De Pennel-app is live!

Publisearre op 13 januari 2016

De Pennel-app foar lêzers èn skriuwers is live! Upload dyn ferhaal of gedicht. En lês, lústerje en beoardielje alle moannen fiif nije fragminten. De Pennel-app is fergees te downloaden foar iPad en Android tablets. Mear witte oer de Pennel-app? Besjoch de webside.

 

De Pennel app wol op in tagonklike wize in grutter publyk yn ’e kunde komme litte mei Frysktalige boeken, ferhalen en gedichten.

 

Lêzers fertsjinje skriuwers
Lêsto graach Frysktalige boeken? Komst graach yn oanrekking mei Fryske poëzij? Miskien soesto sels wolris in resinsje skriuwe wolle? De Pennel app biedt skreaune en sprutsen teksten fan skriuwers dy’t harren wurk (noch) net fia in útjouwer publisearje, mar wol graach harren wurk lêze litte wolle. Alle moannen stean der fiif nije tekstfragminten klear om lêzen, belústere en beoardield te wurden.

Skriuwers fertsjinje lêzers
Hasto wolris wat yn it Frysk oan it papier of it byldskerm tabetroud? Tinksto der wolris oan om it op te stjoeren nei in útjouwer of sels te publisearjen? Dan soe it ynstjoeren fan dyn tekst nei de Pennel app in moaie earste stap wêze kinne. De app biedt (aspirant) skriuwers en dichters in poadium en bringt harren wurk ûnder de oandacht fan lêzers en útjouwers.

De Pennel app wol op in tagonklike wize in grutter publyk yn ’e kunde komme litte mei Frysktalige boeken, ferhalen en gedichten. De app is in ynisjatyf fan Buro KLEI, yn gearwurking mei kultureel opinyblêd de Moanne en is ta stân kommen mei finansjele stipe fan de Provinsje Fryslân.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels