân bart altyd wat. Ljocht, waar, wurk, lûden, kleuren, loften, it is alle dagen oars. It idee fan de film begûn by de flear yn de sleatswâl njonken it hûs. Dy nimt alles yn him op en kin de moaiste ferhalen fertelle. Dêrom woe ik him filmje, út ’e keuken wei en bûten yn ’e wâl. Doe’t wy de flear en it lân in perioade folge hienen, krige er in stim. Hy fertelt it ferhaal fan it lân en de minsken. De fertelling skreau himsels út de bylden wei en waard in skeppingsferhaal.’

‘Yn it oerbegjin fan de tiid, dêr’t de grutte leechte huze, kamen it Easten, Westen, Noarden en Suden byelkoar om te oerlizzen. Watfoar eigenskippen soe de mins hawwe moatte? De mins moat sterk en swak, striidhaftich en freedsum, gemien en earlik, steech en maklik wêze. En dat allegearre, mar net tagelyk en op itselde plak.’ Sa begjint de film. Rôze tulpefjilden lizze keninklik te pronkjen en wurde koppe. Bern rinne oer bêden fan tulpebledsjes en knakke de lêste kopkes dy’t oan it mes fan de masine ûntkommen binne. Gjin stimmen, inkeld fûgellûden, muzyk en de stimme fan Jenkie de Leeuw, dy’t Penninga syn skeppingsferhaal ynsprutsen hat. ‘Wy hawwe har keazen om it naturel fan har Frysk en it bytsje rokerich-rûge fan har stimme.’

Healwei de film seit de fertelster: ‘Mar net alles wat der is, kin in namme krije, om’t de mins net alles tsjutte kin.’ It jout in mystike lading oan de bylden. As sizze de fjouwer winen tsjininoar: Der moat romte wêze foar it (film)byld en de (film)muzyk om út te drukken wat de mins net tsjutte kin. It is Penninga syn fyzje op it bestean. En dêryn is romte foar it besef dat de mins, de keunstner yn it bysûnder, libbet fan wat him tafalt. Dat besef hat Penninga yn ‘It lân neist ús’ folslein talitten. ‘Ik haw my trije jier oan it lân oerjûn en haw noch noait safolle kadootsjes hân.’ Sa waard it in ferhaal oer skepping, mar ek oer ynspiraasje en miskien genede. ‘Nim no de sêne mei de hynders. Der hat trije moanne in keppel wylde hynders fan Lootsma yn it lân neist ús omrûn. Magysk wie dat. Op in moarn moasten se yn in grutte wein dreaun wurde. Mei ingelegeduld hawwe fjouwer man in heale dei dwaande west om dat foarelkoar te krijen. Stadichoan waard de keppel wurch. Wy hawwe alles filme. Der binne in pear minuten fan oerbleaun. It is in kaaisêne yn de film wurden.’

‘It lân neist ús’ liket goed te passen yn Penninga syn filmoeuvre. Syn bekendste films bliuwe ticht by hûs. ‘Doarp’ (1995) is in dokumintêre (‘in filmgedicht’, seit Penninga) oer it libben yn Minnertsgea en omkriten. ‘Ald Dyk’ (2007) is in filmportret fan de Alde Biltdyk, de langste dyk fan Nederlân, dy’t by de Monnikebiltdyk begjint en 1229 húsnûmers fierder einiget op ’e Dykshoeke, foarby de Westhoek. Neffens Penninga is der in wichtich ferskil tusken dy beide films en syn nijste. ‘De earste beide binne dokumintêres, “It lân neist ús” is in ferslach. Ferlykje it mei it literêre ferskil tusken in essay en in deiboek. In essay jout in kreative fyzje op in ûnderwerp, in deiboek folget wat der bart en bereflektearret dat. De krêft fan it deiboek leit yn de spontaniteit. It stiet, as it goed is, folslein iepen foar wat der op de skriuwer takomt. Myn kamera hat it lân folge, en it skeppingsferhaal dat yn my opkaam en de montaazje fan de bylden binne dêr de refleksje op.’ Spontaniteit is in sintraal elemint yn Penninga syn films. Hy neamt it ‘de organisaasje fan it tafal’. ‘Nim no Tietsje yn “Ald Dyk”. Sy woe perfoarst net fan foaren filme wurde. Mar op in stuit woe se ús op ’e foto sette. Se rôp: “Henk, kyk noch ’s even.” Dat wie it momint dat wy de kamera draaie lieten. In prachtshot! En doe fûn se it goed dat wy it brûkten. Of doe’t wy yn de pream by it hûs fan Piet en Tietsje delfearen. Piet skarrele krekt by it trepke tsjin ’e dyk del.’

Yn maaie hie ‘It lân neist ús’ syn wrâldpremjêre op it filmfestival yn it Turkske Eskisehir. Henk en Wieke koenen dêr sels net by wêze. Te djoer. It publyk wie entûsjast. De Penninga’s binne yntusken útnûge, mei fergoeding fan fleantickets en ferbliuw, foar it filmfestival yn Konya, yn Súdwest-Turkije. Dêr sille ek oare films fan Henk fertoand wurde. Hy is boppedat frege om dêr in lêzing te jaan oer de ‘universele krêft fan films, makke yn de eigen omkriten’. Wieke, mei-eigner fan Noorderlicht Film en produsint en distributeur fan Henk syn films, hat ‘It lân neist ús’ foar ferskate ynternasjonale filmfestivals ynstjoerd. Se hopet de kommende moannen op tasizzings en nominaasjes. Mollema: ‘Wy hawwe it gefoel dat de film it ynternasjonaal goed dwaan sil. Dit lân hjir, en hoe’t it bewurke wurdt, is sa bysûnder. Dat sjogge wy yn Fryslân sels hast net mear. Mar foar minsken dy’t it foar it earst yn byld sjogge, is it sensasjoneel. Hoe moai soe it wêze, in poëtyske, hast ûnfryske film oer in lyts mar typysk hoekje Fryslân giet yn 2018 de wrâld oer!’ Hoe’t it ek komt, ‘The field next to us. Messages from the kitchen table’ draait yn alle gefallen yn novimber op it Noardlik Film Festival, hat programmeur Fredau Buwalda witte litten.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.