De Underlinge 

Publisearre op 6 april 2020

BOUKE VAN DER HEM – 

It berjochtsje wie woansdeitemoarns op it yntranet delkwattele, der stie gjin namme ûnder, allinnich dat it fan de OR ôfkomstich wie. Meastentiids gienen berjochtsjes út dy hoeke oer gearkomsten, kursussen, enkêtes, in fytsplan of in regeling foar it frijwillich dielnimmen oan it personielsreiske. Se waarden ornaris mar in bytsje lêzen, der wie ris troch personielssaken ûndersyk nei dien; de gearfetting dêrfan ferskynde mei fertraging, posityf ynkleure en ûnder ‘Algemeen’ op it net. Mar no yn krisistiid moast alles en elts op skerp.

 

‘Jitske, nog bedankt voor m’n overheerlijke regio-gebakje!’

 

Evensagoed, der foel ûnder Actueel neat mear te lêzen as dat yn de grutte kantine in tradysjonele gebaksdoaze stie, want Jitske Popma fan Sales hie jierdei hjoed. En dêre – op de tafel tusken in hege palm en in mânske faren – stie de doaze Oranjekoek, natuurlijk van uw warme bakker. Yn de fierders lege doaze lei as ûntsnappinkje út de delgong – ja, in weach kantoarhumor rôle jin yn ‘e mjitte – de practical joke op wc-papier skreaun: ‘Covid 19-vrij. Lekker 1 april!’ 

De folgjende moandei stie der in message op it yntranet, de CEO – de man dy’t yn it ynterview by syn oantreden sei op syn iennige kantoardei it leafst casual op de mountainbike te kommen – , dy man appte:  

‘Wy lokwinsje us mevr. Popma. Het is zó belangrijk om attent, vriendelijk en toch scherp te zijn. Want, remember, onze goals blijven (aan de top net zo goed als in de OR) altijd de cc’s: customer centered & company connected! Alleen zo doende werken wij op ons aller ACHMEA-fbto de calorieën én de crisis met voldoening ook weer weg. Jitske, nog bedankt voor m’n overheerlijke regio-gebakje!’

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels