IM Piter Zwart

Publisearre op 27 maart 2024

GERRIT HOFSTRA – 

Under grutte belangstelling is op freed 8 maart yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert de ôfskied nommen fan Piter Zwart. Zwart wie Tiimlieder Orkestsaken by it Noord Nederlands Orkest en earder Haad Kultuer by Omrop Fryslân en warber yn de Fryske kulterele wrâld. Under oaren as foarsitter fan de provinsjale advyskommisje poadiumkeunsten, lid fan de advysgroep kultuer fan de gemeente Ljouwert en foarsitter fan it iepenloftspul yn Snakkerbuorren. Foar syn betsjutting foar de kultuer yn it noarden waard hy beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

– – – – –

Gerrit Hofstra learde Piter Zwart yn 1990 kennen yn de lieding fan it simmerkamp op de Folkshegeskoalle op Skylge. Letter waarden se kollega’s by Omrop Fryslân. Hofstra is tsjinwurdich wurdfierder fan Arno Brok en lies op de ôfskiedstsjinst Piters lêste wurden foar.

– – – – –

In kultuerman, sa neamde Piter him sels yn in ôfskiedsynterview yn de Ljouwerter krante op 3 febrewaris dit jier. Hy utere dêryn syn noed oer de kultuer. ‘Besunigje net op kultuer. Kultuer is fan eltsenien.’ Striidber en noch fol fjoer.

Wy ha yn ús tiid by de Omrop tal fan moaie programma’s makke. It Oerol-sjoernaal wie ien fan de hichtepunten. Hjiryn kaam alles gear: de leafde foar Skylge, Oerol, kultuer en it meitsjen fan relevante en kreative programma’s en it wurkjen yn in fijn tiim.

Njonken it wurk bouden wy in freonskip op. Geregeld kamen ús gesinnen byinoar te iten en spultsjes dwaan. Underwilens hiene wy mei elkoar de moaiste petearen. Sa at it gean kin hawwe elkoar ek in skoftke minder frekwint troffen. Ferline jier pakten we tried wer op. Gespreksstof genôch. Piter fertelde dat hy wat lest hie fan de rêch. Neat slims, tocht hy. It blykte alfleisklierkanker.

Piter krige de leafde foar kultuer fan jongs ôf oan mei. Hy groeide mei syn broer en twa suskes op yn Deinum, yn in harmonieus gesin fol kreativiteit, muzyk en kultuer. Piter dreamde fan in ‘groots en meeslepend leven’ as akteur. Mar nei fiif mislearre pogingen op de toanielskoallen fan Arnhim en Maastricht en in mislearre audysje foar it konservatoarium, waard it de Ubbo yn Ljouwert. Dêr moete hy syn grutte leafde, Sjoukje Jager.

Tegearre sieten se yn de lieding fan de simmerkampen op Skylge. Piter bedarre ek yn it bestjoer fan de Folkshegeskoalle. By tafal rûgele hy yn de telefyzjewrâld. Hy waard produsint fan in sportprogramma fan de NCRV, wylst hy, fûn hysels, kwealik ferstân hie fan sport. Hilversum wie net syn wrâld. Hy wie dan ek bliid dat hy as Haad Produksje by de Omrop oan de slach koe. It wiene de begjinjierren fan de regionale telefyzje. Pionierje, in geweldige tiid. Piter wie belutsen by Simmer 2000 produksje, lei de basis foar de earste Frysktalige regionale soap Baas Boppe Baas, dokumintêres en wat al net mear. Hy klom op ta haad kultuer. Dat hy nei 23 jier goed funksjonearen it fjild romje moast by in reorganisaasje, hat him altyd sear dien.

Hy bedarre by it NNO as teamleider Orkestsaken en wie ek dêr ferantwurdlik foar tal fan bysûndere projekten. Syn krêft om bysûndere ferbinings te lizzen kaam ta syn rjocht. Sa inisjearre hy kontakten tusken it NNO en AZC’s en mei de amateurmuzyksektor. Projekten mei maatskiplike ympakt.

Underwilens wie Piter ek aktyf yn de iepenloftspulwrâld en stie op de planken by it iepenloftspul fan Snakkerbuorren. Yn 2016 wûn hy in Gouden Gurbe foar bêste byrol. Piter waard ek bestjoerslid fan Iepen DoEk. Hy wie noch lang net klear en siet noch fol plannen en ambysjes.

Op tongersdei 14 desimber waard hy mei in ferlechje nei Duhoux yn Wurdum helle, dêr’t boargemaster Buma him yn bywêzen fan famylje, freonen riddere.

‘Ik wil jou typeren als zo’n kracht die cultuur op een formidabele manier zichtbaar weet te maken. Je bent iemand met een groot hart voor kunst en cultuur. En speelt een belangrijke rol bij de ontwikkeling van de Friese cultuur. Mensen om jou heen menen dat het culturele klimaat in Friesland er zonder jou anders uit zou zien. Jouw expertise en creativiteit helpen generaties cultuurmakers de toekomst in.’

Piter wie ferbjustere troch de wurden fan Buma. ‘Ik ha nea it idee hân dat ik wat bysûnders die,’ sei hy ferstuivere. It wie de kroan op syn wurk.

Ek yn de lêste bizarre perioade hâld Piter de rezjy. Nei it net oanslaan fan de gemo stie syn moedige beslút fêst. Syn Sjoukje en syn bern Emma Rixt en Luka Anne Matte moatte sûnder him fierder. Syn grutte passy kultuer soarge foar ôflieding, treast en krêft. Hy fûn rêst by it skilderjen. De doeken sierden de grutte tsjerke by it ôfskie.

Piter wie beskieden, gedreven en ek wol wat eigenwiis. Hy seach de wearde fan kultuer as maatskiplik bynmiddel en de krêft fan ferwûndering en ferbylding. Yn hiel syn karriêre sette hy altyd oaren yn it ljocht, bleau sels op de eftergrûn. Op 8 maart wie it poadium foar ien kear foar him. In steande ovaasje wie syn diel.

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels