Ferhalen en muzyk op MidSimmerJûn yn Rie

Publisearre op 31 mei 2012

Tal fan artysten op woansdei 20 juny

Rie – In festival fol mei moaie en leuke ferhalen en muzyk. Om yn styl en sfearfol mei elkoar de langste dei fan it jier te fieren. Dat is de MidSimmerJûn yn Rie. Fanwege it skrikkeljier is de langste dei dizze kear net op 21, mar op woansdei 20 juny. Tusken 19.00 en 24.00 oere binne der allegear foarstellings en optredens yn it doarp en sjogge wy mei elkoar de sinne ûndergean.

MidSimmerJûn begjint om 19.00 oere mei in konsert fan de band The Tranquis, mei prachtige teksten en melodieuze harkmuzyk. Om 20.00 oere startet in omgong troch it doarp, en krijt elkenien fjouwer foarstellings te sjen. Ien dêrfan wurdt jûn troch dichter/performer Nyk de Vries. Hy stie al op tal fan ynternationale poadia en makket oeral yndruk mei syn foardrachtskeunst.

It echtpear Jan Arendz & Marijke Geertsma sil sterke ferhalen fertelle, sa’t se dat ek súksesfol dienen yn harren foarstelling Sterk Staaltsje. Singer-songwriter Jan de Vries jout in optreden, en it duo Peter Vermaat en Douwe Kootstra fertelt ferhalen.

Dan, om 22.00 oere, giet de jûn fierder op de iisbaan. Hjir sjogge wy de sinne ûndergean en spilet it muzykkorps de LB Band. Dêrnei jout Emiel Stoffers fan De Hûnekop in solo-optreden. De jûn wurdt ôfsletten mei in moai konsert fan The Feetwarmers.

Om 0.00 oere is de MidSimmerJûn dien, en hat elk foar net mear as 7,50 euro (kassa 10 euro, bern o/m 12 jier fergees) in prachtige jûn hân. Dat is noch gjin euro per foarstelling! De foarferkeap is yntusken begûn. Kaarten bestelle kin fia ynfo@midsimmerjunrie.nl, of sjoch op www.midsimmerjunrie.nl.

By min waar hat it festival plak op binnenlokaasjes. Der is op woansdei 20 juny gjin fuotbalwedstryd op tv, dus gjinien mist wat fan it EK.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels