Gysbert Japicxjûn mei Kees van Leeuwen en Aggie van der Meer

Publisearre op 25 oktober 2011

Boalsert – Freedtejûn oansteande, 28 oktober, is der yn it Gysbert Japicxhûs in noflike jûn organisearre mei sprekkers en fertellers oer it libben en it wurk fan Gysbert Japicx.

Kees van Leeuwen, berne oan de Delftse Schie, is byldzjend keunstner en wennet al jierren yn Boalsert. Yn 2007 hat van Leeuwen in boek útjûn mei ôfbyldings dy’t hy makke hat by it wurk en gedichten fan Gysbert Japicx. De ôfbyldings binne yn werklikheid skilderijen dy’t yn it Gysbert Japicxhûs te sjen binne. Van Leeuwen sil fertelle oer hoe syn libben as keunstner ûntstien is, wat him ynspirearre hat yn it wurk fan Gysbert Japicx en hoe’t it is om as ‘net-Fries’ konfrontearre te wurden mei de Fryske taal.

Aggie van der Meer, ek ynwenner fan Boalsert, makket de lêste 10 jier poëzy en skriuwt ferhalen, romans en toanielstikken.

Op de jûn oer Gysbert Japicx sil frou van der Meer foardrage út har boek dêr’t sy skriuwt oer in moeting mei Gysbert Japicx. Aggie van der Meer is dit jier winner wurden fan de Piter Jelles Priis mei har histoaryske boek ‘Oerfeart’. Ek frou van der Meer sil út de doeken dwaan hoe’t sy as skriuwster trochbrutsen is.

De jûn mei dizze sprekkers sil ôfwiksele wurde mei muzyk fan de Fryske komponist Paulus Folkertsma, in bakje kofje en in Fryske lekkernij.

De jûn begjint om 20.00 oere. As jo it programma yn it Gysbert Japicxhûs oan de Wipstrjitte 6 yn Boalsert bywenje wolle, dan graach efkes opjaan. Tel: 0515-573990 of E-mail: ynfo@gysbertjapicx.nl

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels