De doarpskrêft fan Burdaard

NHL-Studinten Anouk Jager, Siemy-Anne Siderius, Jildou Tolsma, Janna Rozema, Regina Sandstra en Alinda Stam fan de oplieding Communicatie hawwe justerjûn op it Filmfestival ‘Doarpskrêft’ de sjuerypriis wûn mei harren film ‘It klopjende hert fan Burdaard’.

Sa’n 150 studinten krigen earder dizze wike de opdracht om in koarte film te meitsjen om de krêft fan it doarp yn byld te bringen. Alle ferhalen tegearre moatte tegearre in portret foarmje fan it doarpslibben yn Fryslân.

De sjuery, besteande út Fredau Buwalde fan it Noordelijk Film Festival, Janko Krist, programmamakker en Annet Huisman, dokumintêremakker, keas úteinlik de koarte film oer Burdaard as winner om’t it neffens de sjuery in tûke set west hat om de doarpssupermerk sintraal te stellen. De publykspriis gei nei in film oer Arum. De films wurde oanbean oan it Fries Film Archief.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.