Susan van den Berg
fotografy: Susan van den Berg

IM – Susan van den Berg

TIALDA HOOGEVEEN –

Ta ús fertriet krigen wy hjoed it berjocht dat Susan van den Berg juster op 49-jierrige leeftiid ferstoarn is as gefolch fan in autoûngelok. Susan wurke as konservator foar Museum Belvédère en skreau in soad artikels oer keunst foar kranten en tydskriften, wêrûnder De Moanne. Sy lit in grutte leechte achter yn kultureel Fryslân.

Keunst tichter by de minsken

Susan wie in grutte kenner fan keunst en keunstskiednis en wist mei har teksten keunst tagonklik te meitsjen foar in grutte groep minsken. Sûnder troch de knibbels te gean naam sy de lêzer by de hân en iepene him de eagen foar fysjes op en de wrâld achter in keunstner of keunstwurk. Sa hat se tal fan minsken tichter by de keunst brocht, of: de keunst tichter by de minsken.

It boek 'Een fragment van leven' oer it wurk fan Jochem Hamstra, skreaun troch ûnder mear Susan van den Berg

It boek ‘Een fragment van leven’ oer it wurk fan Jochem Hamstra, skreaun troch ûnder mear Susan van den Berg

As gjin oar koe Susan bygelyks de persoan efter keunstner Sjoerd de Vries yn wurden skilderje. Krekt sy krige syn fertrouwen, soks wie foar in pear weilein. It wie har tastien om it persoanlik argyf troch te nimmen en skoften by him yn syn atelier te wêzen om syn siel bleat te lizzen. It risseltaat is mear as in boek, it is in bydrage oan de beskreane Fryske skiednis dy’t foar de ivichheid is.

Susan hat mei har wurk fan grutte wearde west foar de Fryske kultuerskiednis en de keunst en kultuer yn Fryslân. Yn har teksten socht se de ferdjipping, sa brocht se keunstners as Jan Mankes en Willem van Althuis yn in oar deiljocht. Mei har ûndersykswurk achter de skermen nei keunstners wie se fan grutte wearde foar Museum Belvédère. It liede ta moaie bydragen oan de boeken dy’t útkamen by de eksposysjes.

Diet Huberpriis

Dêrneist fersoarge sy as freelancer teksten yn opdracht fan samlers, keunstners of kulturele ynstellingen. Yn 2013 kaam har monografy oer Willem van Althuis Achter de horizon út, it boek krige in twadde printinge. Ek siet se mei Margaretha Cats en Dolf Verroen yn de sjuery foar de earste Diet Huberpriis foar it moaist yllustrearre berne- of jongereinboek dat foarich jier wûn waard troch Miriam van Houten foar har yllustraasjes yn har boek By beppe útfanhûs.

Resint wie Susan iroanysk genôch as konservator belutsen by de eksposysje Als de dood dy’t op it momint fan skriuwen opboud wurdt yn Belvédère. It is in groepstentoanstelling wêryn dit grutte tema troch útienrinnende keunstners – keunstskilders, fotografen, byldhouwers en dichters – fan ferskate kanten beljochte wurdt.

Op 6 febrewaris ferûngelokke Susan op de N358 bij Augustinusga, neidat har auto yn botsing kaam mei in frachtwein. Sy lit in freon achter. Wy libje as redaksje mei mei har man, heit en alle kollega’s dy’t no fol ferbjustering stil en leech efterbliuwe.

Comments
2 reaksjes oan “IM – Susan van den Berg”
  1. dolf verroen schreef:

    Verschrikkelijk, iemand zo betrokken bij alles, zo overtuigend in haar werk, zo jong.
    Onbegrijpelijk.

  2. Maarten van Doremalen schreef:

    Onbevattelijk en onbegrijpelijk dit grote verlies van de enthousiaste en sprankelende Susan. Altijd bezig met kunst op een hoog niveau zonder ooit hoogdravend te zijn. Nieuwsgierig, doeltreffend, betrokken. Onvermoeibaar bezig met de promotie van kunst. Een zwaar verlies voor Museum Belvedere, voor de Moanne, voor cultureel Fryslân en voor alle mensen die haar kenden.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.